Spanning rint op yn The Wife

MARINTHE DE HEK – 

Efter eltse grutte man stiet in sterke frou, sizze guon wolris. Efter legendarysk skriuwer Joe Castleman stiet de frou dy’t wy foaral kinne as hekse Cruella DeVille út de jeugdfilm oer de 101 hûntsjes. It bliuwt machtich hoefolle gesichten topaktrise Glenn Close sjen lit yn har oeuvre, dat strekt fan de jierren ‘80 oant de dei fan hjoed. Fan beruchte blondine yn Fatal Attraction (1987), oant behâlden mar lumige frou fan in fierd Amerikaanske skriuwer.

Joe en Joan wurde útnûge om yn it Sweedske Stockholm de Nobelpriis foar literatuer yn ûntfangst te nimmen. In prestaasje dy’t it pear op tradisjonele wize fiert. Ljocht en ferheugd dûnsje en springe se op it echtlik bêd, sa as sy diene doe’t Joe noch oan it begjin fan syn karriêre stie en syn earste boek úteinlik publisearre wurde sil. Farsk skieden fan de mem fan syn soan, beslút Joe mei syn studint Joan in takomst te bouwen. Hy as strieljend middelpunt fan in prachtich literêr mearjierrich plan, sy as syn stipe en help, altyd dêr as syn klankboerd.

Hoe mear’t de priisútrikking yn it kâlde Stockholm tichterby komt, hoe mear lêst Joan krijt fan de trochtaastende fragen dy’t sjoernalist Nathaniel Bone stellen bliuwt. Op syk nei smeuïche ferhalen foar in biografy oer de winnende skriuwer, prate ferskate leden fan de famylje mei de skynber belutsen Bone. Hoe mear tiid Joan yn Stockholm mei har soan en man trochbringt, en hoe mear tiid Bone krijt om de ferskate mystearjes fan in 40 jier âld houlik bleat te lizzen, hoe mear’t Joan har begjint ôf te freegjen oft sy en Joe wol yn itselde ferhaal libje oer hoe’t harren takomst en berikken opboud binne.

Wylst Joe ûnder grutte spanning stiet om de erkenning en it priizgjen fan syn persoan omearmje te kinnen, nimt syn frou Joan in oar paed, op syk nei har eigen ferhaal. Yn dit relaasjedrama mei Skandinavysk tintsje rint de spanning hieltyd mear op, wylst eltsenien hoopfol wacht op it grutte momint foar de famylje. Mar de haadpersoan driget te missen.

The Wife is noch te sjen yn Slieker yn Ljouwert.

 

Film: The Wife (2017)
Rezjy: Björn Runge
Mei: Jonathan Price, Glenn Close
Sjoen: op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert (5-11 novimber 2018)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.