Wild

Publisearre op 12 mei 2015

MARINTHE DE HEK – 

Cheryl Strayed rint in eintsje. En in aardich ein ek: 4.286 kilometer om presys te wêzen. Dy is gek, soest sizze. Mar ast genôch ellinde mei makke hast om dysels sa kwyt te reitsjen, kinst om it paad werom te finen mar it bêste begjinne mei sykjen.

Cheryl brekt mei har man nei in houlik fan sân jier. Sy diele in tatoeaazje. In oantinken oan in tiid fan ûnrest, rou en troubrek dy’t sy tegearre ôfslute. As Cheryl’s mem komt te ferstjerren, ferliest sy mei har mem net allinnich de leafde fan har libben, mar ek de grip op de deistige saken. Mannen komme en gean en de heroïne floeit ryklik.

 

‘Wild’ kin as ynspiraasje tsjinje foar eltsenien dy’t siket of mient dat er it al fûn hat.

 

Oer frijerij en de leafde tinkt Cheryl as in man, fertelt se. Leafde en seks? Dat kin prima los fan inoar. Cheryl rekket fierder en fierder fuort, oant se ûntdekt dat sy yn ferwachting is. As Paul har ferfolgens út it safolste drugshol weilûkt, is it foar beide in diene saak.

Cheryl fynt in boek oer de ‘Pacific Crest Trail’, in kuierpaad fan Súd-Californië oant Kanada. Hast 5.000 kilometer om har sûnens te oertinken en sinjouwing te finen. De tocht wurdt prachtich yn byld brocht. De subtile soundtrack en flashbacks jouwe de koartseftige en dizige start fan de reis goed wer.

‘Wild’ is basearre op it autobiografyske ‘Wild: From Lost to Found on the Pacific Crest Trail’. Strayed hat de kilometers echt rûn. Reese Witherspoon wit it karakter fan Strayed goed del te setten. Ek al draait de film puer om har: de aktrise ferfeelt gjin moment.

Witherspoon stiet bekend om har famkeseftige en sêfte útstrieling, mar yn ‘Wild’ sjochst in stoere en selsbewuste frou mei in dúdlike missy. Mei elke mile dy’t Cheryl rint, ferliest se letterlik en figuerlik bagaazje. Mei wint se wat mear fan harsels werom. ‘Wild’ kin as ynspiraasje tsjinje foar eltsenien dy’t siket of mient dat er it al fûn hat.

De prachtige Amerikaanske en Kanadeeske natuer is in bysûnder dekôr foar it ûntdekken fan dyn krêft. Moai detail: ús Hollânske filmheld Michiel Huisman, ûnder oaren bekend fan titels as ‘Phileine Zegt Sorry’, ‘Zwartboek’ en ‘Game of Thrones’, skitteret as de seksy Johathan. In puere, oprjochte jongkeardel dy’t Cheryl sjen lit hoe moai de leafde en it libben wêze kin.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels