jierpel
fotografy:

Stjoer in ierdappelfers op

Frysk en Frij jout in sammeldichtbondel út mei fersen oer it tema: Ierdappel. Soks yn it ramt fan in histoarysk-kulturele manifestaasje, sjoch Erfgoed Fundaasje. It wurk kin gean oer de ierdappel yn alle opsichten en ynstjoeringen yn alle tongslaggen binne wolkom. By guon talen en dialekten is in oersetting yn it Frysk of Nederlâns wolkom, dat kin de skriuwer sels it bêste besjen.

De karkommisje bestiet út twa froulju en twa manlju, dy’t oant de publikaasje anonym bliuwe, itselde jildt foar dy kommisje oangeande de ynstjoerders.
By pleatsing fan in fers wurdt € 75,00 fergoede.
Ynstjoere kin nei: post@frysk-en-frij.nl

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.