Skaal en maat fan Ids Willemsma

Publisearre op 26 juli 2019

KAREN BIES – 

Foar it earst sil Ids Willemsma se oan it grutte publyk toane: de skaalmodellen fan syn keunstwurken. Yn de tentoanstelling ‘Ids! – Sjen, Sjoch, Sjoen’ komt in libben lang keunstner wêzen foarby, yn bylden en gedichten. Op ’e souder fan syn hûs yn Easterwierrum steane de modellen yn lange rigen neistelkoar op ’e grûn, klear foar de ferhuzing nei OBE. It is apart om safolle grutte bekende keunstwurken sa lyts en flak neistelkoar te sjen. De timpel fan de seedyk, de brêge fan De Pein. ‘De Spits fan Ids’ fan Oerterp, dêr’t ik altyd ûndertroch ryd, is hjir mar in lytse priem, ik kin der sa oerhinne stappe. It oarlochsmonumint yn Akkrum (1970) wie it alderearste keunstwurk dat ik as bern bewust seach. No gean ik troch de knibbels om dat ûntwerp, lytser as in pjut, fan tichtby te bestudearjen.

 

De earste trije moanne fan myn libben bin ik amper oanrekke en lei ik yn ’e widze mei de gerdinen ticht. Ik hie in foarm fan ekseem.

 

Mear as hûndert modellen steane der. Jierrenlang yn doazen sitten, smoarch en ferrustke, guon fol gatten, guon wiene sels hielendal fergien. Mei help fan syn freon Fré Vogel hat Ids skjinmakke en oppoetst wat oer wie en noch koe. Dêrnei waarden se yn ’e waaks, kachelpoets, ferve of meny setten. De mannen wiene de hiele winter warber en Ids Willemsma krige der hieltyd mear aardichheid oan. Yn stee fan oer keunst soe Ids trouwens leaver prate oer freonskippen, en tegearre nei de radio lústerje. ‘Myn keunst is gewoan in fertaling fan myn libben.’

Wêr giet dyn keunst dan oer?
‘It giet oer my, wat der om my hinne gebeurt en wat der groeit en bloeit, wêr’t ik my oan ergerje, wêr’t ik plezier fan krij. It wurkjen oan keunst lost de iensumheid op.’

De telefoan giet. It is Foppe de Haan, dêr’t Ids in jûn mei organisearje wol oer ‘keunst en sport’. Foppe seit ta. Hy komt ek op de iepening. Ids is bliid.

Sil hy de tentoanstelling ek iepenje?
‘Dat soe oars wol wat wêze, mar dat regelje se by Tresoar.’

Mei Foppe kin dat wol emosjoneel wurde.
‘Ja, want ik bin soms ek wol emosjoneel.’

By de tentoanstelling hearre ek gedichten fan Ids Willemsma, en de hiele simmer is dêr in programma fan lêzingen en oare aktiviteiten. Foar it earst komme de skaalmodellen foar it ljocht, wylst de belangstelling der al hiel lang wie. It Fries Museum en Museum Belvédère hawwe der ek al ris nei frege. Ids: ‘Mar ik haw it altyd ôfkitst. Omdat ik se eins net goed genôch fûn. Yn it grut binne se moaier. In skaalmodel is in ympresje fan wat ik meitsje wol. Dat komt yn in grutter byld better ta utering, omdat ik it ek fuort yn dy maat foar my sjoch. Kenners seine altyd: Ids is hiel goed yn skaal en maat. Dat is myn kracht. Hoe grut at sa’n wurk wêze moat om ynfloed te hawwen op de romte, sûnder dat minsken sizze: bah, ik fiel my hjir net noflik. It moat dus wol by de minske passe en by de romtlikheid. Romte freget en romte fertelt.’

Hoe witst dat?
‘Ik tink dat ik dat leard haw troch de natoer, troch te sjen nei de beammen en de fûgels. No ek. It is wol gesellich kofjedrinken mei dy, mar tagelyk sjoch ik troch it rút in sperwer. Juster siet dêr in hoarnûle de hiele dei yn ’e beam te slommerjen. Nei bûten sjen sit yn my. De earste trije moanne fan myn libben bin ik amper oanrekke en lei ik yn ’e widze mei de gerdinen ticht. Ik hie in foarm fan ekseem. Dokter hie tsjin ús mem sein dat se my sa min mooglik oanreitsje moast, omdat it besmetlik wêze soe. Ik mocht net oan ’t boarst. Miskien is dêr al wat misgien, mei it hechtsjen. Us mem hat my ek noait oanhelle of op ’e skurte nommen. Sy hie as bern gjin waarmte hân en koe dat ek net trochjaan. Letter doe’t ik foar it rút lei, fleagen myn eagen hieltyd yn ’e tûken fan de beammen, achter de mosken oan.’

Yn dyn keunst komme fûgels faak werom.
‘Opfleanende fûgels. Dat is meastal net iens de bedoeling, mar it is sa. Ik woe altyd nei bûten, nei de boer, de hynders, kij, geiten, en de fûgels. De legere skoalle wie in drama. Ik kin de greppel ûnder de hagedoarn úttekenje dêr’t ik my ferstoppe. Linksôf in sleat, ik seach dêrwei de apelbeammen yn de neistlizzende notaristún.

Ik hie in ôfgryslike hekel oan skoalmasters. Master Inia liet my alle middeis neibliuwe en gong sels nei hûs te teedrinken. Master Hoekstra hat my skopt. Doe’t ik in kear njonken myn skoalbank stie, foaroerbûgd om myn skriuwkaart foar it ‘schoonschrijven’ út myn fak te heljen, joech er my in hurde skop ûnder de kloaten. Der kaam in grut blau plak ûnder myn koarte broek wei. Us mem frege: “Wat hasto dêr?” Us heit sei: “Dan sil er it wol fertsjinne hawwe.”

Heit koe sels ek ôfgryslik gemien knipe. Hy siet fol stress. Hy hie it redensfabryk yn Akkrum en dat wie earmoed. De arbeiders moasten har leanpûdsje al krije, wysels hiene hast niks. Fan myn achtste jier ôf moast ik al meihelpe, op freedtemiddeis de troep fan de wike oanfeie. Ik woe boartsje of reedride, mar as der iis lei wie it krekt drok yn it fabryk. Al betiid learde ik de reedizers foar de berneredens te rjochtsjen. De djoeren mei stiel op izer waarden dien troch heit of oare faklju. As de arbeidsynspeksje kaam, heit in frjemde auto op it hiem seach, stoppe er my yn de kast achter de ambylden en moast ik dêr in healoere stean bliuwe.’

Ids syn broers en susters mochten nei de ulo of de hbs, mar heit woe him yn it fabryk hawwe. Dus gong Ids nei de ambachtsskoalle op It Hearrenfean. ‘Dêr ûntduts ik dat ik goed yn sport wie. Ik draafde alle jonges derút en waard kampioen fan de skoalle. Ik krige in brief fan AV’55 oft ik net op atletyk komme woe. Myn âldste broer Douwe sei dat ik dêrhinne gean moast. De earste wedstriid yn Ljouwert wûn ik fuort, dêrnei rûn ik faak wedstriden, it leafst de 1500 meter en oars de 800 meter. Ik wie in goeie rinner mar koe net oer de spanning. As ik sneons rinne moast en tongersdeis it gronologysk oersicht fan de wedstriid kaam, wie ik al oan ’e skiterij.’

Wêrom wiest sa senuwachtich?
‘Ik tink dochs omdat it thús niks foarstelde wat ik die. Dy sport ek net. Yn 1965 hearde ik by de bêsten fan Fryslân, op it noardlik kampioenskip waard ik twadde. Mar doe’t ik thúskaam, fertelde ik dat net. Mem hie in panne bakte ierappels foar my en ik ha noch in pear stikken bôle opfretten. Ik sei niks. Heit wie drok mei de redens. Jo diene jo ding en fierders net. Sneins achter yn tsjerke haw ik it myn maten wol ferteld.’

‘As der in broer of suster eksamen die fan de ulo of de hbs wie der in fuif, sa hjitte dat. Se krigen in grut feest en oeral stiene fytsen, tsjin de muorren en de beammen, ús hiele hiem stie fol. Doe’t ik slagge, frege ik: “Krij ik no ek in fuif?” Us heit sei: “Foar de ambachtsskoalle? Kom no!” Bist gek, dêr holden jo gjin feest foar. It wie minderweardich. Jo moasten leare, dan wiene jo wat. Dy keunstakademy fûnen se ek niks.’

Wannear betochtst dan om keunstner te wurden?
‘Dat betocht ik net. Ik ha earst Smecoma dien, ‘Smederij, Constructie en Machinebouw’, de oplieding ‘jong gezel’. Myn buorjonge Rienk Kleefstra siet op de kweek, hy seach watfoar izeren beestjes en fûgeltsjes ik makke en sei: “Do moatst nei de keunstakademy.” Ik wist net iens wat dat wie. By it talittingseksamen seach ik allegear jonge minsken mei fan dy grutte mappen. Ik hie in boadskippetas mei myn beestjes. Mar de kommisje wie der samar út, ik waard mei betingsten talitten en moast ekstra fakken folgje omdat ik net genôch foaroplieding hie.’

Mar op de akademy krigest dyn earste opdracht al?
‘Yn it twadde jier seach ik de oprop yn Het Klaverblad foar in oarlochsmonumint yn Akkrum. Ik makke in ûntwerp en frege myn learaar Kees van Renssen: “Zou u eens willen kijken of het goed genoeg is?” Yn syn Lelijke Eend rieden wy tegearre nei myn húske oan de Leppedyk. Hy beseach myn skaalmodel en sei: “Stuur dat maar in.” Hy fûn it hartstikke goed. Ik wist net dat hy de oarloch as bern yn in kelder trochbrocht hie. It ûntwerp mei dy heakske hoeken giet oer ‘jo oprjochtsje’. In hurdrintrainer sei altyd tsjin my: “Hou je haaks.” Wat plat is, is dea. Libje is rjochtop.’

‘Ik tink lang nei oer ûntwerpen. Dat ding op ’e seedyk krijt altyd in soad oandacht. In man liet my in foto sjen fan syn frou by dat keunstwurk. Sy hie kanker en woe dêr noch ien kear sjen. Dêr wurd ik dan emosjoneel fan. Ik fyn it belangryk dat minsken derfan genietsje kinne.’

Wat fynst fan de fonteinen?
‘Ik haw oeral del west op ’e racefyts, ik doch geregeld in alvestêdetocht. Ik wit net, al dy popkes en beestjes en blomkes. Minsken fine tsjintwurdich dat se fuort sjen moatte wat it is. Mei fotootsjes en plaatsjes, maklik en fluch te begripen. Net even derfoar sitten gean en neitinke by wat jo sjogge. In soarte fan rekreaasjekeunst. Myn ûntwerpen binne abstrakt, want ik wol djipper grave, it moat djipper gean as op it earste gesicht. Yn de rin fan ’e jierren is myn keunst miskien wol wat ferheljender wurden. Mar dat is in ûntwikkeling dy’t út mysels wei komt, dat hat neat mei oaren of mei de tiid te meitsjen.’

Do seidest datst de skaalmodellen eins net moai genôch fûnst. Hoesa net?
‘By sa’n lyts ding is elke lask of soldearsel hiel grut. Om in ûntwerp op deselde skaal te laskjen, snijbrânen of soldearjen is hast net te dwaan. Krekt de details binne hiel wichtich. Ik sjoch it altyd fuort as in keunstwurk by in fabryk makke is. Ien hat technyk en konstruksje op in HTS of sa leard en bringt dat oer op in keunstwurk. Hy set wat yninoar en brûkt dêrfoar in sketsplaat. Mar dat fyn ik gjin keunstnersoplossing. In keunstner docht it subtiler.’

Wat is in sketsplaat?
‘In plaat om twa izeren dingen stevich oanelkoar fêst te meitsjen. It is in lompe oplossing fan in techneut fan in yngenieursbedriuw. Mar dat fyn ik net moai, ik wol der eins leaver gjin sketsplaat yn hawwe. Dat is optysk hiel wichtich. Soms sweve dingen. Dan betink ik sels wat om dochs dy sterkte en dy kracht deryn te krijen. In idee fan balâns en technyk.’

Bisto goed yn wiskunde?
‘Ik bin in hiele minne rekkener. Doe’t dy bûsjapanners kamen, wie dat in geweldige útkomst foar my. Ien fan myn earste keunstwurken is Pythagoras (1968). Mei trijehoeken makkest dingen hiel sterk, dêrom wurde se in soad brûkt yn ’e technyk. Do silst mar meimeitsje dat dyn keunstwurk omfalt of fersakket. Of der falt in deade, dan bist dyn libben lang de klos. In techneut soe sizze: dan sette we dêr in plaat yn. Mar in trijehoeke mei in stik izer yn ’e hoeke, dat wol ik net.’

Hoe witst dan oft it sterk genôch is?
‘Ik berekkenje it op de âlderwetske manier. Ik wit de kerfslachwearde en de lûksterkte fan de stielsoart. Bygelyks staal 37: dat is sa sterk datst in gewicht fan 37 kilo hingje kinst oan in triedsje fan ien fjouwerkante milimeter dikte. Staal 52 is dus wer in stik sterker en sa hast ferskillende stielsoarten. It hat mei legearingen en hurdheid, Rockwell, Brinell, dat soarte fan dingen út te stean. Hast ek koalstofstiel, dêr makkest ark fan. C45 draait moai, dat kinst better ferspane. Dy stielsoarten hiene as bern al ôfgryslik myn oandacht. It moat mei dy redens te meitsjen hawwe, dêr’t ik tusken berne bin.’

Op ’e souder steane de keunstwurken dy’t Ids foar syn heit en mem makke hat. In tonne mei in râne fan izers – dat binne mear as 750 troch Ids smeide redens. Oan ’e muorre in grut wurk fan geitehierren sokken. ‘Dat is ús mem. Se wie kleanmakker en breide foar my de sokken. Yn dy klompen giet gau in pear stikken.’

Der lizze ek plakboeken mei kranteknipsels. In steapel fan in heale meter heech. ‘Ast dat trochlêst, dan haw ik altyd wol in soad protest hân. Der wie in CDA-riedslid, kunde fan ús heit en mem, dy’t myn keunstwurk opromje woe. Ald izer, sei sy. In arsjitekt hat wolris tsjin my sein: “Datsto noch wurkest man! Dat geëamel en dat kommentaar altyd.” Mar dat is dochs de sportman yn my. Foar dy wedstriden wie ik senuwachtich, mar ik ha de drive om te winnen. Om opdrachten te krijen die ik mei oan kompetysjes, en ik ha faak wûn. Der binne minsken dy’t der muoite mei hawwe dat der in tentoanstelling oer my komt. Dy wurken fan my yn Fryslân falle wol op, yn skaal en maat. Ik hearde ek wolris: “Is dit keunst? In bern kin dit ek wol.” Ik tocht dan: as dy bern dat kinne, dan moatte se it mar dwaan. Mar ik sjoch it noait fan dy bern, dat se it wol kinne.’

Yn de útstallingsromte stiet in bêd. ‘De Nacht foar de Alvestêdetocht’ hjit it. Alle klean dy’t er oan ha moat, lizze dêrop klear. En in pear houten redens, nûmer 36’ers.

Do bist eins leaver sportman as keunstner?
‘Ja. It jout my in foldien gefoel. Lekker yn ’t liif, yn ’e spieren en yn ’e holle. Mei sport kinst wat taastber meitsje. Jo kinne mjitte hoe hurd as jo ride, fytse, rinne of kanofarre. Ik ha in soad kanomaratons dien en noch noait ien ferlern. As ik as earste oer de streek kom, bin ik de bêste op dat momint. De prestaasje is sichtber. Mei keunst moatte jo winne om in opdracht te krijen, mar it is net mjitber. Oer myn keunst moast ik gauris hearre: “Dat kin myn pakesizzer of buorfamke ek wol”. Dy sport hat my op fuotten holden. Myn libben is ien grutte wedstriid, de finish leit ûnder de seadden.’

Wêr komt dy kompetysjedrang wei?
‘Miskien dochs wol by de famylje. De oare bern koene studearje. Us heit fûn it allegear niks wat ik die en dat haw ik dúdlik field.’

 

[Earder ferskynd yn de Moanne nûmer 1, 2019]

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels