Optrede foar de Frede (7) – Syds Wiersma: Goed dan ik sil deroer prate
Publisearre op 20 maart 2022
Foar ‘Optrede foar de Frede’ foarige wike snein makke Syds Wiersma in oersetting fan in gedicht fan de Oekraynske dichter Serhiy Zhadan. Zhadan (1974), berne yn Starobilsk yn de East-Oekraynske provinsje Loegansk, wennet yn Kharkiv. Hy publisearre ferskate dichtbondels en romans. Nei de Russyske ynfaazje is er yn Kharkiv bleaun en aktyf by de organisaasje fan humanitêre help yn de stêd dy’t swier ûnder fjoer leit. Zhadan wie earder belutsen by de Oranjerevolúsje (2004-2005) en de Majdanrevolúsje (2013-2014).
Goed dan ik sil deroer prateGoed dan ik sil deroer prate:
oer it griene each fan de duvel yn de kleurige loft.
In each dat fan de sydline ôf in bern yn ’e sliep besjocht.
It each fan in oarsoartige dy’t opwining yn ’t plak set fan eangst.
Alles is begûn mei muzyk,
mei groeden achterlitten troch lieten
heard troch berne-earkes op brulloften yn ’e hjerst.
De grutte minsken dy’t muzyk makken.
Folwoeksenens definearre troch soks – de macht om muzyk te meitsjen.
As ferskynt der in nij teken, ferantwurdlik foar it gelok
yn de stim,
as is dizze eigenskip de mins oanberne:
tagelyk jager en sjonger te wêzen.
Muzyk is as de frouljusazem fan karamel,
it nei tabak rûkend hier fan manlju dy’t har tsjuster te moede
tariede op in messegefjocht mei de duvel
dy’t krekt de brulloft fergalle hat.
Muzyk fierder as de tsjerkhôfsmuorren.
Blommen dy’t groeie út frouljusbûsen,
skoalbern dy’t kypje yn de keamers fan de dea.
De hurdst sleine paden liede nei it tsjerkhôf en nei wetter.
Ferbergest inkeld it kostberste yn de grûn –
It wapen dat ryp wurdt út wraak,
porseleinen herten fan âlden dy’t daverje sille
as de lieten fan in skoalkoar.
Ik sil deroer prate –
oer de wyn-ynstruminten fan ûngerêstens,
oer it brulloftsfeest sa memorabel
as rûnst Jerusalim yn.
Begjin it brutsen psalm-ritme fan rein
ûnder dyn hert.
Manlju dy’t dûnsje sa’t se mei har learzens
it steppefjoer úttraapje.
Froulju dy’t har manlju dûnsjend om ’e hals hingje,
hoe sille se harren gean litte, de oarloch yn.
East-Oekraïne, de ein fan it twadde millennium.
De wrâld rint oer fan muzyk en fjoer.
Yn it tsjuster uterje fleanende fisken en sjongende bisten har.
Wilens is hast elkenien dy’t doe troude dea.
Wilens binne de âlden fan leeftydsgenoaten dea.
Wilens binne de measte helden dea.
De loft brekt iepen, bitter as de loften yn de ferhalen fan Gogol.
Galmjend, it sjongen fan minsken dy’t de frucht fan it lân ynhelje.
Galmjend, de muzyk fan wa’t stiennen fan it fjild kroadzje.
Galmjend, it hâldt net op.
© Serhiy Zhadan
Fryske oersetting: Syds Wiersma
Oerset út de Ingelske oersetting fan John Hennessy and Ostap Kin:
www.calvertjournal.com/articles/show/12137/contemporary-ukrainian-poems
In oare nijsgjirrige link:
https://europeancollections.wordpress.com/2022/03/19/serhiy-zhadan-a-voice-from-ukraine/
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij
HARMEN WIND - BESIKING In beam draacht mear as er opnimt. Sa kin, wylst er al kroant ûnder syn eigen leaf, in kloft [...]