Nije Weach Oan Fryske Heavy Metal

ARJAN HUT –

Heavy Metal is in term dy’t ein jierren sechtich foar it earst opdûkte yn de rockmuzyk. It wie yn it ferske Born to be Wild, skreaun troch iene Mars Bonfire. De ‘heavy metal thunder’ dêr’t men oer song, slacht op it lûd fan ‘e Harley-Davidson. De band Steppenwolf, dy’t der in hit mei hie, jildt as in foarrinner fan de hardrockgroepen dy’t koart dêrnei tige populêr waarden: Black Sabbath, Deep Purple, Uriah Heep & Led Zeppelin. Dêrnei giet it mei de populariteit fan it swierlûdige sjenre yn weagen op en del.

Nei de punkeksploazje fan 1977 is der yn Grut Brittanje in nije ljochting groepen dy’t it âlde lûd modernisearje. Sy spylje like heavy as Black Sabbath, mar meastal in stik flugger en mei in rûger, goedkeaper lûd. Dat komt omdat de groepen doe net wachten oant se earne in djoer kontrakt krigen, mar sels opnames makken, singletsjes parsten en dy ek sels, by optredens, ferkochten.

Iron Maiden en Def Leppard waaksten út ta grutte, miljoenenferkeapjende bands, Yn it sok fan dy giganten wiene tsientallen, miskien wol hûnderten Britske heavy metal artysten dy’t mar in pear ferskes útbrochten, mar hjoed-de-dei troch samlers en leafhawwers noch altyd wurdearre, beharke en ferhannele wurde. Dizze gouden tiid fan it metaal wurdt New Wave of British Heavy Metal neamd, koartwei NWOBHM. Dy wyn waaide oer nei Amearika, dêr’t bands as Metallica en Slayer der noch in skepke ferheftichheid oerhinne beukten, en de thrash en speedmetal ûntstie.

Wannear’t hardrock en heavy metal yn Fryslân krekt hiel populêr wurden is, doar ik net te sizzen. De boogierockers fan Status Quo wienen yn de jierren santich – doe’t sy noch stevich rockten en hollebatsten – hiel populêr. De punk en de NWOBHM fûnen ek hjir in fanatyk publyk, mar eigen (Fryske) bands smiet dat net in soad op.

Ik ha wolris de idee dat soks kaam troch in tekoart oan goede sjongers. In Frysk aksint en ien dy’t der krekt tsjinoan sjongt, dêrmei koest de konkurrinsje mei de wrâld net oan. Pas doe’t nei de thrash metal ein jierren tachtich de death- en blackmetal opkaam, mei skreau- en gromsang ynstee fan ‘skjinne sang’, gie dyselde wrâld letterlik iepen.

Grunte, begryp my net ferkeard – it is in tige knappe technyk dy’t hiel wat fan in fokalist ferget – dat koenen Friezen blykber better as it nachtegealtsje úthingje. Mei it Wâldrock-festival kaam der ek in moai poadium en úthingboerd foar de metal yn Fryslân, in funksje dy’t letter glorieus oernommen is troch Dokk’um Open Air en it Ljouwerter Into The Grave.

Anno 2013 binne der safolle metalbands yn it Heitelân, dat men hast wol sprekke mei fan in ‘Nije Weach Oan Fryske Heavy Metal’. Spitigernôch is de ôfkoarting NWOFHM al ynkaapt troch dy smoarge Finnen.

Fan’t simmer ferskynde de cd Frisian Hard ’n Heavy Volume 2, de opfolger fan it yn 2012 presintearre volume 1. Op it earste diel stienen al trettjin groepen, guon nij of obskuur, oaren mei al it ien en oar oan eigen negoasje op ‘e merk, lykas Stonehawk en Dimeaon. Opfallend fûn ik dat der ek twa bands op stienen mei Fryske teksten. En dan ha ik it net oer de Dokkumer Vikingen fan Baldrs Draumar, faaks ûnder it literêre folk ek bekend as de soundtrack by de tinzen fan skriuwer Willem Schoorstra.

Nee, ik ha it oer Kramtried, dêr’t skriuwer Geart Tigchelaar by drumt. De oare band is Reality Deformed út Ljouwert, dy’t mei it lange Winter des Dea alderhearlikst it melodrama fan de heidenske doom metal eksplorearre. Op volume 2 stiet ek in Frysktalige bydrage, dêroer aanst mear.

Leafst fyftjin groepen en artysten ha in plakje fûn op de nije Frisian Hard ’n Heavy. De iennichste nammen dy’t ik dêrfan yn it foar al koe, wienen dy fan Kadaverbak en Pander. Kadaverbak giet al wat jierren mei en liet neffens my alris in elpee op de wrâld los.

Tusken al de oare groepen falt de bydrage fan de feteranen lykwols tige ôf. Come to poppa, baby is in flauw misbaksel oer orale seks dêr’t it ferneamde fers Pippi Pijpt Papa fan Harnzer dichter Ronald Jan Fokkema tige artistyk by ôfstekt. Pander is dan wer in nijere groep, in stoner metal band, dat wol eins sizze: hypnotisearjend trochploegjende metal foar blowers. Se komme út de Wâlden, ha in demo makke (‘Go’) en litte mei The Light in lûd hearre dat foar in stonerband frijwat libben en enerzjyk is. Sjonger Meindert brûkt syn ‘skjinne’ stimme en hat wol wat James Hetfield-achtichs. It soemjende gitaarlûd docht my tinken oan it âlde Grinzer Celestial Season, dat yn de jierren njoggentich aardich populêr wie en mei in bytsje mear lok Within Temptation achter nei kind hie. Pander pykt der yn alle gefallen lekker út.

De cd begjint mei in nûmer fan Way of Nature. Melodieuze death metal mei in Skandinavyske galm, dizze hollebatsers út Twizelerheide ha al tweintich jier ûnderfining en dat is te hearren. Way of Nature heart tinkt my by de earste Fryske metalbands dy’t werklik wat ta te foegjen hienen oan it oanbod dat doedestiids benammen út de Feriene Steaten kaam.

Alice Day bestiet sûnt febrewaris, spilet ‘atmosfearyske’ doom & death metal en falt op troch de heldere stimme fan sjongeres Rosita Reitsma, it tige profesjonele lûd en de knappe komposysje fan it hast sân minuten lange Surrender. Is Alice Day neamd nei in obskure Hollywood-actrice út it tiidrek fan de stomme film, of is de namme in drugsferwizing (LSD)? Ik wit it net. Wat ik al wit is dat de band in trochstart is fan it wat ekstremere Insidiae, dat ferline jier in sterke cd útbrocht ûnder de titel Where Eagles Dare. Giet Alice Day, Lyonite achternei?

Oan de lingte fan de ferskes kinst gauris ôflêze oft it om in punky band giet of in progmetal kombo. De langste bydrage komt fan Anquest. It stik hjit Rainbows End en dat falt hielendal net ôf! Sjonger Mario van Veen is in sterke troef. Syn styl fan sjongen docht tinken oan dy fan James Labrie fan Dream Theater, mar ik moat sizze dat ik leaver Van Veen hear. Strak gitaarwurk, symfo-toetsen, foar de leafhawwer fan bands as Dream Theater, Threshold of Pain of Salvation is dit in nijsgjirrige namme om yn de gaten te hâlden.

In stikje minder fyn ik de gothic metal fan Black No. 1 (neamd nei in liet fan Type O Negative) mei in wat forsearre djippe basstim en in sjongeres dy’t wol dramatysk, mar net alhiel oertsjûgjend klinkt. De metalcore fan The Horrible Twunts (skitterjende namme!) knalt wol as in opfokte gorilla troch de keamer, bam! Op 27 november steane de Twunts yn Romein, men hopet dat de âld tsjerke it oan kin.

Tsja, tusken Kadaverbak, Horrible Twunts, Clinically Insane of Kingdom of Genocide falt in namme as ‘Lars van Sante‘ tige op. Nee, Lars van Sante is net Vietnameesk foar Napalm Bad ofsa, it is gewoan in Ljouwerter muzikant dy’t yn syn ientsje in band foarmet. Hy spilet alle ynstruminten, mar foaral drums. Hy makke earder ferskes mei titels as Girl with no Tampon en Black Penis. Syn bydrage oan Frisian Hard ’n Heavy hjit This Polluted World en klinkt as in mjuks fan East Europeeske elektro rock en de wat eigensinnigere Black Metal. Ubercool.

Ien fan de koartste bydragen is it paranoïde Straight to hell fan Shit Hits The Fan. Springerige punkrock út it eardere buorskip Rien. Dizze punkers besteane amper twa jier en brochten yn septimber al in hiel album út ûnder de iepenhertige titel The First And Worst Record.

Timber, ek út Europa’s takomstich kulturele haadstêd, sit krekt as Pander yn de stoner hoeke en benammen de sang komt flink oerien. Timber bestiet al sûnt 1999, hat trije albums útbrocht, mar bliuwt mei it ferske Transparent wat yn de goede bedoelings hingjen.

Bad Speed Boys sjongt in ferske oer in bûsdoek, Handkerchief hjit it, dat mei de koekjemonster sang en in tekst as ‘I have a handkerchief and I can’t stay HERE / Still have that handkerchief and I can’t stay OVER THERE’ op in aparte manier bylden fan Sesamstraat by my opropt. Dizze trijemansformaasje ûnder de reek fan Boalsert wei wurket oan in debútplaat. Foar leafhawwers fan âlderwetske punk mei metalynfloeden en opfallende teksten in ding om nei út te sjen.

En dan Ald Sear. Hardcore punk út de Gerdyk, mei in Frysktalige bydrage dy’t hiel lekker klinkt. Meastal ha ik it net oan tiid om fuortendaliks alle te besprekken muzyk mei oandacht te beharkjen. Gauris moat der ‘multytaske’ wurde, dat wol sizze muzyk harkje en ûnderwilens allegear oare putsjes heal om heal ferknalle.

Sa hearde ik Ald Sear syn bydrage Grins ûnder it itensieden. In simpele gitaarriff en in mearstimmich songen refrein… lekker genôch. Ik song ek daliks mei, want it refrein wurdt frijwat fanatyk werhelle en bekt tige noflik. Ik frege wol my ôf wêr’t it ferkse oer gong. In rêdingsaksje ofsa? Ik ferstie ommers ‘Ik hie in man of tsien op ‘e rêch, ja ik hie in man of tsien op ‘e rêch’, ensafh. Dat krijst ast der mei de kop net goed by bist. Se sjonge net ‘op ‘e rêch’, mar ‘op ‘e rin.’ Hawar. De band seit beynfloede te wêzen troch ûnder oaren Strawelte en De Hûnekop en it soe my net fernuverje as oer in jier ofsa Ald Sear yn ien asem mei dizze Fryske grutmasters fan it poadiumcharisma neamd wurd.

 

No te besetten; Frisian Hard ’n Heavy, Volume 2.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.