Oan it klif hingje mei audioferhalen

Publisearre op 3 juli 2020

ELSKE SCHOTANUS – 

Watfoar foarstellingen kinne trochgean, kinne foarstellingen wol trochgean? De webside fan Tryater kundiget, ûnder it kopke Tryater Jong berne- en jeugdfoarstellingen foar it kommende teaterseizoan oan, dêrby de oantekening: ‘It is noch net dúdlik oft de foarstellingen dy’t wy pland ha trochgean kinne sa’t we dat graach wolle.’ It selskip, en ek oare selskippen, siket nije wegen: sa makken de Illustere Figuren gebrûk fan Whatsapp, 1000&1 Nacht, de Tryaterfoarstelling dy’t op it âlde jiskelân fan Ljouwert plakfine soe, krige in digitaal alternatyf yn in rige ferhalen dy’t fia Zoom brocht waarden. It Tryaterprojekt It gelok fan Fryslân dat fjouwer jier yn beslach nimme sil, set dit jier, fan ein augustus ôf, útein yn de foarm fan teatrale audio-kuiertochten. En Tryater TV, op youtube, sjocht mei Tamara Schoppert yn petear en byld werom op de súksesfolle jeugdfoarstelling Pak ’m Stanzi út 1996, en der is mear op kommendewei.

 

Telefoan mei, ferjit net ek earkes of in koptelefoan mei te nimmen, maklike skuon oanlûke en genietsje fan it ferhale-eksperimint.

 

It is simmer, en om’t it publyk allinne noch op oardel meter ôfstân fan elkoar yn in seal sitte kin, leit it yn ’e reden om ferhalen yn de foarm fan kuiertochten te bringen. De hiele moanne july kin op trije rûtes troch Ljouwert nei, op elke rûte fiif ferhalen harke wurde. Kuierje troch ferhalen, Cliffhangerje troch de stêd is in projekt fan Tryater Rûnom, dat by foarstellingen ekstra aktiviteiten oanbiedt, yn dizzen by 1000&1 Nacht. De ôftraap fûn 1 july plak by ien fan de trije rûtes, de rûte ‘Jiskebult’ mei as startpunt it Verbindingspad.

De opdracht oan in ferskaat oan skriuwers wie om, thús mei pinne en papier, elk in part fan in ferhaal te skriuwen, dat útrinne te litten op in cliffhanger, it op de post te dwaan sadat de folgjende dêr op fierder koe. Foar de skriuwers wie it in eksperimint: wat krijst oanlevere? Giest gronologysk fierder op it eardere part, of kiest itselde ferhaal, mar fanút it perspektyf fan in oar personaazje? En hokker taal kiest?

Sytse Jansma, dy’t it konsept levere en by de ‘premjêre’ in taljochting jout, freget Ydwine van der Veen, as ien van de skriuwers fan in ôflevering hoe’t sy it ûnderfûn hat en sy fertelde entûsjast dat, sy it fersyk yn de perioade fan de lockdown as in soartemint fan geskink sjoen hie, as in stimulâns foar harsels. In kadootsje wie ek om har part werom te hearren, brocht troch echte akteurs.

De ‘jiskebultrûte’ set útein mei in eastersk oandwaand en boeiend brochte earste ôflevering oer de oankeap fan in kamiel. Los fan it ferhaal is der it útsjoch op it ferbiningskanaal mei oan de oare kant it wetter fertutearze skippen, loadsen, bulten rustich âld izer. Der rint in keppel skiep, en it is de muoite wurdich om de izeren trep te nimmen dy’t dy nei de ‘top’ fan de bult bringt, dêr’tst in skitterjend útsjoch hast oer stêd en plattelân.

Om de ferhalen ôf te harkjen skenst mei de telefoan in QR-koade. De oare beide rûtes rinne lâns de Dokkumer Ie en it Fliet, alle trije binne likernôch 2,5 kilometer lang, om werom by it startpunt te kommen rinst al mei al fiif kilometer. Ek de lêste ôfleveringen rinne út op in klif. Om dêr net oan hingjen te bliuwen daget Tryater har publyk út om dêr in ferfolch op te betinken en yn te stjoeren.

Telefoan mei, ferjit net ek earkes of in koptelefoan mei te nimmen, maklike skuon oanlûke en genietsje fan it ferhale-eksperimint.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels