Portfolio Jan Enno de Jong
Jan Enno de Jong (Noordoostpolder, 1967, no wurksem yn Grins) groeide op yn Skalsum. De eigene byldtaal fan de keale klaailânskippen, mei hjir en dêr in hoekige pleats, hat him nea wer loslitten. Wennear fiele je je yn sa’n lânskip thús? Wannear ha je in plak je eins ‘eigen’ makke?
Dy ferhâlding, tusken it ûneinige iepene nimmenslân en je eigen feilige binnenwrâld, is it wurkterrein fan De Jong. Yn assemblaazjes, ynstallaasjes, tekeningen en skilderijen konstrueart hy syn eigen ’thús’.
Museum Martena yn Frjentsjer eksposeart fan 10 desimber 2016 oant 29 jannewaris 2017 it wurk fan Jan Enno de Jong. Sjoch ek: www.janennodejong.nl. Lês ek it ynterview fan Elske Schotanus mei de keunstner.