Tusken Leijen en Mûntsegroppe

GERBEN DE VRIES – 

It skriuwen fan in skiednis fan in doarp, stêd as gemeente bliuwt lestich. By in doarp giet it fakentiids yn earste ynstânsje om it lân en buorkerijen, fan de Midsiuwen oant hjoeddedei. De lêste tiid krijt de nammekunde – mei spesifyk oandacht foar fjildnammen – wer wat mear oandacht. De tsjerke kaam der by en fan de 19de iuw ôf soms twa as mear tsjerken. It ûnderwiis krijt ek in plakje, lykas ek de ferskate ambachten en fansels de talleaze organisaasjes dy’t benammen om 1900 hinne yn it libben roppen waarden. Dit binne de standertskiednissen fan in doarp en dit is mutatis mutandis ek út te wreidzjen ta in flekke of in stêd.

 

Yn Tusken Leijen en Mûntsegroppe steane de eveneminten sintraal en dat smyt in aparte mar ek rike rige ferhalen op. It is in moaie oanfolling op De Rottefalle troch de ieuwen hinne en Een kleine geschiedenis van Rottevalle.

 

Dochs hawwe je by it lêzen fan sokke skiednissen wolris de idee dat der wat mist. Fleis en bloed, hannen en fuotten, humor, echte minsken! Skiedskriuwing heart per definysje dien te wurden op basis fan skriftlike en oare boarnen. Feit bliuwt lykwols dat der net altyd boarnemateriaal neilitten waard. In snelle omgong troch de digitale bibleteek fan Tresoar learde my dat der de lêste jierren in betreklik soad boeken en boekjes skreaun binne oer de Rottefalle en direkte omkriten. De publikaasje Tusken Leijen en Mûntsegroppe fan begjin 2015 is lykwols in nijsgjirrich inisjatyf, omdat hjir útgien is fan de al as net optochte ferhalen fan de bewenners sels.

De Mûntsegroppe is in âlde skiedsline tusken ferksate feangebieten en ek de ferbiningswei tusken de Harkema en de Rottefalle, wylst oan de westkant is De Leijen (eins De Leien) in mar is, dy’t ûntstien is troch de turfgraverij. Yn dizze wrâld libben en libje de minsken fan de Rottefalle. It offisjele ferhaal fan de Rottefalle begjint yn de 17e iuw mei de ferfeaning. Der kamen letter yn dit wetterrike doarp in herfoarme, in griffemearde tsjerke en in meniste vermaning. Der kamen in iepenbiere en in kritstlk-nasjonale skoalle. En yn 1953 waard de Rottefalle bekend yn hiel Nederlân as ‘voorbeelddorp’, útroppen troch de Rijkslandbouwvoorlichtingsdienst. In pear jier letter waard it plak opnaam yn it streekplan ‘De drie gemeenten’. Kurieus detail: de Rottefalle lei sels oant 1943 ek yn trije gemeenten.

Fan dit alles sawat neat yn Tusken Leijen en Mûntsegroppe. Alle jierren, yn de tredde wike fan febrewaris, wurdt der yn de Herberch fan Smellingerlân yn Rottefalle in ferteljûn organisearre. Leden fan it organisaasjekomitee en minsken út it publyk fertelle hjir histoaryske of krekt sterke, mar fakentiids smoute ferhalen. Omdat dat dit jier foar de 25-ste kear barde, waarden in stikmannich ferhalen op papier set. Guon fan dy ferhalen lykje fuort út de folksferhalen fan Dam Jaarsma of Ype Poortinga te kommen. lykas ‘Hoe’t it komt dat De Rottefalle net útstoarn is’ en ‘Gurbe, Gryt en it reidmantsje’. Sokke ferhalen binne net perfoarst plakbûn en kinne har yn de hiele Wâlden ôfspylje.

Dat jildt net foar de spesjale anekdoates oer bekinde of minder bekinde Rottefalsters. Benammen húsdokter Hans Visser wie de man fan de practical jokes, dy’t er as warber lid fan de Fertelkommisje ek graach mei oaren diele woe. Krekt it soarte ferhalen as dy fan de ‘falske tsientsjes’ jowe it doarpslibben kleur en fleur, wêrby’t de clou eins sit yn it feit dat pasjinten eartiids de dokter kontant betellen. Der sitte yn dit boek fansels ek ferhalen by dy’t út de grutte tomme komme, mar dêrom net minder leuk binne. Faak giet it derby om de útsmiter, de punch line. Lykas de frou fan de dûmny dy’t op it dekstasjon nijsgjirrich freget nei de keunsten fan de hynst. Fjouwer kear yn de wike, seit de hynstehâlder. Sa kin it dus ek, seit hja tsjin har man. ‘Ja, sa kin ik it ek, it is wol hieltyd wer mei in oare merje.’ Flau? Ach.

Sa út en troch komme der wat histoaryske saken oan de oarder, lykas ienris mei de oantinkens oan de eardere lânbou en sa komt ek de Rottefalle as ‘foarbylddoarp’ ter sprake. Of oer de Twadde Wrâldkriich, mei ûnderdûkers en de delstoarten Lancaster. Yn de skiedskriuwing wurdt wol praat fan ‘structurele’ en ‘evenementiële’ skiednis, wêrby’t de lêste in skiednis is fan de (lytse) feiten en gebeurtenissen. Yn Tusken Leijen en Mûntsegroppe steane de eveneminten sintraal en dat smyt in aparte mar ek rike rige ferhalen op. It is in moaie oanfolling op De Rottefalle troch de ieuwen hinne en Een kleine geschiedenis van Rottevalle. Ik bin noch noait yn de Rottefalle west en dochs ha’k it idee dat ik no de streek in hiel lyts bytsje kin.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.