‘It wurk is dien, de flier is frij’

Publisearre op 26 maart 2014

ARJAN HUT – 

Eddy Dykstra is mei pensjoen, mar dat hâldt net yn dat er him tenei achter de geraniums ferskûlje sil. Krekt oarsom. De sjonger en ferskeskriuwer fan Kanadeeske komôf hat inkeld ôfskie nommen fan it leararebestean. It muzikant-wêzen, dat lit him net bedimje. Sa’n fjouwer jier nei syn lêste album ‘Together’, opnommen mei syn soannen Rik en Jasper, bringt er no de EP ‘Fryske Grûn’ út.

Kanada en Fryslân, dat binne de hieltyd weromkearjende tema’s yn it wurk fan Dykstra. Hy kombinearret teksten yn it Ingelsk mei teksten yn it Frysk. De fiif nije ferskes op ‘Fryske Grûn’ binne lykwols allegear Frysk. Dat past by de ferskes, dêr’t it Fryske lânskip, berteplak De Jouwer, mem en de noardewyn yn foarby komme. ‘Dit skyfke is in earbetoan oan Fryslân en myn âlders’, stiet op de achterside.

Dykstra wennet yn in smûk appartemint yn Ljouwert en naam de ferskes earstoan by himsels yn de hûskeamer út. Hy spilet sawol de bas-, piano- as gitaarpartijen. Mei in soad aardichheid, dat is te hearren, want de spylwille spat fan de koarte, kearneftige lieten ôf. Op syn 65e is er as sjonger yn in hiel goede foarm, al binne de fokalen by einsluten yn in studio oer dien. Dat is moai slagge, want it is in geniet om nei syn timbre te harkjen.

De woartels fan de muzyk lizze earne yn de jierren sechtich, mei spoaren fan sawol The Beatles as Bossa Nova. Koart en kearneftich, dat sis ik net samar, want koart kin ek sketsmjittich betsjutte en dat is hjir net oan ‘e oarder. De ferskes binne folslein, klear en ôf. Allegear foarsjoen fan noflike, rike melodyën, fleurich en optein mei – dêr is net oan te ûntkommen – in mankelike jas oan.

Sawol troch Dykstra syn stim, as troch de styl fan de ferskes, moast ik gauris tinke oan Paul McCartney syn soloplaat Chaos and Creation in the Backyard. Dat is in plaat dy’t oer it generaal sjoen wurdt as in hichtepunt yn de lettere karriêre fan de Beatle. Foar Dykstra mei dizze EP ek as in hichtepunt jilde. Benammen Winter yn Fryslân, mei syn soepel wikseljende klanken, is in earwjirm. De oare ferskes (Hjerst, Fryske Grûn, Dach Mem en Op ‘e Jouwer) dogge der eins net foar ûnder.

De tiden fan albums binne faaks stadichoan foarby, artysten bringe klipkes út, do kinst ris in ferske downloade en dat is it dan wol. Dochs hoopje ik dat Eddy Dykstra de line fan Fryske Grûn trochsette wol en ús mei noch wat mear fan soks moais bedjerre sil. We want more, Eddy!

 

‘Fryske Grûn’ is foar € 6,50 te besetten fia de webside www.eddydykstra.nl en foar € 4,95 by de winkel fan de Afûk.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Muzyk,Ynterview

    MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’    In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]