Roemelings Heiligen en Heren

GERBEN DE VRIES – 

In dissertaasje is in akademysk proefskrift. De promovendus wurket fjouwer jier of langer oan dizze wittenskiplike ferhanneling en at er it fragenoerke by it promovearjen sels oerlibbet mei er himsels doktor neame. No binne der útsoarte dissertaasjes yn ferskate soarten. Yn de (ek wittenskiplike) parse wurdt de lêste tiid wolris de yndruk jûn dat der hjoeddedei folle faker as foarhinne proefskriften yn in soart fan light-fersy ferskine. Op myn fakgebiet, dat fan de skiednis en letterkunde, wurde út en troch proefskriften ferdigene fan noch gjin 150 siden. No seit de omfang op himsels net sa’n soad, mar it jout wol te tinken. Wy sille gjin nammen neame.

In twadde punt is dat dissertaasjes ferskate doelstellings hawwe kinne: in paradigmaferskowing oangeande in bepaalde opfetting, in nij locht skine litte oer in âlde kwestje, of in amperoan bestudearre saak te behanneljen. Wat de foarste twa omskriuwingen oanbelanget kin de lêste jierren wiisd wurde op de dissertaasjes fan bygelyks Paul Noomen en Goffe Jensma, en by de tredde op dy fan Hotso Spanninga. Der kinne lykwols ek proefskriften wêze dy’t gjin grutte kwestjes oanstipje en dochs fan eminint belang binne. Yn dizze kategory sit bygelyks Heiligen en Heren. Studies over het parochiewezen in het Noorden van Nederland vóór 1600 fan Otto Derk Roemeling. It ferskynde yn desimber 2013 en âld-sikenhúsdirekteur fan Ljouwert Roemeling wie doe al 76 jier. Mei it noarden fan Nederlân wurde de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte bedoeld, mar it is rillegau dúdlik dat it ûndersyk foaral oer Fryslân giet en dat de oare twa gewesten mear as fergelikingsmateriaal tsjinje.

Ut de titel docht al bliken dat it net oer ien bepaald ûnderwerp giet en it is feitlik in bondel fan trije ferskate stúdzjes. De ‘heiligen’ yn de titel binne de tsjerkepatroanhilligen. De kerstening fan it lân feroarsake in rige stiftingen fan tsjerken en dêr hearden yn de roomsk-katolike tiid patroanhilligen by oan wa’t de godshuzen wijd wiene. It twadde tema is in ûndersyk nei de relaasje tusken parochytsjerken en kleasters. It grutste part fan de dissertaasje wurdt bestege oan de ‘hearen’ oftewol de priesters. It giet oer de wijdingsprosedures, de sielesoarch, de relaasje tusken it (lânshearlik) gesach en it rjocht fan beneaming en de mooglike kontrole op it gedrach fan de priesters. Fierders hat Roemeling útsocht út hokfoar lagen de priesters weikamen en hoefolle fan har in akademyske oplieiding hân hiene. Wat dat lêste oanbelanget: ja, de measte priesters kamen gewoan út de eigen krite en noch gjin 25% studearre oan in universiteit.

De grutste wearde fan dit proefskrift leit lykwols net yn de tekst of yn de konklúzjes. Roemeling hat in grut part fan syn libben hast alle frije tiid opoffere om ûndersyk te dwaan yn boargerlike en tsjerklike argiven, oant yn it Vaticaan yn Rome ta. Dit libbenswurk is werom te finen yn de bylagen. De wichtigste derfan is bylage I: de CD-ROM mei gegevens oer patroanhilligen en priesters yn de midsieuske parochies yn Fryslân. Omdat Fryslân yn de Midsieuwen hast 400 parochies telde wie dit in wier muontsenwurk. Tefolle om as lêzer sels te tsjekken en ik haw derom allinne it plak neigien der’t ik opgroeid bin. De patroanhillige wie Johannes Baptist, net sa frjemd omdat de tsjerke ta de Johanniter kommanderij Hospitaal yn Snits hearde. Roemeling hellet echt út alle mooglike argiven gegevens oer de pastoars en oare saken wei, dy’t lang net allegear yn de besteande litertuer te finen wiene. Yn dy sin is it proefskrift en foarl de CD-ROM foar elke doarp yn Fryslân hjoeddedei in Fundgrube foar de Midsieuske skiednis. It Korpus Roemeling is fansels net folslein, want dat bestiet troch brek oan argyfmateriaal no ienris net. En tsja, at der ris in tsjerkeried is dy’t de namme fan har tsjerke net feroarje wol no’t Roemeling útsocht hat dat der dochs wier in oare patroanhillige west hat? De wittenskip kin neat oars dwaan as feiten oanrikke en Roemeling had der hiel wat oanrikke.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.