Malterfoske

Publisearre op 5 maart 2019

ARJAN HUT – 

Op 19 jannewaris is skriuwer Lammert Voos yn Van der Velde yn Ljouwert om syn novelle ‘Malterfoske’ te presintearjen. Der binne aardich wat minsken op ôfkommen. It is myn jierdei en Elizabeth hat my oantrúnt om mei nei de boekhannel. Under de presintaasje docht bliken dat it ek Voos syn jierdei is. Tafal tinkt om alles.

Utjouwer Paul Abels nimt as earste it wurd. Hy neamt de sân haadstikken dêr’t de novelle út bestiet ‘ontluisterend’. ‘Nadat ik het eerste verhaal had gelezen,’ seit er, ‘dacht ik, kan het nòg erger?’ Hy wachtet even. Voos seit neat, want it antwurd hinget yn de loft. Ja, yn de folgende haadstikken wurdt it allegear nòch slimmer, nòch tsjusterder.

 

Oan alle rigels is te lêzen dat de skriuwer ek sjonger is, en dichter.

 

De sân stikken, allegear mei bibelske ferwizings yn de titels, spylje har ôf yn it troch de skriuwer optochte buorskip Malterfoske. Neffens him betsjut ‘maltern’ yn it Grinslanners treiterje, al wurdt net hielendal dúdlik oft dat werklik sa is, of in lullefikaasje. Ik moat wol tinke oan it Fryske ‘mâltjirgje, dat mear fan ‘oangean’ hat. In ‘foske’ lykwols, moat in lyts oanplante bosk wêze, op in massagrêf fan oan sykte stoarn fee.

Yn Voos syn Malterfoske wenje simpelen, minsken mei krupsjes. Hy draacht foar út haadstik twa, ‘Schippers zonder God’, in skrinende passaazje. Dêrnei sjongt er, yntins, Amerikana, fol al as net ynhâlden drama. De geast fan Patsy Cline aait syn triljende stimbannen. Elizabeth keapet it boek as kado foar myn jierdei, stiet yn de rige om in hantekening, en thús begjin ik foardat de taart op tafel stiet, te lêzen.

Nei in sitaat fan Hugo Claus (“Dun lied donkere draad / Land als een laken / Dat zinkt”) begjint it earste diel ‘Zondeval’. Mei rake rigels wurdt it Grinzer hûshâlden fan boer Torenstra delsetten en ôfbrutsen. “(…) lachen was een zinloze aktiviteit, waar toch niets aan te verdienen viel.” Yndied, neidat yn de lêste oerdonderjend swartgallige strofen in sniestoarm in gewearskot ûndergûlt, tink ik, minder kin it dochs net beteare?’ Fassinearre lês ik fierder.

Oars bin ik net sa fan de swiere kost, it gewoane libben hat al drama genôch yn him en dat sykje ‘k yn boeken leafst net fierder op. Voos hat lykwols sa’n wize fan skriuwen, dat dizze skiednissen ek foar lichtgefoeligen te behappen binne. Mear as dat, men kin der sels om laitsje, om dy ôfgryslike toarre, stiifkoppige boeren, it jok fan de tsjerke, de dronken hampels, de tragyske froulju en bern. Yn ‘Schippers zonder God’ tinkt in healbline, ûnsjogge faam, krekt ûntslein, op it drekpaad werom nei heit en mem, dat se miskyn better yn de kâlde wetter springe kin. Mar dan wachtet har en de frucht yn har liif it ivichduorjend fjoer fan de hel. “Toen liep ze verder met het voorkind onder haar hart, op weg naar een leven vol slaag, hoon en schaamte.”

Oan alle rigels is te lêzen dat de skriuwer ek sjonger is, en dichter. In oar hie foar ‘Zondeval’ allinnich al in trilogy nedich hân. Voos fertelt it hiele ferhaal en mear yn amper alve siden.

De sân haadstikken binne as losse dielen te lêzen, mar fertelle tagelyk in soarte fan famyljeskiednis. Hoe’t alles sit, dêr kin men út en troch op puzelje. De Torenstra’s wurde neamd, mar fierder bliuwe de measte karakters nammeleas, se hite schipper, jongen, broer, dochter, knecht, klompenmaker.

“De zon viel die dag in duizend stukjes uiteen door het bladerdak van de kastanjes langs het laantje naar het kerkhof. Dit pad was het enige in het dorp dat was verhard. Op het kerkhof stond een jongeman met zijn pet in de hand moeizaam de tekst op een gedenkplaat te lezen.” (Haadstik ‘De Samaritaan’) De jongste soan fan in Fryske fisker is in beaken fan soarch en empaty yn it buorskip. Syn mylde karakter komt yn meardere ferhalen werom. Hy troud spitigernôch mei in aaklik wiif. It libben betellet him yn oanboazjende ellinde út. Dochs brekt de sinne wolris troch yn Malterfoske. De arbeiders geane der yn stadige stappen op foarút, al giet soks ta skea fan de bazen fan earder. In bus komt foarby en nimt de earste frou dy’t foar harsels opkomme sil mei nei de stêd.

De tekst op de achterkant fan dizze kreas fersoarge útjefte (hurd omkaft, noflik font, himelsk papier) seit dat Voos dizze libbens ‘onbarmhartig’ skilderet. Dat wol ik – yn alle freonlikens – ûntstride. It fielt as is de skriuwer in skepper op ôfstân, dy’t guon skimmen út it tsjuster opdjippet – en hopet, hopet, dat it allegear ris goed komme sil. Net om de nocht einiget it boek mei – nee, lês it sels – en hjit it ôfslutende haadstik ‘Genesis’.

 

Malterfoske, Lammert Voos, afdh Uitgevers

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels