Poëzijtablo Eeltsje Hettinga kado foar alle frijwilligers

Publisearre op 27 september 2019

ARJAN HUT – 

Rein en wyn, wier dichterswaar by de ûntbleating fan it poëzijtablo mei Eeltsje Hettinga syn gedicht ‘Net te beteljen.’ Sa’n hûndert minsken steane om de stien hinne, de measten ûnder in paraplu en in beam hâldt de oaren wat út de drip. De stien leit foar de Blokhûspoarte, krekt njonken de dyk, en is earst noch bedutsen ûnder in heakke lapkestekken mei it logo fan Kulturele Haadstêd. Der binne in soad kollega-skriuwers by, lykas Jan Schotanus, Job Degenaar en Anne Feddema, dy’t ek in tablo hat.

 

De stien is in earbetoan oan alle frijwilligers dy’t meiwurke ha oan Kulturele Haadstêd en de mienskip.

 

Om healwei tolven is it kommisaris fan de Kening Arno Brok dy’t as earste it wurd nimt. “Kom wat tichterby minsken,” freget er, want it is in lawaai yn de stêd. De iene nei de oare bus komt del en oan de oare kant fan de groep binne it fytsers dy’t, somtiden protteljend en mei wat lilke bewegings, de minsken oan de kant besykje te krijen. Lijn 3 komt fan it stasjon en Lijn 603 komt krekt werom, mar Brok jout gjin belies en set syn speech troch.

Ut en troch is in flarde te ferstean fan wat de kommisaris seit. Wurden op as ‘kasjet’, ‘netwurk’ en ‘Fryslân’ pike boppe it ronken fan it ferkear út. De stien is in earbetoan oan alle frijwilligers dy’t meiwurke ha oan Kulturele Haadstêd (Lijn 18 komt del) en de mienskip. Hy neamt Hettinga ‘ús dichter’ en makket wrâldkundich dat men begong is om de Ljouwerter poëzijrûte, yn 1993 úteinset mei tsien stiennen fersen ta gelegenheid fan it ôfskie fan boargemaster te Loo, tagonklik te meitsjen foar minsken (de rem fan Lijn 611 pipet) mei in fisuele beheining.

Ek Peter van Dijk, bestjoersfoarsitter fan Stichting Poëzietableau’s sette yn de rein de frijwilligers yn it sintsje. Hy kundiget in nij platfoarm foar kultuerfrijwilligers oan, en fertelt oer de folgjende stien dy’t al in dei letter ûntbleate wurd. “Van Eppie Dam, die (Lijn 51 hâldt ho) komt op de Noorderbegraafplaats.” Stienhouwer Hutting hat in nije metoade fûn om de tablo’s langer moai te hâlden. “De steen om de letters wordt weggefreesd, zodat de letters op de steen liggen.” In wynfleach, achter Lijn 62 wei, en in mânske tûke klapt op it kleed. Nimmen rekket ferwûne en op it tablo sit 100 jier garânsje, dat de seremoanje kin fierder.

It binne oerfrijwilligers Wijnanda Lesterhuis en Geertje Struiving dy’t de eare ha om it gedicht iepenbier te meitsjen. Mei ien haal helje se it kleed fuort. Wylst Lijn 651 de doarren iepenskoot, krijt de dichter sels it wurd. “Ik fyn it in eare om hjir te lizzen”, begjint Hettinga, “mar gelokkich mei ik der ek by stean.” Ek hy jout rom oantinken oan de frijwilligers, wol harren in feest ta ha, like djoer as alle fonteinen en reuzen fan KH bymekoar. Dêrnei draacht er foar, nettsjinsteande Lijn 13, earst de Nederlânske oersetting (troch Elske Schotanus) en dan yn it Frysk, de taal dy’t ek op it tablo te lêzen is.

“De literatuer is der om bytiden by stil te stean en dêr net oerhinne te wâdzjen”, seit Hettinga. De dichter  is bliid dat er no yn itselde rychje leit as Slauerhoff, Vegter & Feddema, mar it feest is foar him noch lang net oer. De earsten rinne al rjochting Alde Easterstrjitte, dêr’t op de boppeferdjipping fan De Schepperij in bysûndere útjefte fan Hettinga syn Kaspar Hauser-gedicht Nachtspraak presintearre wurdt.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels