Projekt ‘Poetic Potatoes’ wint Piter Jellespriis 2019

It poëtysk útwikselingsprojekt ‘Poetic Potatoes’ wûn justerjûn yn de Oranjeseal fan it Ljouwerter stedhûs de Piter Jellespriis foar de Letteren 2019. De literêre priis is moandei troch wethâlder Sjoerd Feitsma oan de stichting De Bildtse Aardappelweken oanbean. De sjuery bestie út Goffe Jensma, Kirsten van Santen en Coen Peppelenbos.

‘Like simpel as geniaal’
Poetic Potatoes is in literêr útwikselingsprojekt wêrby’t hast fyftich dichters fan Malta en út Fryslân in oade oan de jirpel skreaunen. De sjuery skriuwt yn it rapport: “Het idee was even simpel als geniaal. Een zak pootaardappelen uit Friesland, uit ’t Bildt om preciezer te zijn, ging vergezeld van een gedicht in vertaling en de aardappelen die terug kwamen brachten poëzie van Malta naar Friesland. Het idee heeft ook iets grappigs en een aardser onderwerp voor de poëzie is nauwelijks denkbaar en toch leverde dit uitgangspunt boeiende poëzie op.”

It projekt mingt talen, ierpelboeren, dichters en nasjonaliteiten trochinoar. Poetic Potatoes lit de wearde en de krêft fan it lokale en fan de eigen kultuer sjen, lit de sjuery witte.

Parallel oan dit programma dienen basisskoallen op Malta en yn Fryslân mei troch harren eigen útwikseling. Mei de jirpelgedichten waarden ek gedichten fan skoalbern meistjoerd. Dêrneist waard der in meartalich en literêr lespakket oanbean oan de basisskoallen.

Gearwurking
Yn gearwurking mei Stichting Bildtse Aardappelweken fersoarge ‘de Moanne’ de seleksje fan de gedichten, de oersettings en de dichters. Yn dit dossier alles oer it projekt Poetic Potatoes. Dat smiet in dichtbondel fan 80 gedichten en oersettingen op. De bondel is te krijen yn ferskate boekhannels en is foar €5,00 ek te bestellen fia: info@bildtseaardappelweken.nl.

Piter Jellespriis
De Piter Jellespriis giet om de fjouwer jier nei in literêr wurk dat troch de taal of troch de kar foar in bepaald ûnderwerp in relaasje mei Fryslân hat. De winner krijt in oarkonde en in bedrach fan 2.500 euro fan de gemeente Ljouwert.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.