fotografy: Don Hunstein

$20 foar in Dylan Burger

ARJAN HUT – Elizabeth Street, New York, neisimmer 1971, houwerij! It is Bob Dylan, krekt werom fan it Konsert foar Bangladesh. Hy hat it oan de stôk mei in fan, AJ Weberman. Weberman is oprjochter fan it Dylan Liberation Front en bestudearret de muzikant sa yngeand dat er sels ta syn jiskebakken sit. ‘As dy rotsoai sa belangryk foar dy is, wêrom setst it dan oan de dyk?’ ropt er, en Dylan skuort him syn Dylan-button fan de jas. As de superstjer fuortfytst, sil Weberman him in bakstien neismite, mar betinkt him. ‘Soms moatst dyn ferlies akseptearje.’

‘Ik bin net in learde, mar in leafhawwer,’ bekent skriuwer KG Miles yn it foaropwurd fan syn nije boek oer Bob Dylan. Yn Bob Dylan in the Big Apple reizget er ôf nei Greenwich Village. De skriuwer praat mei buertbewenners en kollega-muzikanten. Hy hifket de âlde hingplakken fan syn idoal. De lêzer sneupt mei him mei, yn dit boek dat sawol in reisgids as in soarte fan tiidkapsule is.

De jonge Robert Zimmerman arrivearret yn jannewaris fan 1961 yn New York. Strûpstjerrende kâld is it, en hy meldt him by Café Wha, dêr’t artysten in baantsje krije kinne, en wat te iten. Greenwich Village is al desennia lang it keunstnersoard fan de stêd, oan de westkant fan Manhattan, fol kroegen, clubs en ateliers dêr’t it brûst fan de kreativiteit. Mei moai waar spylje de muzikaten ek yn Washington Square Park en der húsmanje genôch minsken om dy’t foar even in bank frij ha foar gitaarswervers as Dylan. It wie it klokhûs fan de Big Apple, the place to be … oant de muze nei Californie ôfsette. Zimmerman feroaret syn namme yn Bob Dylan, neffens deade dichter Dylan Thomas. Hy treft syn foarbylden (lykas Woody Guthrie) en sûget alles wat er leare kin as in spûns op.

Kettle of Fish vs White Horse Tavern
Ferskate plakken dêr’t Dylan útfanhûze of wenne hat wurde beskreaun, keamers dêr’t er ferskes skreau as Masters of War en A Hard Rain’s a-Gonna Fall, dy’t beide op syn twadde elpee The Freewheelin’ Bob Dylan (1963) komme. Fansels, ek de lokaasje fan de ferneamde omslachfoto foar dy plaat (Jones Street at 4th West Street) stiet yn it boek, mar de foarnaamste rol spylje plakken as de White Horse Tavern, it Gaslight Café, de Kettle of Fish, de Bitter End, en ek The Music Inn, gjin bar, mar in muzykwinkel.

In soad fan de âlde lokaasjes binne der noch, mar net allegear ha se har sjarme fan doe bewarre. Guon fan Dylan syn favorite plakken wiene de Kettle of Fish en de White Horse Tavern. Op dat lêste stee sûpte Dylan Thomas himsels op 9 novimber 1953 de ivige nacht yn. Miles is tige te sprekken oer de Kettle of Fish, mar spuit raar guod oer de White Horse Taverns. It is slachtoffer wurden fan de tiidsgeast, fan the American way. Do kinst der foar twenty dollars in Dylan Burger krije, sa’n plak. ‘It hat in ferhipt lyts bytsje doel om dêr anno 2021 noch del te gean.’

In learde is Miles net en ek net in typyske skriuwer, yn dy sin dat er tige kompakt skriuwt, anekdoaten oanstipt. Sa hâldt it boek benammen it karakter fan in gids, mei in kaart yn it midden en achteryn alle adressen dêr’t in Dylan-fan om tinke kin by in besite oan de stêd. Sels it haadstik oer AJ Weberman is yn in ommesjoch út, wylst de kwerulant (hy publisearre yn 1975 ek noch in boek oer de moard op Kennedy) nijsgjirrich makket nei mear. 

Bob Dylan in the Big Apple, Troubadour tales of New York, KG Miles, Mc Nidder & Grace, UK.

Comments
Ien reaksje oan “$20 foar in Dylan Burger”
  1. Hilda Fernhout schreef:

    Houwerij…?
    Geen Fries woord…
    Snap t gebruik hier niet…
    Misschien even een toelichting ?

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.