Dútske soldaten oan it wurk set by it opromjen fan minen. Foto: Nationaal Archief
fotografy: Dútske soldaten oan it wurk set by it opromjen fan minen. Foto: Nationaal Archief

Skjirpapier: In NSB’er oan it wurk steld as minefeger

ERIK BETTEN – De Dútske besetter liet nei syn ôftocht yn april 1945 Fryslân achter mei mear as 200.000 lânminen. Net allinne de feiligens, ek de itensfoarsjenning frege om it sa gau as mooglik opromjen fan de eksplosiven, sadat de boer it lân wer op koe. Foar it opromjen waarden frijwilligers frege, mar mei nammen ek oanwiisd. It NSB-lid Johannes Boorsma fan Warkum wie ien fan dyjingen dy’t gjin kar hienen, en moast dat mei de dea bekeapje.

Op 14 april 1945 wie de befrijing fan Fryslân noch oan ‘e gong, mar binnen de striidkrêften waard dy dei al neitocht oer de needsaak de lânminen yn de provinsje op te romjen. Yn it dossier oer it ûnderwerp dat Tresoar bewarret (Militair gezag in Friesland, tagong 39, inv. nr. 120) jout in notysje dêr ynsjoch yn: ‘De oprigting van twee bataljons Mijnopruiming is in voorbereiding. Daarvoor zijn benoodigd flinke moedige mannen, die bewust zijn van de noodzakelijkheid dat de bodem van ons Vaderland ten spoedigste wordt gezuiverd’, skriuwt de korpscommandant fan Ljouwert.

Frijwilligers wienen der al, mar it wie fansels in put dy’t net fan herte dien waard. De needsaak wie lykwols folslein dúdlik, sa skreau ek de Militaire Commissaris fan Fryslân S. Aninga oan it Militair Gezag yn Breda op 25 april: ‘Hiermede roepen wij Uw medewerking in voor het opruimen van mijnenvelden, bommen enz in de omgeving van het vliegveld te Leeuwarden. Kostbaar bouwland, grasland dat niet gemaaid kan worden, opgeslagen voedsel (aardappelen) enz. zou dan vrijgegeven kunnen worden voor de voedselvoorziening. Hetzelfde geldt van de daar aanwezige voorraad bouwmateriaal, die niet vrijgegeven kan worden, in verband met het gevaar dat daaraan verbonden is. Wilt u zoo spoedig mogelijk instructeurs en instrumenten hiereen sturen.’

It byld is dúdlik. Yn in lân dêr’t minsken oan alles tekoart hienen, koe in part fan de heechnedige foarrieden net brûkt wurde fanwegen it gefaar fan de minen. Boppedat drigen de ferburgen eksplosiven de lânbou foar in part stil te lizzen, wylst der sa’n ferlet wie fan produksje. Heal maaie blykt út in foarriedich oersjoch fan Aninga ûnder oare dat by Ljouwert in minefjild leit fan fiif kilometer by twahûndert meter, dat boppe Harlingen in tal wat lytsere fjilden lizze en dat de spoarline tusken Aldegea en Warkum ek in gefaar foarmet om reden fan de eksplosiven dy’t har dêr yn en op ‘e grûn befine. En dan moatte de opjeften fan de boargemasters, dy’t in formulier tastjoerd krigen hawwe, noch ynkomme.

‘Frijwilligers’

In boerd warskôget foar de minen dy't yn it fjild lizze by de 'Fliegerhorst' by Ljouwert.Foto: Tresoar

In boerd warskôget foar de minen dy’t yn it fjild lizze by de ‘Fliegerhorst’ by Ljouwert.Foto: Tresoar

Koartsein, dy minen moasten fuort. En gau. Kanadeeske soldaten weagen har ek oan it gefaarlike wurk, mar dy lutsen nei in skoft wer fierder. It soe wer op de eigen minsken oankomme moatte, mar der wie ek in tekoart oan ynstrukteurs, sei Aninga yn deselde brief: ‘Indien u mij een instructeur zendt, ware te proberen langs deze weg iets te bereiken. Vooral in Friesland, met een veestapel, welke ternauwernood gevoed kan worden, is de opruiming zeer gewenst.’ Aninga sjocht lykwols ek oare mooglikheden. ‘Voorts vestig ik de aandacht op het laten opruimen door krijgsgevangenen of geïnterneerden, waarvoor vrijwilligers zeer zeker te krijgen zijn.’

Hoe frijwillich soks krekt wie, is de fraach. Feit is dat neist echte frijwilligers ûnderwilens Dútske kriichsfinzenen op guon plakken al oan it wurk set wurde om minen en bommen op te romjen, ek al wie dat stridich mei de Konvinsje fan Genève. Mar ek Nederlânske boargers, dy’t ynternearre waarden fanwegen lidmaatskip fan de NSB of in oare foarm van (ûnderstelde) kollaboraasje, waarden oanwiisd.

In proses-ferbaal yn it dossier yn Tresoar fertelt it skjirjende ferhaal fan in ynsidint oan de spoarline by Hieslum, op 17 maaie 1945, dy’t it libben easke fan ien fan dy yn ôfwachting fan in proses opsletten NSB-leden; de 60-jierrige fytsmakker Johannes Boorsma.

De dea fan Johannes Boorsma

Op twa foltypte fellen tin papier sketse twa plysjeminsken yn detail hoe’t it dêr misgong by it opromjen fan skroat en eksplosiven. In groepke NSB-leden wie dy dei oan it wurk by it spoar, op it plak dêr’t op 12 april in munysjetrein besketten wie en útbaarnd. Lucas Zoethout, dy’t as helpplysje it tafersjoch hie oer de te wurk stelde manlju, beskriuwt hoe’t hy om trije oere middeis in ‘flinke explosie’ hearde. ‘Ik stond met de rug naar de explosie en eenige stukken ijzer vlogen langs mij heen. Op het hooren van het geluid draaide ik mij om en zag dat de mij bekende N.S.B.er Johannes Boorsma, wonende te Workum aan boord, thans gedwongen verblijf houdende in het voormalige Arbeidskamp te Workum, zijn buik met beide handen vastgreep en erg kreunde. Ik was ongeveer 30 meter van hem verwijderd en zag dat hij waggelende nog eenige stappen deed en daarna neerviel.’

Zoethout hie net sjoen hoe’t it krekt barde. Hy besocht earste help te ferlienen, liet in dokter en Boorsma’s frou komme, mar it wie om ‘e nocht. Nei in heal oere wie de man dea.

As tsjûge en belutsene by it ynsidint komt dan Aldert Siemonsma oan it wurd, ek in Warkumer NSB-lid. ‘Op genoemd tijdstip wierp ik een handvol scherven op een hoop. De mij bekende Johannes Boorsma kwam ook met een handvol scherven aanloopen en wierp dit terstond na mij op dien hoop. Direct daarna volgde er een vrij hevige explosie, tengevolge waarvan de scherven in het rond vlogen. Ik werd hierdoor aan mijn linkeronderarm en rug gewond. Boorsma, die geen 2 meter van de explosie verwijderd was,  werd onmiddellijk doodelijk getroffen. Hij bleek aan zijn onderbuik ernstig gewond te zijn, want hij hield zijn handen voor de buik en kreunde van pijn. (…) Ik heb niet gezien dat er nog een niet ontploft projectiel bij genoemden hoop lag. Het is mogelijk, dat die eenigszins in den grond heeft gezeten.’

It proses-ferbaal gie mei wat oare stikken nei de Officier van Justitie yn Ljouwert en nei it Militair Gezag yn Snits, mar in ferfolch krige de saak net. It wie domme pech, oars net, en yn ‘e kranten fan dy dagen waard der gjin wurd oer skreaun. Der wienen wol oare ûnderwerpen om jin drok oer te meitsjen.

Gjin moederaasje

Hoe hurd minsken yn dy tiid oer sokke foarfallen tinke koenen, blykt al út oare krantestikken yn ‘e simmer fan 1945. It opromjen fan minen (op dat stuit rûsd op sa’n 200.000 yn Fryslân allinnich) wurdt fan july ôf mear en mear oerlitten oan Dútske kriichsfinzenen en Nederlânske SS’ers, al bliuwe der ek boargerfrijwilligers har libben weagje foar de relatyf hege fergoeding dy’t der dan klear leit. De Leeuwarder Koerier skriuwt sûnder begrutsjen oer de behanneling fan de finzenen: ‘Ook aan het strand worden mijnen geruimd door Duitschers, die na hun verklaring dat een bepaald stuk goed schoon was geveegd, de proef op de som moesten leveren en gearmd door het geruimde gebied moesten marcheeren. De heeren hadden het veld zoo goed schoongemaakt, dat al dadelijk twee mijnen ontploften en twee Duitschers de lucht invlogen. Het resultaat was, dat een volgend stuk strand wel degelijk volkomen schoon werd gemaakt. De Canadeezen weten de heeren gelukkig aan te pakken!’

In spikerhurd kommentaar út in tiid wêryn’t it faak noch sykjen wie nei in nije morele balâns.

– – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – –

Skjirpapier

Dit is de fiifde ôflevering fan de rige Skjirpapier, dy’t yn gearwurking mei Tresoar in jier lang dy argyfstikken nei foaren hellet dy’t net passe by hoe’t wy de wrâld no it leafste besjen wolle. Dêr’t oare opfettingen oer minderheden, it lânskip of de moraal út sprekke. Of dy’t te pynlik binne om mei de krekte distânsje te beskôgjen. Mei spesjale tank oan Otto Kuipers, Tresoar.

Erik Betten is histoarikus, sjoernalist en skriuwer.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.