Súd-Tirol sliept

Publisearre op 11 juni 2015

GERBEN DE VRIES – 

Bomoanslaggen op heechspanningsmêsten, it delsjitten fan gewoane plysjemannen, in besettingsmacht fan tûzenen militêren, marteling yn finzenissen. Dit klinkt as Noard-Ierlân of Baskenlân yn de jierren santich en tachtich fan de 20ste iuw. Ek yn in part fan Italië hat dizze foarm fan gaos en geweld lykwols lange tiid foar master opslein, al is dat by de measten net bekind. It giet om Alto Adige, of sa’t de oarspronklike befolking seit, Súd-Tirol.

Sûnt de Midsiuwen heart dit gebiet by de Habsburgse monarchy en letter it keizerryk Eastenryk. As straf foar it ferliezen fan de Earste Wrâldkriich waard Süd-Tirol yn 1919 oan Italië taparte. Mussolini kaam oan de macht en ûnder it faksistyske rezjym waarden alle geografyske nammen feritaliaanske en it Dútsk mocht net mear yn it iepenbier sprutsen wurde. Tagelyks waard Súd-Tirol, no Alto Adige, feritaliaanske troch frij massale migraasje fan Súd-Italianen nei dizze berchstreek. Nei de Twadde Wrâldkriich waard ek Italië in demokrasy. Omdat de Súd-Tirolers noch altiten as twadderangsboargers behannele waarden, begûnen hja yn de jierren sechtich in rige gewelddiedige aksjes.

 

Gjin bommetapiten yn Boalsert, gjin stikkene heechspanningsmêsten yn Heech, gjin oanslaggen op fjildwachters yn Frjentsjer.

 

It is oars net myn gewoante om in roman te lêzen om mear te witten te kommen oer in histoarysk fenomeen. Dêr hawwe wy boeken en krantestikken foar. Mar in inkelde kear oerkomt it my. Al sil ik de sa opdiene histoaryske kennis earder sjen as in soart fan byfangst. Ik hie it mei ‘Het Mussololinikanaal’ fan Antonio Penacchi ut 2010 en no mei de roman ‘Eva Slaapt’ fan Francesca Melandri (2009), yn de Nederlanske oersetting út 2011. Dat it yn beide gefallen om in Italiaansk boek giet, is tafal. Troch beide romans krije je wol in moai byld fan de Italiaanske skiednis fan de 20ste iuw.

Yn it koart it ferhaal. De Dútstalige Gerda, kok yn in fakânsjehotel yn Súd-Tirol, hat in bûtenechtlik bern, Eva. Gerda krijt nota bene in relaasje mei in carabiniere út it súden fan Italië, Vito. Mei in besetter dus. Hja foarmje in gesin en Vito sjocht Eva as syn eigen bern. Ynienen ferdwynt er en lit neat mear fan him heare. At er op stjerren leit, wol er Eva dochs graach sjen en sy naait út nei it djippe suden. Dit alles mei op de achtergrûn de skiednis fan Súd-Tirol dat mei hurde hân ta Alto Adige makke waard. Pas yn 1971 krijt de regio wat mear autonomy en dêrmei krije ek de Dútstaligen wat mear sizzenskip oer de eigen streek. It stiet net yn de roman, mar yn 2001 waard dizze autonomy útwreide en wiene krekt de Italiaansktaligen ynienen de minderheid. Undertusken binne de Dútstaligen wol benammen oerbleaun op it plattelân, wylst yn de gruttere plakken it Italiaansk oerhearsket.

Fansels binne der in pear parallellen mei Fryslân en al even fansels binne de ferskillen ek grut. De parallellen en ferskillen kulminearje yn Fryslan yn it jier 1951. Op Kneppelfreed waarden op it Saailân yn Ljouwert in stik as wat Friezen mei kneppels en wetterkanonnen fan de strjitte fege. Dat is oant no ta de grutste geweldsdie yn de skiednis fan de Fryske taalstriid. Dêr bleau it by. Gjin bommetapiten yn Boalsert, gjin stikkene heechspanningsmêsten yn Heech, gjin oanslaggen op fjildwachters yn Frjentsjer. De Fryske guerilla’s kalken yn de jierren fyftich ‘Op al ús skoallen Frysk’ op de diken en twintich jier letter ferbarnde de FOKA (Fryske Organisaasje foar Kulturele Autonomy) tillefoanboeken omdat de plaknammen net yn it Frysk wiene. Dat wie it wol sa’n bytsje.

It is net sa dreech om te begripen werom’t der yn Noard-Ierlân, Baskenlân en ek Súd-Tirol wol swierder geweld brûkt waard. Yn Ierlân wiene der tige grutte religieuze spanningen, mei feroarsake troch de Britske besetting. Yn Spanje en Italië hiene lytse talen te krijen mei tige autoritêre en repressive rezjyms. Dy tastannen wiene der yn Fryslân hielendal net. It wie en is in provinsje dêr’t benammen op it plattelân noch in protte Frysk praat waard en wurdt. Yn dy sin is Fryslân in bytsje te fergelykjen mei Súd-Tirol. Mar sûnt de 19e iuw is Nederlân in steat op wei nei de demokrasy. It Frysk waard net sasear ûnderdrukt, mar troch de hegere en legere oerheden mear sjoen as in lytse taal wêrfan’t de sprekkers harren wol oanpasse soene oan it Nederlânsk. Dat barde dan ek massaal.

Dat it yn guon kontreien yn Europa somtiden oars gien is, toant Francesca Melandri yn dit moaie ferhaal.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels