Streekprodukten

CISKA NOORDMANS – 

Streekprodukten binne hip tsjintwurdich. Smulpapen wikselje op in ‘meet & greet’ de lekkerste adreskes út en ride de oare deis, folslein hiper mei de foet plat op it gaspedaal, kilometers om om dizze ferlieding mei eigen eagen te sjen, te fielen en te priuwen. Hoopjend op in hearlik smout ferhaal derop ta as in kers op de taart.

Mar wat binne streekprodukten no eins? Is it Eko, Bio of binne it krekt allinne produkten dysto keapest by de dyk del, lekker ‘local’ by dy út de buert? Moat der perfoast in stempel opstean foardat it it predikaat ‘streekprodukt’ fertsjinnet? Yn Fryslân is der Waddengoud, it keurmerk foar produkten en tsjinsten út it Waadgebied en sûnt maaie 2012 is ‘Poerbêst’ lansearre troch ûndernimmers út Fryslân dy’t har eigen produkt promoate wolle. Dêr allinne al sit handel yn: der wurde folsleine kursussen organisearre foar dizze oanbieders om in moai ferhaal te fertellen by harren produkt. Want wy wolle ommers bêst wat mear betelje as it ferhaal goed is.

Guon streekprodukten binne wrâldferneamd lykas de Parmaham, Fêta, Champagne, Kirsch, Mozarella en de Milka repen fan de pearze kij út de Alpen. Dy Alpen rinne trouwens tsjintwurdich troch nei’t Fryske lân. Ien fan Fryslân’s grutste molkfabriken ferwurket dizze Alpemolke fan ús eigen swart- en readbûnte kij ta hearlike sûkelade.

Dochs is it net ien en al ‘gebakken lucht’ dit streekprodukt. In produkt út de streek makket minder kilometers foardat it  by de klant is en dat allinne is al goed foar it milieu. De Green-miles gedachte yn optima forma en soks past hiel moai yn de trend fan bewust libjen. Hielendal hip dus!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.