The Inheritance, poisoned fruit of the Kennedy assassination

Publisearre op 28 januari 2019

ARJAN HUT – 

Wistest dat presidint Lincoln in sekretaresse hie dy’t Kennedy hjitte? En presidint Kennedy in sekretaresse dy’t Lincoln hjitte? En dat beide presidinten fermoarde waarden? En dat se beide opfolge waarden troch in Johnson? Fêst wol. It is in populêre ‘urban legend’ en sa der binne noch folle mear skynbere oerienkomsten. Guon fan dy oerienkomsten binne lykwols net sa bysûnder: Johnson, bygelyks, is in namme dy’t net al te seldsum is. En Lincoln hie hielendal net in sekretaresse dy’t Kennedy hjitte.

 

Dit boek pretindearret in soad, begjint nijsgjirrich, mar rint út op in paranoïde, anty-federaal komplotboek sa’t der yn de USA wol mear ferskynd binne.

 

Evelyn Lincoln wie lykwols wol de sekretaresse fan John F. Kennedy. Sy ferstoar yn 1995, en har neilittenskip spilet in foarname rol yn it spektakulêre boek The Inhertitance, dat novimber ferline jier útkaam en skreaun is troch de Kanadeeske Amerikaan Christopher Fulton. It boek is skreaun as in ’thriller, basearre op wiere feiten’ en soe in soad nije ynformaasje biede dy’t de hiele resinte skiednis fan de USA en de wrâld op syn kop set. Omdat auteur Vince Palamara it op syn Facebook oanriede, ha ik in eksimplaar besteld. Palamara is in ekspert op it mêd fan de Secret Service, de presidinsjele garde, en skreau meardere nijsgjirrige, ynformative boeken.

Christopher Fulton is in bou-ûndernimmer dy’t yn Vancouver wurke en sawol in Amerikaansk as Kanadeesk paspoart hat. Hy kaam begjin jierren njoggentich yn it besit fan in bysûnder horloazje. It wie nammentlik it horloazje dat JFK om syn pols hie op 22 novimber 1963, de dei dat er fermoarde waard yn Dallas. Fulton hat it kocht fan in freon fan him, Robert White. White hat it op syn bar wer krigen fia Evelyn Lincoln, de âlde sekretaresse fan Kennedy. Hy rekke mei Lincoln befreone neidat er har yn de jierren santich brieven begong te skriuwen. As Lincoln yn 1995 komt te ferstjerren, lit se Robert White har erfenis nei.

It docht bliken dat Robert F. Kennedy, broer fan JFK en dy syn minister fan Justysje, bewiismateriaal omtrint de moard foar himsels hâlden hat. Medysk en forinsysk bewiismateriaal dêr’t er mei oantoane koe dat de moard op syn broer in binnenlânsk komplot wie. It horloazje dat Fulton kocht, hearde dêr ek by. Dat RFK bewiismateriaal yn syn besit hie, is bekend. Hy moast it fan de FBI binnen in jier oerdrage oan de oerheid en dat hat er (min-ofte-mear) ek dien. Grif net alles. En hy sil kopyen makke ha fan it ien en oar.

White wol mei de neilittenskip syn eigen Kennedy museum ynrjochtsje. Om jild dêrfoar bymekoar te garjen, ferkeapet er hjir en dêr wat. Mei Christopher Fulton is er fan doel om in fotoboek út te bringen, om mei as doel it museum te finansierjen. By einsluten giet it White net hurd genôch en hy beslút om fia in grutte feiling yn de Trump Tower yn 1998 syn slach te slaan. Underwilens hinget er yn de jern mei de famylje Kennedy, en kriget er de Federale oerheid op syn dak.

Oant safier is alles nei te gean: Robert White hat yn 1998 werklik dy feiling opsetten: “De Kennedy’s beschuldigen Lincoln er onder meer van een koffertje en een horloge te hebben achtergehouden, dat de president bij zich had toen hij in Dallas werd vermoord. In totaal heeft White meer dan 100.000 memorabilia, waarvan hij nu slechts een deel verkoopt.” (AP, NRC, 18 maart 1998). Mei de opbringsten makket White syn ambysje wier. Syn Kennedy-samling krijt in plak yn it Florida International Museum, te St. Petersburg, Florida

Yn Washington geane alle alaarmbellen ôf. White wurdt ûnder druk setten en by einsluten makket er in deal mei de oerheid. De FBI mei syn samling trochkjimme en útsykje wat nei de Nasjonale Argiven moat. It measte ferdwynt dan yn in swart gat. Fulton, ûnderwilens, krijt yn Kanada earst de Kanadeeske geheime tsjinst achter him oan. It giet om dat horloazje, en ek om bânopnamen fan tillefoanpetearen út it Wite Hûs út Kennedy syn tiid. It duorret net lang, of Fulton moat him melde yn Washington.

It begjin fan it boek is it meast boeiend en konkreet. Fulton besiket om it horloazje te autentisearjen. Hy komt sa yn kontakt mei âld-Secret Service-agint Robert Bouck. Bouck, dy’t tinkt dat Fulton foar John F. Kennedy Junior wurket, hat Robert Kennedy en Evelyn Lincoln holpen mei it foar de oerheid ferbergjen fan it bewiismateriaal. Sa komt Fulton derachter waat Robert Kennedy wist fan de wiere tadracht fan de moard op syn broer. Dat Evelyn Lincoln tocht dat Lyndon Johnson belutsen wie by de eksekúsje yn Johnson syn achtertún Dallas is net geheim. Wol dat RFK (sels fermoarde yn 1968) dêr yndied taastber bewiis fan hie. Fia brieven út de neilittenskip fan Lincoln en ynformaasje fia Bouck wurdt dat ferhaal yn The Inheritance helder, stap foar stap út de doeken dien.

Dat it hjir net giet om in dizige macht ‘achter de gerdinen’ dy’t fierder abstrakt bliuwt lykas yn in soad oare teksten, is ferfrissend, ek al giet it hjir om in ’thriller’ en net om in non-fiksje boek. Ommers, in soad ynformaasje falt nei te gean en Fulton biedt achter yn it boek de nedige dokumintaasje, lykas korrespondinsje mei de oerheid. Fulton skriuwt presidint Bill Clinton in brief en freget him om stipe. Wilens komt er ek yn kontakt mei John F. Kennedy junior, dy’t it horloazje fan him keapje wol en, neffens Fulton, it brûke sil om fia de steat Texas it ûndersyk nei de moard op syn heit te weriepenjen. It beteart oars.

Fulton wurdt oerhelle Kanada te ferlitten en komt dochs yn de kloeren fan de Amerikaanske federale oerheid terjochte. Hy ferdwynt yn in jierrenlange Kafkaëske nachtmerje en de teneur fan it boek nimt in drastyske kear. Hoewol’t it ferhaal fan Fulton herinnerings opropt oan de skiednissen fan Abraham Bolden, de earste Afro-Amerikaanske Secret Service agint yn it Wite Hûs (“The Echo from Dealey Plaza”) en James Earl Ray, fertochte fan de moard op Martin Luther King (“Who killed MLK”), hat it foaral in soad fan in paranoïde, anty-oerheids psychoaze. Fulton is wol sa tûk om it hiele ferhaal yn de mûlen fan oaren te lizzen, benammen finzenen dy’t er yn it helske, nazi-achtige systeem tsjinkomt, hy ûndergiet it, de ynformaasje komt nei him ta. Sa is it net Fulton syn miening, hy heart it fan minsken dy’t it witte kinne.

It ferhaal dat sa konkreet begong, ûntspoard drastysk. Fulton is it slachtoffer fan in grut allesomfetsjend komplot dêr’t de achterlizzende machten wer dizich en abstrakt wurde. “The Feds”, CIA, Wall Street, de Eastkust Elite, Skull & Bones, Illuminati, Globalisten, de “Deep State”, alles komt foarby yn in twirre fan ûntheisterjende revelaasjes. Sels Nostradamus  en it bibelboek Iepenbierings wurde yn it ferhaal behelle. In Edward Snowden-achtige figuer foarseit de fal fan de Twin Towers. Alle noch libbene âld-presidinten wurkje gear om foar te kommen dat in Kennedy presidint wurdt: sa komt John F. Kennedy junior neffens dit boek om trochdat Clinton opdracht jout dy syn privee-fleantúch te sabotearjen.

Fan desimber 1963 ôf besteane al sokke útwrydske teoryen oer de Kennedy-moard. Se kamen doe út de hoeke fan radikale splintergroepen as de John Birch Society, de Ku Klux Klan en de Minutemen. Koartsein kamen de teoryen der op del dat der in grut, globalistysk komplot geande is om fan de wrâld ien Kommunistyske heilsteat te meitsjen. De moard op Kennedy fûn dan plak yn Dallas om rjochtse radikalen de skuld op de lea te plakken. Sokke ferhalen stekke dêrnei geregeldwei de kop op. Nei de kâlde oarloch feroarje de kommunisten yn ‘aliens’ of ‘globalisten’, mar altyd is der dat allesomfetsjend komplot fan in almachtige elite tsjin de lytse man.

‘Steatsfijân Fulton’ wurdt allegeduerigen fan de iene finzenis nei de oare oerpleatst. In advokaat dy’t earder foar de CIA wurke, mar út de graasje fallen, fertelt him wat er allegear witte moat. Fan de moard op Kennedy oant 9/11, alles wurdt oanmekoar rige. It docht dan noch dúdliker bliken dat men hjir typysk Amerikaanske, anti-federale sentiminten lêst. Ien ûnderdiel fan it komplot is bygelyks dit: “There are big plans that include false flag acts of terrorism within our borders and the weakening of the commitment of the American people to bear arms– which is one of the main things the elites are worried about.” It liket wol as hat de National Rifle Association it boek sponsere!

Gearfetsjend, dit boek pretindearret in soad, begjint nijsgjirrich, mar rint út op in paranoïde, anty-federaal komplotboek sa’t der yn de USA wol mear ferskynd binne. Krekt as de urban legend oer de oerienkomsten tusken presidinten Lincoln en Kennedy biedt it in nijsgjirrich, mar ferriveljend ferhaal, dat mear liket dan it is. The Inheritance is goed besjoen dêrmei krekt wat it pretindearret te wêzen: fiksje basearre op (guon) wiere feiten.

Wa’t ynteresearre is nei de achtergrûnen fan de moard op Kennedy, en wat dêr yn de rin fan de jierren mei it frijkommen fan ynformaasje oer bekend wurden is, hat oan The Inheritance fierder neat.

 

Christopher & Michelle Fulton, The Inheritance, Poisoned Fruit of JFK’s Assassination, TrineDay, 2018

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels