• 1 oktober 2005

    EPPIE DAM -  Yn 2002 publisearret Harmen Wind syn autobiografyske roman Het verzet, dêr’t twa jier letter syn eigen Fryske oersetting It ferset fan útkomt. Yn 2005 jout er de dichtbondel Ierdewurk yn it ljocht. De roman giet oer de beladen relaasje tusken soan en heit ûnder it stjerte fan de dea. Hoewol no en dan referearjend oan de ferstoarne heit, is de bondel foaral [...]

  • 18 april 2005

    HARMEN WIND -  1. De foarm De twadde bondel fan Abe de Vries is opfallend foarmjûn. Gert Jan Slagter hat in omkaft fersoarge dat tinken docht oan ‘De Stijl’ (Mondriaan, Van Doesburg e.o.). Strakke komposysje, kleurkontrasten, sobere, skreefleaze letter yn wikseljende grutte, fertikaal en hoarizontaal printe. Ek yntern is de foarmjouwing rynsk trochset yn wyt en kante flakken: fan de 75 siden dy’t de bondel [...]

  • 19 december 2004

    HARMEN WIND -   1. Sammelbondel Jelle Kaspersma is 56 en hat neffens my njoggen Fryske dichtbondels skreaun. De earste, Loft, lân & sé (mei Tsjêbbe Hettinga) yn 1974, de lêste, Ave Marije - Madonna fan Starum, yn 2000. En no leit hjir De lije side fan ’e tiid – in kar (2004). Ferwachtest sa’n sammelbondel by in dichter dy’t syn lêste kromkes takomst tusken de stive [...]

  • 1 december 2004

    SJOERD BOTTEMA -  Yn 2002 ferskynde Het verzet, it Hollânske proazadebút fan Harmen Wind. It waard destiids yn de Moanne (2003, nr. 5) besprutsen troch Syta Palma. Op it omslach fan de Fryske ferzje, fan ’t jier útkommen by Utjouwerij Fryslân, wurdt dat besprek grutsk oanhelle: ‘Het verzet is in tragysk, mar tagelyk in ynkringend ferhaal oer in heit en in soan dy’t elkoar net [...]

  • 19 maart 2004

    HARMEN WIND -  Yn desimber 2003 ferskynde de twadde poëzijbondel fan Jabik Veenbaas by Bornmeer. Syn debútbondel wie noch mar goed twa jier earder útjûn: Metropolis (2001). Ik noaskje wat op ynternet en lês yn in Hollânsktalige resinsje (GvdD): ‘Weinig spraakmakend, weinig elegant, af en toe aardig geschreven, maar vooral onvoltooid. Een goede slijper zou van deze diamant nog heel wat kunnen maken.’ ‘Hawar,’ soe [...]