Nei 25 jier sûnder Alvestêdetocht sit yn de fergrizing de bedriging

Publisearre op 4 januari 2022

BERT DE JONG –

De Alvestêdetocht heart ta de grutste ikoanen fan Fryslân. Mar hoe bliuwt dit stik Fryske kultuer libbend? Al 25 jier kin men inkeld weromsjen op de lêste tocht dy’t op 4 jannewaris 1997 ferriden wurde koe. De jongerein moat de slach misse.

It wrâldferneamde evenemint fan de Alvestêdetocht is in wichtich stik Fryske kultuer, mar der is in grut part fan de Friezen dy’t dit nea belibbe hat. De jongere generaasjes sjogge no bylden út it ferline fan in karnavalesk barren, mar fiele net wat de tocht in fearnsiuw werom yn minsken losmakke.

De sûnt 1909 foar it earst organisearre Alvestêdetocht is in ikoan foar Fryslân, sawol kultureel as sportyf. Wat begûn as in ultime krachtmjitting foar sportive jongfeinten is útgroeid ta in grut barren dêr’t de Friezen yn it bysûnder in grut stik fan harren Fryske identiteit oan ûntliene.

De earste dagen fan 1997 wie it mear as in feest fan de Friezen. Hiel it lân wie breinroer. Sa’n trijekwart fan de minsken yn it lân folge op de ien of oare wize it barren op de televyzje en op de dei sels ha sa’n miljoen minsken lâns de rûte de emoasjes field fan de riders en dy fan harren sels. Sy fielden harren ferbûn, sawol mei de sporters as mei de Friezen.

De Alvestêdetocht is libjend erfgoed dat minsken yn harren djipste rekket. Alle reden om dit stik sportkultuer in plak te jaan op de list fan ymmaterieel erfgoed fan Unesco, krektsa as de Hylper kultuer. It Fryske provinsjebestjoer hat der yn 2009 foar pleite, It Nederlands Centrum voor Volkscultuur yn 2012 opnij. Ta in útdroegen saak is it net kommen. Mei opnij in Alvestêdetocht kin men fiele wat sa lang mist is en wêr’t op past wurde moat.

Feteranen

In fearnsiuw wachtsje op in nije Alvestêdetocht is in ivichheid. It is werom te sjen yn it fergriizjende peloton oan leden fan de feriening. De âldens leit gemiddeld boppe de 55 jier. Nettsjinsteande it oanfiterjen fan it bestjoer om de jongerein de romte te jaan, binne der tûzenen feteranen dy’t hoop hâlde en lid bliuwe. It âldste lid fan De Friesche Elf Steden is 104.

Mar hoe bliuwt Alvestêdetocht fan alle generaasjes, dat is de fraach. It is no in spul fan meast âldere mannen, is de konstatearring mei de sifers fan de feriening De Friesche Elf Steden. Fan de 30.231 leden dy’t registreard steane om ea de tocht te riden, binne der mar 251 tusken de 16 en 20 jier en 5252 tusken de 21 en 40 jier.

De fergrizing is in soarch. De helte fan aktive riders, 15.563 yn getal,  sit tusken de 41 en 60 jier. Hast in tredde part is âlder: yn de leeftydskategory tusken 61 en 80 jier telt de feriening 9.000 leden en boppe de 81 jier binne der 165 dy’t harren noch linich genôch fiele. De feriening hat ek noch 1787 leden dy’t op de wachtlist steane of krekt as de 104-jierrige sliepend lid binne.

Utopy

Nettsjinsteande de jierlikse en ûnderhân wat kolderige foarsizzingen fan waarman Piet Paulusma dat der kâns is op winter, liket in nije Alvestedetocht in utopy. De measte winters fan de lêste desennia binne folle waarmer as yn de foarige iuw.

In bytsje hâldfêst hawwe de leden fan De Friesche Elf Steden mooglik oan it jier 1947. It woe doe wol winterje, mar in tocht koe oant fjouwer kear krekt net. It waar wie sa hinnewer as de wyn, de termometer gie op en del. It kwik kaam op 17 jannewaris fan dat jier op 17,2 graden, it like as soe de maitiid him oantsjinje. Dêrnei frear it dat it kreake en op 8 febrewaris waard in glûpend kâlde Alvestêdetocht ferriden dy’t de riders lang heuge soe.

Yn 1947 helle mar ien op de seis toerriders in krúske. Yn 1997 slagget it sân fan de tsien dielnimmers de tocht út te riden. As slydjaget gong it yn 1986, doe’t mar leafst 86 prosint fan de riders mei sierlik waar en winter de Bonkefeart helle. De gemiddelde leeftyd fan de riders lei mei 44 jier ek folle heger as earder. As kontrast ek de barre tocht fan 1963, doe’t mar 1 prosint fan de riders boppe de 60 jier wie.

Identiteit

Wa’t tinkt oan reedriden, tinkt oan Fryslân. De heroyk fan de yn in fier ferline ferriden Alvestêdetochten, de suksessen fan baanriders as Rintsje Ritsma en Atje Keulen-Deelstra, de sfear fan iisstadion Thialf binne hjir debet oan. It hat bydroegen oan in wichtich stik kulturele identiteit fan de Friezen.

De olympyske medaljes foar riders as Sven Kramer, Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting en hiel wat wrâldtitels striele ek op Fryslân en de Friezen. Op de tribunes binne altyd wer pompeblêden te sjen, as it ferbinend symboal fan riders en publyk. It is de ienigens as bepalende faktor. De taskôgers fiele harren ferbûn troch de sport en tagelyk is hjir de identifikaasje mei it eigen Fryske kulturele nasjonalisme. Sjoch ek hoe tûk fuotbalferiening SC Hearrenfean om dizze reden it ‘pompeblêd’ ta symboal makke hat en by elke wedstriid it Frysk folksliet troch it stadion daverje lit.

Sport ferbynt. Friezen ûntliene in stik fan harren identiteit oan it reedriden, it keatsen en it fierljeppen. It is mear as de sport allinnich, it is it eigen wêzen. Net foar neat wapperje de Fryske flaggen krekt by dizze eveneminten rûnom. Of oarsom en noch subtiler, hawwe de sporters iismûtsen of sokken mei pompeblêden derop.

Kening Winter is baas oer de Alvestêdetocht en is wichtich foar de takomst fan dit erfgoed mei al syn materiele en ymmateriele wearden. Foar it behâld fan dit stik kultuer binne ek de jongere generaasjes nedich. Yn it gefal fan de Alvestêdetocht sit yn de fergrizing in grutte bedriging.

 

Bert de Jong is sjoernalist

 

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels