Syb, Gé en de Joe Jackson fan Jorwert

ARJAN HUT – 

Ferline jier wurke Wiebe Kaspers mei regiopopikoanen Gé Reinders en Syb van der Ploeg oan dy harren album ’t Verschil Is Oeral Geliek. In pear moanne letter siet de jonge Jorwerter (24 jier) wer by Nico Outhuijse yn de studio, diskear om syn eigen debútplaat op te nimmen.

Nei sa’n dei stie der yn ien moanne op. En dat is knap, want net allinne is it in ambisjeus ûndernimmen wurden, Kaspers profilearret him yn de liner notes ek nochris as in perfeksjonist. Fan ien stikje pianosolo naam er safolle ferzjes op, dat producer Outhuijse by einsluten nei hûs ta gie en him mei bassist Florian den Hollander achter liet. Se moasten harsels fierder mar rêde!

 

Krekt as Jackson is Kaspers net in moaisjonger, mear in ferteller mei in feilleas gefoel foar de muzikaliteit yn ferhalen, de ferhalen ûnder de muzyk.

 

It hurde wurk hat fertuten dien. Kaspers sjongt en spilet piano, wylst den Hollander en Daan Slagter (drums) him begeliede. In gitaar komt wol foar, mar draacht yn ferliking mei de toetsen amper by oan it muzikale houlik tusken klassike muzyk, jazz en pop.

De ynfloed fan Joe Jackson is fan de earste noaten ôf dúdlik. De Ingelskman ferhûze begjin jierren tachtich nei New York en liet him beynfloedzje troch de potpourri oan ynfloeden dy’t er yn The Big Apple hearde. De eardere punkrocker makke doe programmatyske albums en ek dat hat Kaspers ynspirearre; de ferskes en ynstrumentale stikken op Nei sa’n dei foarmje in ferhaal mei in kop, in bealch en in sturt, sawol op tekstueel as muzikaal mêd.

Nei sa’n dei is in konseptplaat, in programma, it beskriuwt in dei dêr’t alles mei sit, dêr’t neat hoecht. Dreamen, Jorwert en in leafdesfantasij spylje in rol yn it ferhaal. Krekt as Jackson is Kaspers net in moaisjonger, mear in ferteller mei in feilleas gefoel foar de muzikaliteit yn ferhalen, de ferhalen ûnder de muzyk.

De koarte prolooch ‘Dream mar leave’ lit yn krekt gjin twa minuten hearre wat Kaspers yn syn mars hat: Súd-Amerikaansk pipere ritmes, jazzy toetsespul en in gefoel foar melody en dy’t jin like bot ferrast as ynpakt. Ek it balladeske ‘Sluten Eagen’ (mei achtergrûnsang fan Syb van der Ploeg en fioelspul fan ûnder oaren Rob du Jardin) falt op yn it gehiel, krekt as it titelferske, dêr’t simmerske ska en tsjustere piano-aksinten de kearn fan it ferhaal reitsje.

De muzyk fertelt faaks noch mear as de teksten. Dat is goed te hearren op bygelyks it achtste stik, ‘Smokin’ to be alike Red Auerbach’. In nuvere titel – Red Auerbach is in basketbalcoach – foar in stik dat him konsintrearret om de kommunikaasje tusen it Satie-achtige pianospul fan Kaspers en de sello fan Wietske Holtrop: in hearlik mankelike, hjertich rûzjende snarepartij.

It ferske mei de titel ‘Jorwert’ giet der ek yn as lij wetter. Kaspers beskriuwt syn bertedoarp oan de hân fan in tal herinneringen. Dêr’t in oare ferskeskriuwer gauris ferslacht yn it sintimint, wurde hjir bylden oproppen yn heldere, spontane wurden yn rigels dy’t hiel natuerlik oer de muzyk út rûgelje. It neifolgjende ‘Brievebus’ ferbluft mei hearlike melodyen, ferrassende oergongen en sa giet it eins de hiele plaat troch, oant it ôfslutende ‘Nocturne’.

 

Wiebe Kaspers, freed 27 maart yn de Harmonie, Ljouwert

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.