Poëzieweek: Syds Wiersma skriuwt gedicht oer natoer
Publisearre op 27 januari 2022
Hjoed, op tongersdei 27 jannewaris, start de tsiende edysje fan de Poëzieweek yn Vlaanderen en Nederland. It tema fan dizze lustrumedysje is natoer.
Syds Wiersma skreau binnen it tema it gedicht De grotten fan Keash. De grotten fan Keash binne in rige kalkstiengrotten oan de westkant fan de Bricklieve Mountains, yn de buert fan it doarpke dorp Keash, County Sligo, Ierlân. Wiersma bedarre dêr ôfrûne simmer op syn dichtersreis troch de noardlike helte fan Ierlân.
Poëzieweek
Oant mei woansdei 2 jannewaris binne der yn Nederlân en Vlaanderen ekstra folle live en online poëzy-aktiviteiten. Keapest yn dizze wike foar 12,50 euro oan poëzy, dan ûntfangst fergees it Poëziegeschenk: Ramsey Nasr skreau tsien gedichten dy’t bondele binne ûnder de titel Wij waren de betovering.
Mear ynfo: poezieweek.com
De grotten fan Keash
de eagen fan de wrâld
se knypeagje net iens by
trije graden mear of seis meter hegerit lân mei der ûnderstrûpe, wolkens
noch swierder as folsûgde tiken
út de oseaan oprizede eagen stoarje
jouwe beskûl oan fiergesichten
sjogge amper slyt
op it minsklik patchwork
wend as se binne oan it ivige
ferstriken fan foar- en eintiidde eagen fan de wrâld
binne hol, in mage
dy’t de iuwen sûnder se te fertarren
yn net te sêdzjen gongen
bergje wol
Lês mear oer en fan Syds Wiersma op de side fan dichterskollektyf Rixt.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij
HARMEN WIND - BESIKING In beam draacht mear as er opnimt. Sa kin, wylst er al kroant ûnder syn eigen leaf, in kloft [...]