Tarre komt deroan… yn slow motion

Publisearre op 31 mei 2019

ARJAN HUT – 

Dreech, swier en tsjuster, de nije Fryske doemmetalband Tarre hat in namme dy’t oanslút by de muzyk. It debút hjit Unheil fan ‘e Klaai, en is opnommen yn de lêste tsjustere moannen fan it kulturele haadstêdjier. Sjonger Meindert Pander is bekend fan de band Pander, dy’t de stevige cd Fierce self útbrocht en Meindert Sterk siet yn Autumn. Sian Sterkenburg, drummer, wie alris Nederlânsk kampioen drumset op it NK slachwurk, in pear jier lyn doe’t er noch op de Havo siet. Hy liket my de Benjamin fan dizze band ta, mar makket in geweldige yndruk. Gitarist René Palmen is op Unheil wol te hearren, mar hat ôfskie nimme moatten fan Tarre en is wilens opfolge troch Dirk van der Zee.

 

Gitaar en bas rôlje in snaarmoeras út, wylst Sterkenburg op syn drums en stokken ûnder de einleaze nacht prikt en mei ferrassend dynamysk drumwurk de ‘wiete hel’ op gong driuwt.

 

It titelnûmer is ek de iepener, en dy hakt der daliks rau yn. De ûnheilsklokken liede en dêrnei is it leafst tolve minuten lang ellinde yn slow motion. Gitaar en bas rôlje in snaarmoeras út, wylst Sterkenburg op syn drums en stokken ûnder de einleaze nacht prikt en mei ferrassend dynamysk drumwurk de ‘wiete hel’ op gong driuwt. De tekst oer it opkommen fan de see en it ûnderstrûpen fan it lân is goed aktueel. Spitich dat it de iennichste tekst yn it Frysk is, de rest fan de plaat giet it op syn Ingelsk fierder. Ek net min, mar krekt wat  minder bysûnder, al is it wat ‘flottere’ Global Fungus yndrukwekkend genôch.

De nûmers binne oer it generaal de lange kant neist, dat kin ek hast net oars mei dit tempo. As in puber dy’t moarns opsjitte moat omdat skoalle hast begjint, sa tergjend dreech. Sân stikken fan gemiddeld hast tsien minuten. De riffs dominearje, somtiden monotoan ‘groovjend’ (Your skin fits me), dan wer Goatysk galmjend, mar ek wolris lekker dwers. Tarre docht my dan oan de Kanadeeske kultband Voivod tinken, fansels op in leger toerental. De sang fan Pander stiet drûch yn de miks, en foeget kwa toan of melody sa te min oan de komposysjes ta. Dêr falt winst te heljen.

By dizze muzyk heart ek net altefolle reliëf of kleur, dochs binne it de mominten dat Tarre efkes wat oars docht – wat tafoeget oan de swarte muorre fan doem – dy’t jin wat hânfêst jouwe. In pianotoets hjir, in sprutsen fragmint dêr, wyn- of masinelûden, in yslik gillen (Baptising the dead), it fielt as in glysterige rêdingsboei, it jout even wat falske hope. Ek bysûnder is wannear’t it titelnûmer nei fjouwer minuten klinkt as geane wy efkes ûnder wetter fierder. Komplimint foar it hoeske en de sfearfolle, tsjustere bandfoto op de achterkant, smaakfol dien.

 

 

De cd ‘Unheil fan ‘e Klaai’ fan Tarre is te besetten fia tarredoom.nl en is ek te krijen by Big Bad Wolf Records oan it Fliet yn Ljouwert.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Muzyk,Ynterview

    MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’    In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]