Taal sjongt en de dagen dûnsje

ARJAN HUT – 

Dat it Frysk in sjongsume taal is wit elkenien. Men hoecht yn it Frysk net iens te sjongen om te sjongen, want meldijen lizze by wize fan sprekken al yn wurd en klank besletten. Sa’t it kommunikative fluitsjen fan ferskate fûgelsoarten ús as muzyk yn de earen klink, allyksa komme ús Fryske ferbalisaasjes – fan small talk oant grut referaat – op de minkheid oer.

Dat Fryske dichters en skriuwers dêr net mear gebrûk fan meitsje, mei in lyts mystearje hjitte. Súd-Afrikanen dogge dat wol en steane foar de hiele wrâld oer goede fersteanders te betsjoenjen mei harren talige apartichheden. Sjarmant, en o sa eksoatysk, oft it no oer sjampoo giet, of slippers fan satyn.

Wilco Berga dûkt yn it Fryske gat, mei in cd dy’t fan’t simmer ferskynde, Dagen dûnsje foarby. It is foar de Harnzer keunstner net foar it earst dat syn wurk op lûdsdrager ferskynt. Goed fyftjin jier lyn makke er in cd tegearre mei Ernst Langhout, Sjonger en Dichter, dêr’t er syn gedichten op foardroech. Foardrage docht er no ek, diskear sjongenderwize, en de teksten binne poetysk, mar foarmjoen as lietteksten, mei strak stilearre, rymjende fersen en swietlûdzjende refreinen. Trije titels binne bewurkingen fan oarmans ferskes: ‘Gaan nyt sumar wech’ en ‘Ut flakke laan’ binne oarspronklik fan Jacques Brel, beide yn it Harnzers. ‘Hynder dûnset’ is neffens Bob Dylan. It is in kadâns en styl dy’t by syn stim past.

Hy lispet soms, hat in brekber lûd, dy’t lokkigernôch mear klinkt as de âldere Johnny Cash as de rammeljende parody op Tom Waits dy’t Dylan – as it op de stimme oan komt – sels wurden is. Mariusz de Boer soe it better dwaan, dat liket my wis, mar Berga komt der goed mei wei. Syn Brel-bewurkings hearre by de hichtepunten op dizze plaat. Oft it no it Harnzers is, de bân dy’t de sjonger hat mei Brel, ik kin it sa net sizze. Berga asemt dizze teksten yn en út en lit wurd foar wurd al it oare yn de wrâld ferdwine, oant allinne de harker en de sjonger oerbliuwe.

Mei in album dat yn wêzen sa op de skiedsline tusken pop en poezij leit, is it risiko oanwêzich dat de fersen tusken wâl en skip bliuwe, oftewol: dat it fan beide krekt neat is. Poezij kin skoan sûnder begelieding, en muzyk driuwt net perfoarst op tekstuele djipgong. Dochs is it Berga slagge om in goede balâns tusken yntime foardracht en muzikale oanklaaiing te finen. Mei help fan in computerprogramma hat er sels sketsen makke fan de komposysjes en oan de hân fan dy sketsen koe er oan de muzikanten syn ideeën hearre litte. Dat proses hat in boartlik, somtiden wat wûnderaardige nifelpopstyl opsmiten, dêr’t it wurd de romte krijt en de muzyk de tiid.

Op de bas fan Campbell Forbes toffelje wy ‘Yn ‘e dize’. In bern slacht op de tromme, de tiid feroaret it lân en lûden fan juster wurde “… op simmerske jûnen in sjongen yn ’t tsjuster.” It spul moat wat op gong komme. De band stiet op in karre en Berga lûkt dy karre mei syn stimbannen. ‘Dat Bern’ is riker oanklaaid, mei in dwersfluit, mei piano en oargel en Maaike Kampen sjongt in twadde stimme. ‘It Gers’ is in Bildter pianoboogie, mei Hein Jaap Hilarides fansels, hearlike kadâns en in tikje droechkloaterich nuver. It soe sa ûnder in Hea!-reportaazje passe, en likegoed by in sêne út withokker film fan David Lynch.

Neigeraden de ein wurdt de cd almar muzikaler. Dat komt net allinne omdat wy op de twadde helte de bewurkings fan Brel en Dylan tsjinkomme, it liket der ek op dat Berga him geandeweis fertrouwder fielt mei it sjongen ynstee fan foardragen en sa wurdt hy mei syn stimme hieltyd mear in ynstrumint ûnder de ynstruminten. ‘Tine Eline’ is in lytse earwjirm, ’Moarn’ (mei gitarist Marcello Roosenstein) en ‘Do Leafde’ slute moai oan by ‘Gaan nyt sumar wech’ en ‘Hynder dûnset’.

De drums komme dúdlik út in doaske en dat bliuwt oer de hiele cd sa. It makket it gehiel krekt wat kneuteriger as mei in echte drummer en ek op de teksten is wol wat oan te merken, nammers dat moaie, persoanlike rigels wolris in wjergader krije dy’t moai rimet mar minder rekket. Dat is by ferskes minder steurend as by gedichten en ik wol der hjir dan ek gjin halssaak fan meitsje. It is Frysk en it sjongt en dat docht it.

It slotakkoord is dochs foar de poezij èn foar de foardracht. Allinnich it hammond oargel fan Ruben Mulder begeliedet Berga yn Ald is it Eilân. “Ald is it eilân, âld de basaltstien / krûm binne de beammen, fol jong blêdegrien…” De stilte dy’t by einsluten falt, falt as rein oer de haven fan Harns, oer it atelier Aansee, dêr’t seewinen regeare, taal sjongt en dagen dûnsje. En wa’t my net leauwe wol, dy moat sels mar ris hearre.

Dagen dûnsje foarby, Wilco Berga

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.