Whoosh: Farsk bloed tsjoch op

Publisearre op 7 september 2020

ARJAN HUT – 

Farsk bloed, dêr falt wat foar te sizzen. Deep Purple bringt in nije plaat út, en it binne de ‘nije’ bandleden dy’t foar in soad wille en ynspiraasje soargje. Gitarist Steve Morse en toetsenist Don Airey hearre wilens fansels ta it sprekwurdlike meubilêr, mar har bydragen sprankelje op dit album, dat de wûnderlike titel ‘Whoosh’ meikrige. Whoosh, as yn: in heale iuw liket lang, mar achterôf besjoen fleach it foarby. Grif ha de manlju tocht dat dit de lêste plaat wurde soe, want se einigje mei in cover fan it nûmer dêr’t debút ‘Shades of Deep Purple’ yn 1968 mei begong: ‘And the address’, in rillige, ynstrumintale rocker mei dominant oargelwurk en flitsende gitaarstjitten.

 

It is in kohirint, sfearfol album wurden. Mei tank oan de koroanakrisis (gjin toernee foarearst) soe der ek noch wol in ferfolch komme kinne.

 

Der stiet sawier noch in ynstrumintaal stik op de plaat, ‘Remission Possible’, koart en krêftich frisselje Airey en Morse in breiwurk fan toetsen en snaren ynmekoar. It is ien fan de aventoerlikere stikken tusken de fertroude potpourri fan bluesy en melodieuze neoklassike hardrock.  Sjonger Ian Gillan is krekt 75 wurden en gilt net mear sa heech as begjin jierren santich. It spyltempo leit folle leger, en de teksten geane net langer oer auto’s en froulju. Gillan skriuwt oer it miljeu, it ferline en de takomst, stjerlikheid, mar lykas altyd op syn eigen, poëtyske wize. Sûnder mis komt de plaattitel Whoosh ek fan him. Lekkere rockers as ‘Throw my bones’, ‘Drop the weapon’ of ‘No need to shout’ litte gjin nije dingen hearre. Sokke stikken kinne de feteranen yn har sliep skriuwe en spylje.

Geandeweis komme lykwols altyd wol ferrassende melodyen, oergongen of solo’s út de grûn op. Sa klinkt ‘Drop the weapon’ oan de ein, as der oeh- en ah-koarkes bykomme, ynienen as Uriah Heep! ‘What the what’ is in nostalgysk rock & roll útstapke mei piano en moderne ‘slang’. De twadde helte fan Whoosh is avontoerliker, net fernijend, earder in soad knypeagen nei de sweverichheid en naïviteit fan de muzyk op de earste Purple-platen. Muzyk yn de geast fan Vanilla Fudge, The Moody Blues en The Nice. ‘Man alive’ is in goed foarbyld.

Dit is de tredde plaat dy’t opnommen is mei producer Bob Ezrin (Lou Reed, Alice Cooper, Pink Floyd). De Kanadees soarget foar in fol, fet lûd. Wol in bytsje wollich, benammen de gitaar gûnzet en fluitet mear dan dat er skuort en jankt. Whoosh stekt net raar ôf by de sterke foargongers ‘Infinity’ (2017) en ‘Now what?!’ (2013), al wurdt it hege nivo fan de bêste stikken dêrfan net helle. Mar sa sleau as de cover fan ‘Roadhouse blues’ (op Infinity) wurdt it ek nearne. It is in kohirint, sfearfol album wurden. Mei tank oan de koroanakrisis (gjin toernee foarearst) soe der ek noch wol in ferfolch komme kinne.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Muzyk,Ynterview

    MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’    In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]