WETTERREIS

Publisearre op 9 juni 2022

(Onno-Sven Tromp)

I

It wetter is tsjuster as de nacht,
de moanne hinget earne yn it reid.
Ik bin ien kwyt dy ’t dêr sels net om frege hat.
Soesto yn ‘e sleat te sliepen lizze?

Ik rop om dy,
mar myn stim bûcht mei it ljocht en komt net fier.
Ik krûp fan ‘e wâl del en sjoch wat ik al tocht hie.
De einen hawwe dyn namme skreaun
yn it kroas.

II

Do leist no tsjin ‘e himel oan
en seist datst net wekker wurde wolst.
Gappest wat om dy hinne
en sjochst der wurch út
mei dat griene wiete hier.

III

Oeral binne neven dwaande in ferhaal te fertellen
oer de tiid dat se noch lyts wiene.
Doe ’t se as eamelders troch it wetter rûgelen
en it fanselssprekkend fûnen dat der altyd guod te iten wie.
Dat der altyd ien wie dy ’t foar in bêd soargje koe.
En datsto dat wiest.

IV

Wa ’t goed harket nei it tinne gûnzjen krekt boppe it oerflak,
kin dy âlde wurden ferstean.
Doesto noch prate koest, hast sein dat der ier of let
ien komme soe om dy te sykjen.
En dat ik dat wie.

          * * *

Onno-Sven Tromp wie yn 2017 stedsdieldichter fan Amsterdam Nieuw-West. Hy stelde him doe foar as ‘dichter en dreamer, doarmer en tinker’.  Hy debutearre yn 1993 mei de bondel Tot de verbeelding. Sûnt brocht er fiif bondels út mei sonnetten, en ien mei haikû. Tromp wenne fjouwer jier yn Tanzania en ferwurke syn ûnderfinings yn de roman Fantoomregen (Godijn Publishing, 2017). 

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels