Recycled Poem / Frijheidskollaazje

ARJAN HUT –

 

POEM!        FISKÔFSLACH!
Dêr leit alles gat-ver
Û—————-Û
dêr driuwe ús klean fleskes sekjes tupperware bekjes
bôletrompkes sjippesop
dy ballon dy ballon dy ballon komt net wer los

STOP
dramme ferjamme yn fersmoarge bad plestik slangen draaie
om grienwosken hammen pak myn hân de fisken balte de wespen
bolderje it ferstân op nul
en alle mikroskopyske dieltsjes sinke sinke sinke

HALLELUJA

it gesicht fan Madonna

STOP

“aan alles alles
komt een einde aan

de route van een bus
de benen van je zus

aan alles dus”

Jezus Sorry – Judas Knus

de zon schijnt grauw
de stenen steken

de stêd jankt
de gloppen roppe
en alle hûnen blaffe nei my
en de baaskes blaffe nei de hûnen
‘hâld dy no de bek ferdomme!’
myn fuotten blaffe
de blommen blaffe
de sinne blaast
ik blaf mei de kobben nei de sinne, blaf nei it ljocht en de stiennen
de stiennen frette triennen
de sinne slikket har kattetong’ oer reade nekken
alle gekken
lizze yn in hoekje mei de bek iepen

kinderen kwijlen in goten
you’re frozen when your heart’s not open

M——————–M
If I could melt you’re heart

M——————–M
We’d never be apart

en alle mikroskopyske dieltsjes sjonge sjonge

HALLELUJA

it gesicht fan Madonna

o leave Madonna

STOP

de nacht jankt, de nacht ropt
de nacht in sinkgat
en we besykje wat te sliepen
de bern en do en ik / yn it skaad fan it skip
dat fêstrûn yn de puozzen om it hûs

Mary Louise, set foar de nacht it finster iepen
en ús sliepkeamer sûget him
fol bloed

(Foardroegen op 6 april yn Neushoorn under it Frijheidscollege fan IepenUp Live, mei gastsprekker Merijn “Plastic Soup Surfer” Tinga. De tekst bestiet út fragminten dy’t al earder brûkt binne troch oaren en eigen, út de prullebak weromfiske sketskes. Typt en tekene op in âlde papieren tas.)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.