Soči, in reis troch in Sloveenske hymne

Publisearre op 8 september 2022

SYDS WIERSMA –

De wike foarôfgeand oan The Days of Poetry and Wine yn it Sloveenske Ptuj, dêr’t ik optrede moast, reizgen wy troch West-Slovenië. Ik hie der noait west mar ûntduts dat it ien fan de moaiste stikken Europa is dy’t ik ken. In magnifike berchstreek, mei spektakulêre útsichten en paden, en hjir en dêr djippe kloven om dy yn te ferliezen. Mar it wie benammen de rivier de Soča dy’t ús fassinearre. Boppe yn de bergen skûmjend mintgrien en nei it suden ta ferkleurjend nei in sljurkjend smaragdgrien. In magysk wêzen ûnderweis nei de Golf fan Triëst. Krekt as elkenien hie de Soča lêst fan drûchte. Se wie minder wyld en boartlik as oars. Lykwols friet har kjeld dy yn ‘e bonken ast besochst te swimmen yn har boppeloop.

Soči

Soči

Op in moarn dronken wy in kop kofje yn Most na Soči (‘Most oan de Soča’). It griene bist lei te sliepen, it lei hjir breedút en streamde sêft. Der waard supt en kayakt, in radarboatsje mei in groep bejaarden tufte by ús del. Wy fregen ús ôf hoe djip oft de rivier hjir wie. Al googljend diene wy in folle wichtiger ûntdekking. It die bliken dat ien fan de bekendste Sloveenske gedichten oer de Soča gie. De rivier hie pryster-dichter Simon Gregorčič yn 1879 ynspirearre ta wat yn Slovenië noch altyd beskôge wurdt as in masterwurk. ‘Soči’ hjit it, ‘Oan de Soča’, dat wol sizze, net sa’t wy oan de Soča sieten mar in hommaazje oan de Soča.

Gregorčič (1844-1906) wie in bern fan de Soča. Hy kaam te wrâld yn it berchdoarpke Vrsno, dêr’t er as lyts jonkje op de heechlannen skiep hoede, mei djip ûnder him de smaragden rivier. Wy liezen it gedicht yn in Ingelske oersetting dy’t wy online fûnen. Al wie it in oersetting, wy fielden hoe’t it fers dûnsje woe en de gesichten hie dy’t wy de ôfrûne dagen fan de stream sjoen hiene. Op de kaart seagen wy dat ast de hichtelinen bûten beskôging lietst, Vrsno flakby Most lei. Der wie sels in museumke ynrjochte yn it bertehûs fan de dichter. Wy smieten ús plannen foar dy dei om en rieden oer stille dykjes de hichte yn. ‘A leap into faith’ hjit soks, want it gie smel en hierspjeldzjend omheech.

Vrsno is in gat, in espeltsje berchhuzen dat inoar om ‘e hals hinget. Kinst dy der de kont hast net keare. Achter ien fan de huzen wei kaam in jonge tefoarskyn. Hy prate wat Ingelsk en bliek by de famylje Gregorčič en it museum te hearren. Hy brocht ús om ‘e hoeke nei in soarte fan binnentún tusken trije huzen. Der siet in groepke minsken te drinken oan in lange tafel. It wiene dúdlik gjin museumbesikers, earder lju dy’t dêr wennen. Se seagen ús wat ferheard oan mar net ûnfreonlik. Ik sil jimme net ferfele mei alle details oer it libben fan Gregorčič dy’t it museumke ús priis joech. It moaiste fûn ik in fitrine mei in rychje earste printings fan syn dichtbondels dy’t de dichter alle trije de titel Poezije jûn hie. Ienfâldich, krêftich eagen se. Relykjes yn in skryn, want is it net sa dat boeken de bonkjes, túfkes hier, stikjes hert fan in skriuwer binne? Hillige partsjes fan dy lytse skeppers. Ien fan de bondels lei iepenslein by it gedicht ‘Oan de Soča’ en dêrnjonken leine publikaasjes fan twa Dútske en in Italjaanske oersetting. Dy begjinne sa:

Schön bist du, muntres Alpenkind,
mit Reiz hat dich Natur umwoben

Wie herrlich, muntres Alpenkind
Hat dich Natur mit Reiz umwoben

Stupenda sei delle Alpi biglia snella,
gioconda nella natural beltade


Wy spaanden aardich lang yn it museumke om. De lju bûten fûnen dat blykber bysûnder want doe’t wy nei bûten stapten, nûgen se ús daliks út om oan te skowen foar in glês sels stookte cognac of sljivovitsj as wy dat leaver hiene. Ien fan de âldere manlu bliek in beppesizzer fan in suster fan de dichter te wêzen. It museum wie syn bertehûs. Der siet ek in amateur-operasjongeres oan tafel, in sekere Sonja. Nei wat hinne-en-wer gepraat oer har repetoir gie se oantrúnd troch har tafelgenoaten stean en song se it Ave Maria fan Schubert. As dit in amateur is, tocht ik, hoe soe in Callas dan klinke yn de akûstyk fan dizze binnentún?

Optreden Syds Wiersma

Optreden Syds Wiersma

Nei in daverjend applaus en nije glêzen kaam it petear op it gedicht en de Soča. De achterachterneef fan Gregorčič rekke emosjoneard. Neffens him wie ien fan de gongbere opfettings dat ‘Oan de Soča’ in profetysk gedicht is oer it Isonzo/Soča Front dêr’t yn de Earste Wrâldoarloch mear as 300.000 soldaten it libben lieten, ûnsin. Syn âldâldomke wie gjin oarlochsdichter en likemin in profeet. Hy skreau oer de berte en de siel fan it Sloveenske folk. By sokssoarte folkssentiminten fiel ik my frij gau ûngemaklik. Dêrom brocht ik nei foaren dat it gedicht miskien gie oer Gregorčič syn persoanlike reis, as mins en as dichter, en dat er de Soča brûkt hie as in metafoar foar syn libbenswei. De man seach my fernuvere oan, mar it noaske him blykber wol, want hy skonk my daliks noch in cognacje yn. Na zdravje!

Yn ‘e auto werom nei ûnderen fregen wy ús ôf hoe’t it Sloveenske taalspul fan Gregorčič yn it Frysk klinke soe. Wy begûnen it gedicht oer te setten. Net dat wy Sloveensk kenne, mar wy hiene fjouwer oersettings by de hân en de Soča sels nûge ús út ta sokke boarterij: reizgjend by de rivier del it klankrike Sloveensk fan de dichter mei al dy tsj-, sj- en zj-achtige lûden besykje oer te bringen nei it Frysk dat wat klankrikens oangiet foar gjin inkele taal ûnderdocht. By elke rigel dy’t wy by de kop hiene fregen wy ús ôf, wat hat de dichter krekt sjoen, werkenne wy dat fan ús tocht by de Soča del, hoe klinkt it yn it Sloveensk, wat hawwe de oersetters dermei dien, wat soe Gregorčič dêrfan fine en hoe soe it op syn bêst yn it Frysk klinke? Troch sa yngeand mei it fers dwaande te wêzen, krige de Soča foar ús in oare diminsjes. Wy seagen troch de eagen fan in bern fan de Soča en wy folgen syn libben en petear mei de rivier.

Der tsjinnen har nije ynterpretaasjes fan it gedicht oan. Sa hiene wy yn it museumke lêzen dat Gregorčič doe’t er pryster yn Kobarid wie, in stedsje healwei de rin fan de Soča, fereale rekke op Drogojila Milek. Sy wie ûnderwizeres yn Kobarid. Hy begûn har brieven en leafdesfersen te stjoeren. De geheime leafde kaam út en Gregorčič waard troch de Tsjerke oerpleatst nei Gorizia, ek oan de Soča mar folle súdliker, by de Sloveensk-Italjaanske grins. Dêr soe er bliuwe en dêr skreau er it gedicht. Soe it kinne dat de stadige en wurge stream fan de Soča, dy’t dêr de Italjaanske leechflakte ynstreamt en dy’t Gregorčič besiket te treasten en moed yn te sprekken, oer syn eigen wanhopige gefoel fan ferwidering giet? En wêrom soene wy de fijân dy’t him út de súdlike flakten wei oppenearret en it bloed dat dêr floeie moat, letterlik nimme? It kin likegoed gean oer fijannen dy’t syn dichterskip en ynspiraasje bedrige. Yn goede poëzy stiet der eins nea wat der stiet. Letterlike ynterpretaasjes binne altyd ferliedlik, yn ‘e literatuer, by hillige skriften, mar se binne hast altyd earmoedich en liede yn it uterste gefal ta radikalisme en grouwélichheden.

hânskrift Simon Gregorčič

hânskrift Simon Gregorčič

Doe’t ik in wike letter yn Ptuj yn in tunnel ûnder it kastiel mei de Hongaarske dichteres Anna Terék yn petear gie oer it skriuwen fan poëzy, krigen wy it ek oer de keunst fan it oersetten. Ik fertelde oer ús aventoer by de Soča en frege it publyk oft se it gedicht fan Gregorčič koene. De oanwêzige Slovenen laken lûd. Se rôpen dat se it allegearre út ‘e holle koenen, ferplichte kost op skoalle. En sa droech ik dêr yn it tsjuster fan in skûltunnel by feal lampeljocht samar in nije oersetting fan in Sloveenske hymne foar, yn in taal dy’t de measte lju dêr noch noait heard hiene. As dichter bist wend om oer de grinzen fan talen en tiden hinne te gean, dat heart by it evokative elemint fan poëzy, mar sa yntim, mei minsken dy’t dy eksoatyske Fryske taal troch har eigen taal hinne yn har hert klinke lieten, hie ik it noch net belibbe. De magy fan poëzy.

Oan de Soča
Simon Gregorčič (1844-1906)

Fûnkeljend bist, do sparkeljend berchbern,
wat hat de natoer dy rynsk omearme,
dyn kleare djipten hawwe noch gjin aan
fan de wredens fan tsjustere stoarmen.
Fûnkeljend bist, do sparkeljend berchbern,
dyn stream is fol libben en trinten,
sa’t de famkes út de bergen rinne.
Do bist suver as de berchlucht,
do bist helder as it moedich sjongen
fan de harderinnen op de simmerhichten.
Fûnkeljend bist, do sparkeljend berchbern,
ik sjoch sa graach yn dyn eagen,
se dûnsje en glydzje blaugrien,
it donkergrien fan de hege miedlannen
en it fleurich blau fan de hichten
fleagen elkoar blier yn ’e earmen.
Fan de dau fan de blauwe loften,
fan de dau fan de griene bergen
hasto dyn skientme dronken.
Fûnkeljend bist, do sparkeljend berchbern,
bist myn leafste freondin!
Asto brûst út de berchbosken wei
likest in boadskipper út myn bertedoarp
en draachst in bûsefol leave tuten –
dat God dy by de hân nimt troch de flakten.
Wêr is dyn libbenswille bleaun,
wie it ôfskie fan de hichten,
de krêbe fan dyn weagen, te dreech?
Wêrom streamst sa stadich en wurch,
wêrom klinke dyn stimmen ferslein,
faaks witst datst by de grêven delrinst,
de grêven fan ús Sloveenske lân?
In dûbeld fertriet fielst hjir,
yn dit fertriet, stikken en oanein,
komst my oan as ien grutte trien,
mar sels as in trien – fûnkeljend
fûnkeljend bist, do sparkeljend berchbern,
betsjoenst ús mei dyn natuerlike skientme
salang ’t de grime fan helske stoarmen
dyn heldere djipten net yn ûnstjoer bringe.
Mar o wee, myn earme bern,
in yslike stoarm, in grouwélige stoarm
driget dy.
Hy sil deryn bolderje út it waarme suden wei,
hy sil him tjirgje troch de fruchtbere flakte
befloeid troch dyn wetters –
Oe!, dy dei is net fier.
Oer dy sil in bôge slein wurde,
om dy hinne heilstiennen fan lead,
bloedrein en triennestream,
bliksem en donder – o, hite striid!
Hurd stiel sil dizze lannen slaan
en do silst fol mei bloed rinne:
ús bloed foar dy om te drinken,
dat fan de fijân besmoddet dy.
Bring dy dan yn ’t sin, kleare Soča,
it biedwurd fan dyn fjurrige hert:
alle wetters burgen
yn de wolkens oan dyn loft,
alle wetters yn dyn heechlannen,
alle wetters fan dyn bloeiende flakten,
bring se allegear tefoarskyn,
riis op, skûmje yn in meunsterweach!
Lit dy net bedimje troch wâl en kant,
brûs as in tuorre oer de dykwurken
en skuor de frjemden roppich om lân
nei de boaiem fan dyn kolkjende stream.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels