‘Mei it bloed yn ’e klompen’

HARMEN WIND – 

 

  1. Fenomeen

Ik haw in foarkar foar it oare, it eksperimentele, it avantgardistyske, it absurde, it kreative en it ferfrjemdzjende proaza (c.q. poëzy), omdat dêre de skriuwer himsels, de wrâld, de taal en it wurk yn diskusje bringt – yn de foarm fan it literêre einprodukt (roman of gedicht). Kontraliteratuer dus. Keunst foar ’t neist. (7)

Oan it wurd is Josse de Haan, in kontroversjeel fenomeen yn de Fryske literatuer sûnt de fernijende 60’er jierren, net benaud om dwers tsjin hearskjende opfettings yn te gean. Hy is erudyt, wol him deeglik ferantwurdzje, der net samar wat hinne prate, mar hy draacht leaver de flerken fan ’e besieling as it maatpak fan ’e rede. Dat betsjut ek dat syn styl gauris retoarysk wurdt: hy herhellet himsels, docht ‘foar-de-fûst-wei’-útspraken, wurket mei hyperboalen, klimaksen, ‘sweeping-statements’, ensfh. as in sprekker dy’t yn ’e rin fan syn rede wat langer wat mear de geast krijt, mei alle ûntspoaringen dy’t dêrby hearre.

As learaar stie er al krektlyk op ’e barrikaden. Foar de frijheid dy’t de keunst bewurkje soe, foar it ferset tsjin de machthawwers, de jaknikkers, de sjerpslikkers, de meirinders, de boargers.

Populêr hat er him dêr by it grutte publyk net mei makke. Dat is ek it lêste wat er wol. Dan bist ommers ynpakt. Mar hy hat wol syn eargefoel en grutskens: hy is gefoelich foar krityk dy’t him gjin rjocht docht. Hy lit him hearre. Soks jout oanlieding ta sinleaze polemiken, om’t de tsjinstanners oare mjitstêven hantearje, in oar kader foar har werklikheid en idealen ha, mar benammen: de taal oars hantearje. Dat lêste ferskil is noch it slimste te oerbrêgjen.

Oanlieding ta dit stik foarmet de ferline jier ferskynde essaybondel Kastanjes poffe, dy’t as ûndertitel hat:

teksten oer de ‘oare’ literatuer

literatuer bûten de stringen

De Haan seit in ferfolch ta, oer primêr wurk dat ûnder ‘oare literatuer’ falt en dat ‘Kastanjes ite’ hjitte sil. (Alhiel dúdlik is my dat net, want ek dit boek hat poëzy- en proaza-‘analyses’, sis mar in ‘konsumpsje-ôfdieling’ op grûn fan primêr wurk. Ik nim oan dat er proaza en poëzy fan himsels bedoelt, in soarte fan blomlêzing dus.)

Om (pofte) kastanjes út it fjoer te heljen is moed nedich. Kinst dy de fingers dêroan baarne. Dit boek makket, mei fjouwer opstellen/essays en in tal poëzy- en proaza-analyses, de risselwaasjes, de tarieding ta it miel.

Opfallend is dat it in samling is fan wurk tusken 1978 en 2004. Dat yllustrearret net allinne de oanhâldende striidberens en belutsenens fan Josse de Haan, mar de lêzer wurdt gewaar dat syn (op it sosjalisme inte) tinkbylden en idealen oer maatskippij, keunst en literatuer yn dy seisentweintich jier likernôch itselde bleaun binne. De ‘young man’ mei dan op jierren wêze, ‘angry’ is er noch altyd.

 

  1. De essays. Tekoarten of skaaimerken?

Hoe skoare tsjinstanners by Josse de Haan? Hy set de goal noch al ris wiid iepen. In foarbyld.

Yn it essay ‘De oare literatuer’, jout De Haan ôf op it ‘ûnnuansearre praat’ fan skriuwers en resinsinten dy’t net mear witte wat engaazjement no eins ynhâldt.

As Eisma fan de KFFB seit: ‘Wy jouwe alles út, as it mar net anti-kristlike tendinzen hat’, dan easket hy fan de skriuwer in kritykleas omgean mei en stypjen fan it Kristendom. De Russyske machthawwers woene yn prinsipe itselde – gjin frije keunst (gjin krityk dus), mar skriuwe yn tsjinst fan de partij, de dogma’s, en dat alles ta heil fan ús fisy op it minskdom. (13)

Kinst dy ôffreegje: wêrom no sa’n ûnnuansearre foarbyld? Hy soe in punt ha as dy Eisma alle Fryske skriuwers oplei dat se by de KFFB har wurk útjoegen. Mar sá kinst likegoed beweare dat it ûndemokratysk is dat op in damferiening allinne damme wurdt en net tafeltennisse, geitefokt of fiske, en dat boppedat dy dammers twongen wurde om kritykleas it damspul te stypjen.

In pear rigels fierder op side 13 jout De Haan (al hie it lokkiger formulearre wurde kind) oan dat er wol nuansearret: Hjirmei is net sein dat alle literatuer binnen de stringen, yn de haadstream, gjin keunst wêze kin.Mar fuortdalik wurdt de geast op ’e nij feardich en smyt er alles wer op ien bult: Hjoed de dei lykwols bepale kommersy, amusemint en de flotte sjoernalistike babbel de kanon fan de haadstream. Heel wat saneamde literatuer hat mei literêre keunst neat mear te krijen. It anty-yntellektualisme slacht mear en mear foar master op, ek yn de kritiken en de essays. Jo plukke wat ynformaasje fan it ynternet, sammelje wat mieningen fan kollega’s, mjuksje dat troch inoar en dêr stiet wer in ferhaal mei allinne ûnbetsjuttende mieninkjes sûnder ien houtsnijend argumint.

It moast mar ris sein wurde. Lykwols, wa moat him/har dit ferwyt oanlûke?

It tilt op fan dit soarte fan rjocht foar de raap- (of leaver ‘bryk út ’e bek’-) redenaasjes yn dit boek. En dan de flaters noch, yn it sok fan ’e faasje.

 

Oan ’e oare kant: oerdriuwingen, karikaturalisaasjes, generalisearringen, selsherhelling, apodiktyske, pamflettistyske en tendinsjeuze útspraken binn’ oan aktivistyske polemyk besibbe. Altyd sit der murch yn en de observaasjes fan De Haan smite faak ferrassings op. Hy liket him trouwens bewust te wêzen dat er út en troch op ’e rin slacht. Hy past dan in foarm fan selsrelativearring ta om sjen te litten dat er de leie yn hannen hâldt. Bywurden as ‘soms’, ‘hast’, ‘faak’ (‘fakentiids’) en ‘fierhinne’, of beheinende modaliteiten as ‘heel wat’, ‘de measte’, ‘yn it generaal’, ‘foar in part’, komme in opfallend soad foar yn dit proaza. Geregeld wurdt net sein dat eat sa is, mar dat it sa wêze kin. It effekt fan dy nuansearjende restriksjes yn in ramt fan ekstreme útspraken is lykwols keunstmjittich. It wurdt der, sjoen troch de bril fan de ratio, slop en dizenich fan.

It is dus gjin poepetoer en rekkenje De Haan ôf op dit soarte fan trochdraven. Foer foar skoalmasters en skerpslipers. Mar it is likemin in boppeslach. It giet ommers om in bewuste foarm fan retoryk dy’t net siket nei beheining en krektens fan útdrukking, mar nei rynskens en fisionêrens. De Haan is in skriuwer bûten de stringen.

 

  1. Styl

Dat systeem fan de taal (dat op himsels neat mei literatuer hat te krijen ) sil foarm jûn wurde moatte mei in eigen styl (metafoaren, tiidsfoarmen, wurdkar, ensfh.). De literêre tekst dy’t dêrmei ûntstiet yn in yndividuele toan is de ferbining dy’t de skriuwer leit mei de maatskippij. Elke skriuwer docht dat op syn eigen wize’. (47)

Dat is it útgongspunt: de lêzer, benammen de resinsint, moat syn miening oer in skriuwer relativearje. As in styl de kritikus net oansprekt of oertsjûget, sil er dat oanjaan moatte, mar him op grûn dêrfan net tagelyk distansjearje fan de ynhâld, it boadskip. En alhielendal net fan it fjoer, de fisy.

Sels skriuwt De Haan: It feit dat guon fan dizze wurken (i.c. de poëzy en it proaza dat er besprekt, hw) folslein negearre binne binnen de resepsje, soms ek ôfbaarnd en delsabele troch de krityk, meidat der op de wênstige (konvinsjonele) wize op reagearre waard, jout al ymplisyt oan dat ik oare kritearia en útgongspunten brûkt haw. (16)

Hy hâldt it derop dat it syn ôfwikende útgongspunten binne, dy’t him ta ‘bûtensteander’ meitsje. Mei syn pleit foar eksperimintele foarmjouwing, perspektyfwiksels en ferskillende tiidlagen is er in fertsjintwurdiger fan it modernisme. Ik tink lykwols dat it benammen syn styl is.

Tendinzen wurde oantsjut (al of net mei foute foarbylden) dy’t wol deeglik spile ha en spylje. Josse de Haan fergruttet út, fertekenet en ironisearret – om de ‘kearn fan wierheid’ beklamme oan it deiljocht te bringen. En dat redenearje op gefoel mear yndruk makket as fiele op ferstân, dêr jout ‘Kastanjes poffe’ prachtige foarbylden fan.

Yn syn needgjalp oer it nivo fan de Fryske literêre tydskriften, dêr’t neffens De Haan benammen it postmodernisme (de hjoeddeiske foarm fan dekadinsje) skuld oan hat, skriuwt er:

No liket it wol oft men eangst hat dy frijheid fan it wurd yn hannen te nimmen, de frijheid dy’t de taal sels biedt. It hat der in soad fan dat men de sitewaasje fan it frije individu net oankin. Oars soe men ommers folle mear lêze oer de twivels oangeande de mooglikheden fan de taal, oer de ûnwissens fan de skriuwer yn de wrâld fan de teksten, oer it ûndersykjen fan de mooglikheden, oer de diskusjes dy’t de skriuwer mei him- of harsels hâldt, oer it kiezen en oer it kreëarjen fan wrâlden yn wurden. (73)

Ynstee fan de grinzeleaze mooglikheden te bejubeljen dy’t ‘de frijheid’ biedt, neamt er presiis de oare kant, ‘twivels’, ‘ûnwissens’, ‘ûndersykjen’, ‘diskusjes’, as de kearn en wearde dêrfan. Dat is (ôfsjoen fan dat ‘men’), ek stilistysk, sterk.

 

  1. Missy

En wat is no eins dat boadskip dat net te fersmiten is? Dat lit him frij ienfâldich gearfetsje. De Haan warskôget oanhâldend foar konformisme. Keunst en kultuer moatte ‘folslein frij’ bliuwe fan wat moraal, regear, media of smaak foarskriuwe en har eigen wegen kieze, de konfrontaasje sykje, mei de konsumpsjemaatskippij sawol as mei konsumpsjeliteratuer. De keunstner is yn wêzen in anargist. Hy rint net mei op bewende paden en lit him net ynkapselje yn bewende ideologyen. Keunst mei nea befêstigje, keunst moat ferfrjemdzje, ferbjusterje. Net it ‘reële’, mar it ‘surreële’ is wêzentlik. In keunstner siket it altyd yn ‘it oare’. Sels die Josse dat al yn de jierren ’60. En hy docht it noch.

De swierrichheid is lykwols, dat ‘oars’ noch gjin garânsje biedt foar kwaliteit. Falt de ‘hearskjende’ krityk in publikaasje massaal ôf (of oan), dan kin dêr net út ôflaat wurde dat it om in miskend masterwurk giet. It kin gewoan in striemin boek wêze. Krekt likemin is in massaal opstrutsen boek om dy reden neat mear as in ‘produkt om te skoaren’ (14). Dat hinget fan oare faktoaren ôf. Lit de arguminten mar sjen.

Wat ik benammen wurdearje yn it polemysk proaza fan Josse de Haan is dat yntegriteit foar him, krektlyk as frijheid, in kearnbegryp is.

Op it algemiene, abstrakte nivo is it hurd en ûnmeilijdsum. Mar De Haan spilet net op ’e persoan. Hy is gjin ‘partijman’ en resinsearret sûnder foaroardielen. Hy slacht bgl. yn syn krityk op Veenbaas – De keunst as metropoal gjin oare toan oan as yn syn kommentaar op Riemersma – Het kluitje in het riet.

 

  1. De besprekken


5.1. De ‘poëzyanalyses’
Analyses is in grut wurd. Sa brûkt De Haan de bondel It swiet geniet fan Sikke Doele (1977) as yllustraasje by syn opfetting fan wat poëzy wêze moat (‘poëzywetten’), lykas: ’poëzy is nea papegaaietaal’, ’dichtsjen is foarmjaan oan taal dêr’t ritme en dûbelsinnichheden in wichtige rol spylje’, ‘fersen binn’ gjin medisinen’. Hy leit syn kaarten, syn kriteria, op ’e tafel.

Oars leit dat mei de resinsje oer Albertina Soepboer – Gearslach (1995). De Haan is optein oer har taal- en byldgebrûk en hy struit rij mei ‘fynsten’. Hy betoant him in belutsen, empatyske lêzer, dy’t genietsje kin fan wat in oar makke hat. Hy doart te bewûnderjen en komt dan sels ek lyrysk op ’e tekst.

Dit Frysk hat hast oare lêzers nedich as wat wenst is. Dit Frysk giet foarby harsels. It sterile wurdbreidzjen is ferfongen troch in dynamysk geweld tsjin de taal sels. Wurden wurde ûntwoartele út ’e ferbannen dy’t bekend binne. De deistige omgongstaal fan bygelyks klerken en techneuten wurdt hjir degradearre. Dit Frysk befêstiget net de leechte en de tizeboel, mar dizze poëzy brekt iepen… (98).

Opfallend is syn wurdearring foar Willem Abma. As ‘klassyk’ dichter stiet Abma wol hiel fier ôf fan de barokke, surrealistyske De Haan. Mar dy hat him altyd heech hân. By Te fûnling (1999) folget er de dichter troch de opbou fan de bondel hinne. Hy striidt mei, hy lijt mei, hy belibbet de oerwinning mei. En dan skriuwt er, it swit noch op ’e kop fan ’e spanning, neigenietsjend yn syn eigen Homearyske fergeliking:

De rûnte fan de bondel is net sletten. Yn de piste fan dit taalsirkus is de útgong noch iepen litten, dêr’t de dichter nei de fûle lampen, nei it applaus weromgean kin nei syn dichterswenwein. Op in oar plak komt der wer in nij programma. Hy hat nea ôfsletten. Syn libben net, syn dichterskip net – al wie it op it rântsje – en foaral de poëzy net. (112)

De tsjerke wearzget Josse de Haan, mar bibelske motiven en bylden wit er op wearde te skatten en yn syn sympatyk stik oer Henk van der Veer kin er waarm en ynfielend reagearje op it grifformearde berneleauwe. Yn sokke dingen is er om ’e deale wol nuansearre en gefoelich.

It subtile stik (taastend hast) dat er skriuwt oer Baukje Wytsma Kom mei in koer (‘flintertinne taal’) en de kontekst dêr’t er it tema ‘dea’ yn pleatst, mei foarbylden fan Gerrit Achterberg, Chris Leeflang, Jan Wit e.o., is net allinne oertsjûgjend, it rekket de lêzer yn it hert. It trochkringen ta de kearn, dêr giet it Josse de Haan hjir om.

Hy konstatearret dat Wytsma it libben mei it bloed yn ’e klompen en de triennen yn de eagen (119) beskriuwt.Hjir sprekt gjin kommentator, gjin analist, gjin keunstrjochter. Hjir sprekt in manminske dy’t wit fan de spanning tusken libjen en sizzen en dy’t by Baukje Wytsma lêst wat er sels fielt.

Is it dan allegear jûchjen? Priizget er de poëzy fan Wytsma de himel yn? Alhiel net: it wol him soms net oan dat beskate fersen troch deselde dichter skreaun binne.

De fersen oer de leafste (…) binne bleek en sûnder krêft. Se sizze neat, meidat se klisjeemjittich oanjouwe dat de leafde gjin oplossing is foar it ûntkommen oan de dea. (123)

Sá, tink ik, optein én kritysk, mar altyd emosjoneel belutsen, moat poëzy lêzen wurde. Trouwens, ek hjir rekket syn oardiel wolris bûten proporsje, bgl. as er Henk van der Veer mei Nijhoff, en Cor van der Wal mei Lucebert fergeliket.

 

5.2. De proaza-analyses
Yn syn resinsje fan Riemersma – De skjintme ferbwolgwodde komt moai nei foaren wat it dilemma fan Josse de Haan is. Hy wol ferantwurde krityk jaan, dúdlike mjitstêven hantearje, sis mar wittenskiplik ferantwurde wêze (fandêr syn essays foaryn). Mar ear’t er dy kritearia oanleit, skriuwt er:

Adri van Hijum hat yn trotwaer 1972-1975 syn wiidferneamde romananalyses publisearre. Ik fyn dat wichtich, mar it is foar my as lêzer te min. Ik bedoel, in lêzer reagearret ek, en benammen, subjektyf op in boek. Dy subjektiviteit is net slim, want normaal foar lêzers. Tusken dy twa utersten, in totaal objektive analyse en in folslein subjektyf lêzen, leit de middenwei fan dizze skôger. (158)

It binn’ dan ek, nei alle ‘objektive’aspekten, úteinlik de persoanlike fragen en assosjaasjes dêr’t dit besprek yn kulminearret, dy’t it boppe de analyse úttille en nijsgjirrich meitsje.

It besprekken fan de tematyk yn de fjouwerdielige romansyklus fan Willem Abma oer Heerd Hissema kombinearret De Haan mei Abma syn poëzytema’s. Yn in tige lêsber stik fan fiifentweintich siden (!) jout er wer in foarbyld fan ferbreedzjen en ferdjipjen fan it eachweid. Hy is úteinlik net ynteressearre yn in literêr wurk op himsels, mar yn de reële problematyk fan libben en dea dy’t efter it ferhaal leit. De kearnfraach is: stelt it dy skerp oan ’e oarder en foarmet it dêr in yngong ta? Dan wurdt de belutsenens fan de lêzer mei wrâld en minske ferdjippe. Dat engaazjemint is beskiedend foar literêre kwaliteit.

Gauris rekket De Haan yn ’e betsjoening fan it wurk dat er besprekt. Op sa’n stuit hat it der in soad fan wei as wurdt er de ferdigener dêrfan. Syn krityk wurdt in pleit. Sa lês ik bgl. de resinsje oer Meindert Bylsma – Fuortsmytballade.

Hy kin, sels optein fan it ferhaal (mar ek tige wurdearjend nei de makker) krityk fan oaren net sette. Dy ha it gewoan net begrepen. Hjir is de resinsint taljochter en útlizzer. Hy wol de yntinsjes fan it ferhaal bleatlizze en de krêft dêrfan fiele litte. Wêrom soe dat net doge? Moat in resinsint lekje? Swakke plakken sykje? Neffens Josse de Haan moat dat allinne as it wurk net doocht, net libbensecht is. As it gjin ynhouten hat, moat er de brot nei gychem ferwize. Jawis is dat subjektyf. Lykwols, in ‘objektive lêzer’ is gjin skôger (sjoch it sitaat oer Adri van Hijum) mar in scanner.

 

  1. Oare literatuer?

De Fryske literatuer kin in soad skriuwers wol misse sûnder dat se dêroan lijt. Wat se net misse kin, binn’ De Hanen. Minsken dy’t, hokfoar bokken se ek sjitte neffens de literêre konvinsjes en koade, harsels bliuwe en it libben deryn hâlde.

Giet it om ‘oare literatuer’? Om ‘skriuwe bûten de stringen’? Dat is mar foar in part sa. Yn dit boek wurdt in trochsneed behannele fan wat de Fryske literatuer biedt. It giet yn it foarste plak om lêze bûten de stringen (en dêr ferslach fan dwaan). My oertsjûgje fan syn gelyk docht De Haan faak net. Mar my oertsjûgje dat de keunst (him) earnst is en hoe’t er dat as ynfielende lêzer tapast, docht er wól. De ‘analyse’-ôfdieling ha ik dêrom heger as de essay-ôfdieling.

Dat wol net sizze dat ik fyn dat ‘oare literatuer’ net oan ’e oarder is. It is fan belang dat oankommende skriuwers har losmeitsje fan de tradysje, dat altyd op ’e nij in avant-garde ûntstiet. Auteurs as Bouke van der Hem, Willem Schoorstra, Tsjisse Hettema en Anne Feddema soargje foar in oar lûd. Josse de Haan hat dêr, as non-konformist, in iepen ear foar.

It sil my nijdwaan oft ‘Kastanjes ite’ noch ferskine sil, no’t it poffen sa’n bytsje reaksjes opsmiten hat. Smaken ferskille, mar it Fryske miel soe sa lef as luzen wurde sûnder de krûdige yngrediïnten fan Josse de Haan.

 

 

Dit stik stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 9, 2006

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.