Tsien fingers blyn

Publisearre op 5 juni 2018

ARJAN HUT

(ympresjes fan it redaksjelokaal op it Oranjewoud Festival)

 

“hoe werkt dit?”

(fn famke fan in jier as tsien nimt plak achter in

remmington-typemasine

alle tweintich stuoltsjes binne al in oere beset)

“goh wat ouderwets!”

 

(achter de measte typemasines sitte bern & bern

der steane ek olivetti’s & olympia’s

& vendexen

guon hingje as rick wakeman yn syn glittercape

oer de toetsen)

 

“daar hebben wij het nog op geleerd!”

(mefrou stompt har man oan

hy stiet mei de mûle iepen)

“in vendex!”

(juster reinde it de hiele jûn)

“vroeger had ik ook zo een, bijna precies dezelfde”

(de sinne docht har simmermoarnstriptease

strûpt stadich út de wolken, mar mist krûpt by har

skonken omheech)

“wat moet ik schrijven?”

(hoe heet je?)

“indy”

 

TIK

DIT IS HEEL LANG GELEDEN. IK GA VOOR DE PLING AAN HET EIND VAN DE

REGEL. IK ZIE DAT IK HET NOG WEL STEEDS KAN.

 

“wat moet ik typen?”

(wat der mar yn dy opkomt.)

TIK

“ER WAS EENS EEN MOOIE PRINSES

DIE GING DANSEN VAN LINKS NAAR RECH …”

 

(tim wol witte hoe’t er it papier der út krijt.

joost & teun type om & om

mattis hat oan ien letter genôch

iris hat him op blokletters stean

linda hat it froeger tsien fingers blyn leard

kyra mei ek as Jeroen west hat.)

 

“waar staat het uitroepteken!”

“Je moet wel heel hard drukken.”

(as in hommel tusken de blommen sweevje

ik fan alfabet nei alfabet.)

 

“zijn ze allemaal van jou?”

(nee)

“meneer hij doet  het  niet”

(do moatst net drukke, mar tikke, sa fan:

do bist him!)

“wat is hier de bedoeling nou van?”

(spierballen op de fingers, bliksem.)

“hoe moet je iets wissen?”

(gewoan trochtype)

“mag zij er ook op? ze kan niet lezen”

“wat doet deze knop?”

 

(in pjot wurdt gillend fuortsleept troch

syn beppe.)

“type! beppe! type!”

(sa wie ik froeger ek)

 

“wat moet ik typen ik weet niks maar ik zit”

TIK

IK HAALDE 100 AANSLAGEN PER MINUUT.

AL QUEDA TOONDE AL BELANGSTELLING.

TIK

US KAT HJIT FAN VLADIMIR.

TIK

IK BEN EMMA EN IK BEN MET MIJN HEELE VAMIELE

EN MIJN VRI EN DIN E NIK EN HET IS HIL L EU K

 

“menear ik bin in letter ferjitten … ”

(ik tink dat pake & beppe it net slim fine

it is al geweldich om in brief te krijen)

 

“mag ik ook?”

TIK

ER WAS EENS EEN ME I

“meneer, mag ik een nieuw blaadje?”

TIK

ER WAS EENS EEN MEISJ E

“meneer, mag ik een nieuw blaadje?”

TIK

ESMEE IK VIND JOU LIEF

 

(frijwilligers sjouwe mei rekwisiten

poadiums & tinten streame fol & leech & fol & leech & )

TIK

HOI IK BEN BRECHT EN IK HEB EEN H EEL GELUKIG LEVEN MET MIJ N OUD RS EN MIJ

 

(yn tsien tellen ferwikselje ik in typelint

rynsk strui ik om mei fingerprinten)

 

“wolsto ek wat drinke?”

“skriuwt dizze ek ingelsk?”

 

 

TIK

REMINGTON REMINGTON REMINGTON

BELVEDERE BELVEDERE BELVEDERE

TIEFTEEF TIEPTEEF TIEPTEEF

MORANDI MORANDI MORANDI

W ARM WARM WARM    HOT     HOT     HOT

 

TIK

IK KAN NIET MEER ZO GOED MET TIEN VINHERS TYPEN, MAER AIJS OL H ET GOED OEFEN

DAN LIKT HET WE

 

PING

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels