Oprop Lytse Gysbert

Bern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2023.


Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de priis: Lytse Gysbert Japicxpriis 2023

De ‘Lytse Gysbert Japicxpriis’ is in priis foar it bêste Fryske gedicht fan bern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. De winner fan dizze priis kriget in spesjale oarkonde en ‘De Gouden Fear’. De priis wurdt om it jier útrikt, as ûnderdiel fan it programma rûnom de útrikking fan de provinsjale Gysbert Japicxpriis. Dit jier is de útrikking op sneon 14 oktober 2023 yn de Martinitsjerke yn Boalsert.

Nij
Nij is dat dit jier ek gedichten ynstjoerd wurde kinne dy’t makke binne yn de poëzywike, mei as tema ‘Freonskip’. Ek sille de skoallen meidwaan dy’t belutsen binne by it Tsjûkemarprojekt, in projekt dêr’t bern ynspirearre wurde troch har omjouwing en dêroer Fryske gedichten skriuwe. Koartsein: as it mar in Frysk gedicht is!

Ynstjoere
Gedichten kinne o/m 3 july yndividueel en as skoalle ynstjoerd wurde en kinne dan nei in foarseleksje nominearre wurde foar dizze bysûndere priis. De útrikking fan de Lytse Gysbert Japicxpriis is op 14 oktober 2023 yn de Martinitsjerke yn Boalsert.

Hoe stjoer ik in gedicht yn: Oanmelde gedicht(en)

Yn 2021 wie de priis foar Elbrich Ouderkerken út Boalsert. Sy skreau it fers De Berchein ûnder in workshop op skoalle troch dichter Arjan Hut.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.