Wa skriuwt dit jier in fers foar 12 oant mei 18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? De organisaasje wil foar de edysje fan 2023 wer in FeRsefariaasje-bondel gearstalle mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde. FeRsefariaasje In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde […]
Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, skriuwt Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma in poëzijwedstriid út. De fiif bêste gedichten dy’t oan de opdracht foldogge, wurde as poster profesjoneel foarmjûn en ferspraat op alle middelbere skoallen yn Fryslân. Foar elk winnend gedicht is €200,- beskikber steld. De opdracht: skriuw in gedicht op in tema […]
Yn kafee De Gouden Leeuw fan Tresoar waard op dichtersdei 26 jannewaris Operaesje Fers út de wintersliep helle. De opnamen foar de legindaryske dichterstillefoan binne digitalisearre en wer te beharkjen. Neffens Syds Wiersma fan it Frysk Film & Audio Argyf, is dêrmei in belofte oan dichter (en dokumintalist foar it byld en gelûdsargyf) Tsjisse Hettema […]
Op basisskoalle ’t Holdersnêst op ’e Harkema is Tialda Hoogeveen woansdei 25 jannewaris –by de start fan de Nationale Voorleesdagen – offisjeel ynstalleare as nije Berneboeke- ambassadeur. Sy krige út hannen fan de berneboargemaster fan Achtkarspelen, Lisanne Hiemstra, de amtsketting fan it Berneboeke-ambassadeurskip oerlange. Tialda Hoogeveen nimt it wurk as Berneboeke-ambassadeur oer fan Lida Dykstra, […]
Wat binne eins ús ambysjes, noch wichtiger, wat binne de ambysjes fan ús gasten? We prate mei Gurbe en Peter fan Stoflik Omskot. Fierder prate we oer ESNS, De Fryske God Mika, en bestiet Jorwert no wol of net? Ek oer de films Banshees of Inisherin en it einleas lange Babylon yn it filmhûs, oer […]
Hjoed, op tongersdei 27 jannewaris, start de tsiende edysje fan de Poëzieweek yn Vlaanderen en Nederland. It tema fan dizze lustrumedysje is natoer. Syds Wiersma skreau binnen it tema it gedicht De grotten fan Keash. De grotten fan Keash binne in rige kalkstiengrotten oan de westkant fan de Bricklieve Mountains, yn de buert fan it doarpke […]
#opencultuur Ut namme fan: Pier21 | Tryater | Keunstwurk | Theater de Koornbeurs Franeker | Museum Martena Franeker | De Lawei Drachten | Theater Sneek | Poppodium het Bolwerk | Kunstencentrum Atrium | cultuurbureau Akte2 | Illustere Figuren | St.U.F.T. Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel | Ivgi & Greben | De Moanne | Kunstkade | Friesland […]
Van alle dingen die ik vrees, vrees ik mijn moeder het meest. (Hindirk) Dichter Hindirk Hannema hat syn debút Mijn moeder is nog maagd útbrocht. De presintaasje soe yn desimber wêze, mar koe fanwege de lockdown net trochgean. De dei dat Myn sukses is jim probleem hjir publisearre wurdt, soe Hannema meidwaan oan de striid […]
Goed oardel jier corona yn Nederlân. De winners fan de Rely Jorritsmapriis fan dit jier jouwe yn harren taal fan poëzij en proaza refleksje op it firus en de gefolgen dêrfan, te lêzen yn de lêste ‘de Moanne fan 2021: ús corona-special. Bregtje Sijtstma skreau dit prachtige gedicht. Omtinken Mei sân hasj-ten roppe jachterige […]
Hoe belibje keunstners dizze coronatiid? Hoe slaan se harren der trochhinne? Hawwe se troch harren ferbyldingskrêft in streekje foar? Marita de Jong makke in portret fan seis keunstners en instellingen en spruts Marten Winters, De Lawei, Emiel Stoffers, Remko Smids, Lotte Middendorp, en Tjibbe Hooghiemstra. It ynterview mei de lêste is hjir ûnder te lêzen, […]
BERT DE JONG – De Alvestêdetocht heart ta de grutste ikoanen fan Fryslân. Mar hoe bliuwt dit stik Fryske kultuer libbend? Al 25 jier kin men inkeld weromsjen op de lêste tocht dy’t op 4 jannewaris 1997 ferriden wurde koe. De jongerein moat de slach misse. It wrâldferneamde evenemint fan de Alvestêdetocht is in wichtich […]
Foar ús tydskrift sykje wy lêzende minsken dy’t al lêzend mei harren boek op ‘e foto yn de Moanne wolle. Lêst do graach? Hast dêr in moaie foto fan, of wolst dêr in foto fan meitsje foar publikaasje yn ús blêd? Dan sjogge wy dyn foto graach temjitte op ynfo@demoanne.nl!