Utsetterke

ARJAN HUT – 

 

Op ‘e dyk,

de bern boartsje útsetterke

it nije ferstopperke

elkenien krijt in nasjonaliteit

fan in lân dêr’t er noait west hat

dan útnaaie foar de pakker

dy ropt

‘geloksiker geloksiker wêr sitste’

dêrop sjongt de hiele buert

in koar fan tûzen kielen

wy sitte OERAL!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.