Optrede foar de frede (6) – Cornelis van der Wal: Snie is in died fan ferset

Publisearre op 19 maart 2022

Cornelis van der Wal droech ôfrûne snein by Optrede foar de Frede syn gedicht ‘Snie is in died fan ferset’ foar. It gedicht ferskynde earder yn Ensafh nû 3, 2020. Omdat it dizze wiken in nije, aktuele betsjutting krigen hat, publisearje wy it hjoed nochris.

De literêre middei Optrede foar de frede – snein 13 maart – is opset troch dichterskollektyf RIXT, literêr tydskrift ‘de Moanne’ en Leeuwarden UNESCO City of Literature. De tagong wie fergees, mei in donaasje nei draachkrêft oan Giro555, de middei hat mear as tûzen euro opsmiten.

 

Snie is in died fan ferset

 

Snie makket iensum en frij, tinken krimpt fan kâlde sinne.

Snie is in died fan ferset.tsjin de suertsjes en kwallen,

dat binne ús lieders: hja slikje it paad nei de takomst skjin.

 

Grint komt tusken harren kiezzen, tosktinzen betonmole.

Hja bouwe stêden fan leagens, dêrboppe sirkelje drones,

hja hjitfolgje jo mei eagen dy’t stekke as in lilk ynsekt.

 

Snie leit tûk op ‘e loer yn ‘e wolkens, snie is ús rêding.

Snie sisteret op ‘e glêde speknekke fan ‘e macht.

Snie raant as fet. Alles raant, myn freon, alles raant.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels