Poésie paraplu #2

Publisearre op 29 januari 2013

SYTSE JANSMA –

Twa ‘Oneminutes’ ynspirearre troch ‘frou mei oranje paraplu’ fan Tiny Mulder. As ynspiraasje foar dizze twa films brûkte Sytse Jansma it fers ‘frou mei oranje paraplu’  fan Tiny Mulder. Fral har boartlike wize fan dichtsjen hat Jansma brûkt foar beide films. It binne net ferbyldingen fan it fers, mar nije automome ien-minútfilms ûntstien troch it fers.

It fers befettet in soad muzikaliteit. It hat wat fan in Frânske sjanson. Rigels fleane maklik yn inoar oer, sels it Frysk siket kombinaasjes mei it Frânsk. De tematyk is swier, mar lichtfuottich brocht. In frou yn it grize hielal. De nitichheid fan de minsk. Mar as antwurd dêrop hat de frou in oranje paraplu. Se is net bitter. Se dûnset troch de reinende strjitten. In oranje paraplu as metafoar foar de leafde dy’t alles drage kin. Belústerje Frou mei paraplu – Tiny Mulder, ynspurtsen troch Baukje Wytsma.

Poésie paraplu #2
Yn dizze oneminute binne ferskate techniken brûkt. Der is û.o. gebrûk makke fan stop-motion mei houtskoal foar de achtergrûn. It begjint mei in reinbui fan paraplu’s.  Dêrnei komme we yn in soarte fan dreamwrâld mei paraplu’s. Alles wat we sjogge referearet oan in natuerwrâld sa’t wy dy kenne, mar dochs wer oars. Yn de ‘grize kertieren’ is in wûnderlike wrâld te finen.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels