Laaksum: eltse dei is it der

Publisearre op 21 augustus 2015

MARITA DE JONG – 

Fisk en Tjits is de namme fan har earste soloprojekt. Yn it wurkhok fan fisker Jan de Vries bringt byldzjend keunstner Tjitske Boersma (Starum 1970) út De Sweach in oade oan Laaksum. Dêr lizze har roots, dêr begûn de fiskerij fan har foarâlden. Heit Sietze Boersma, de fjirde fan in generaasje fiskers is der berne, yn it lêste hûske fan Laaksum.

“Doe’t ik noch in famke wie, woe ik fiskersfrou wurde. Ik gie faak mei heit de see op, te fiskjen. Wy binne sterk mei inoar ferbûn. Heit sei altyd: ‘Asto in jonge west hiest, wiest fisker wurden’. Efterôf bin ik bliid dat ik net foar dat berop keazen ha, want it is hiel swier wurk. Dêrneist binne it minne tiden foar de fiskerij. Heit fisket op it stuit út puere earmoed op blei, omdat der neat oars is. No kin ik de fiskerij útdrage troch myn wurk. Dat jout in hiel goed gefoel.

 

Juttersfynsten
Foardat ik my mei keunst dwaande hold, wie ik kapster. Ik ha 20 jier yn in kapsalon in Snits wurke. It is ek in kreatyf berop. As kapster moatte jo gefoel foar foarm en kleur hawwe. Knippe fûn ik it moaiste om te dwaan. Einliks bist oan it byldhouwen. Je moatte goed nei de foarm fan de holle sjen en lústerje nei de klant. Ik ha altyd wol kleurgefoel hân. Dat komt no ta uting yn myn byldzend wurk. Ik bin autodidakt, meitsje abstrakte kollaazjes, assemblaazjes en objekten. Yn 2008 bin ik begûn te skilderjen. Ik woe it al hiel lang mar it kaam der net fan. Je moatte earst in pear jassen útdwaan om safier te kommen. Ik ha materiaal kocht en ferskillende stilen probearre. Pas doe’t ik myn juttersfynsten en materialen fan heit fan de fiskerij derby beluts, tocht ik: ‘Dit is it’. It wie krekt al foel alles gear.

 

Yn myn wurk wol ik it ferline ferbine mei it heden, de ferstilling sykje, dingen diele. Dit bin ik.

 

De eksposysje yn Laaksum is in logyske útkomst fan wêr’t ik mei dwaande wie. Yn 2013 wie ik yn Het Gemaal by Thom Mercuur yn Gersleat en we rekken oan de praat. Oer de fiskerij en oer myn tante út Starum, dy’t Thom wol koe. Se hie dêr in kafé-restaurant. In pear moanne letter kaam ik der op ‘e nij en ha Thom doe frege as hy ris nei myn wurk sjen woe. Dat woe er wol. Hy frege of ik noch wat foto’s opstjoere woe en sei dat hy op atelierbesite komme soe. En dat is ek bard.

 

Fiskersferline
Dat fiskersferline woe ik wat mei dwaan en ik wist fuortendaliks dat dat yn Laaksum barre moast. Yn it wurkhok fan Jan de Vries, dy’t tegearre mei syn broer op Laaksummer bot fisket. En der moast sa min mooglik feroare wurde yn dy romte. Thom hat der my mei hinne west en fielde dat ek sa. Hy is in puer persoan en Jan de Vries is krekt lyk. Dy woe de romte wol beskikber stelle en kaam mei it útstel om wat mei syn samling fan âlde foto’s te dwaan. Die hiene by it 100-jirrich bestean fan Laaksum te sjen west. It tafal wol dat ik dy tentoanstelling sjoen ha. Heit wie yn 2012 50 jier fisker en der woene we as famylje by stilstean. In lytsskalich feestje mei it eigen gesin op Laaksum. Dy sneontemiddei dat wy der wiene, wie it min waar. It waaide hiel hurd. We kamen tafallich midden yn it feest telâne en ha doe de foto’s fan Jan ek besjoen. In oantal fan syn foto’s dêr’t ik wat mei koe, ha ik útsocht. Sels hie ik nochris in foto fan de hang makke, ûnmiskenber Laaksum. Dy ha ik der oan taheakke.

Yn de hang hat him safolle ôfspile. Myn tantes ha der wurke. Se sieten oan lange tafels en makken materiaal foar ûnder oaren de ielfiskerij. Dêr leit in hiel ferline. De foto’s ha ik útprinte en op twa âlde doarren fêstmakke en dy ha de hiele winter yn myn atelier stien. Doe bin ik oan it wurk gien. Wat dêr útkaam is, is de hiele moanne septimber op Laaksum te sjen. Septimber is myn favorite moanne. De sfear is dan hiel bysûnder, it ljocht is sa moai. Heit ûnderfynt itselde op it wetter. Septimber is oars as oars. De lûken fan it wurkhok gean iepen en it deiljocht moat harren wurk dwaan. It is úteinlik gjin gallery. De puerheid en soberheid moat bliuwe. De foto’s nimme de taskôger werom yn de tiid en myn wurk is de ferbining nei de notiid. Yn myn wurk wol ik it ferline ferbine mei it heden, de ferstilling sykje, dingen diele. Dit bin ik. It is in stik fan myn libben wat dêr te sjen is: myn boarne. It wurdt myn feestje.

 

Dit is ien fan de foto’s dy’t op Laaksum te sjen is. Hy is makke yn 1940. De mannen op de foto binne oan it ‘beurzjen’. Neffens Tjitske hat Laaksum eigen wurden en beurzjen is der ien fan. It besjut dat de mannen prate oer harren wurk: wol of net nei sé gean bygelyks. Dat bart ek no noch. Eltse sneintemoarn komme de mannen by inoar.

Dit is ien fan de foto’s dy’t op Laaksum te sjen is. Hy is makke yn 1940. De mannen op de foto binne oan it ‘beurzjen’. Neffens Tjitske hat Laaksum eigen wurden en ‘beurzjen’ is der ien fan. It besjut dat de mannen prate oer harren wurk: wol of net nei see gean bygelyks. Dat bart ek no noch. Eltse sneintemoarn komme de mannen by inoar.

 

 

Noarderling
Yn de Súdwesthoeke ha ik myn fêste jutplakken. Dêr bin ik thús. Fan it Aldemardummer klif oant Hylpen. Ik ha ek in faksinaasje foar it Waad. Beide gebieten herbergje in protte fûgels. It leafst rin ik allinnich, as it al in bytsje skimert en genietsje ik fan de guozzen. Tusken de Lemmer en de Ofslútdyk swimme in protte swannen. Dy ferlieze harren fearren en dy sammelje ik ek. De pennen brûk ik yn myn objekten as in soarte fan pluch. Omdat ik sa puer mooglik wurkje wol, brûk ik gjin lym. In stapel moai papier, âlde kurken, in âld oaljepak, dêr wurd ik bliid fan. Mar ek fossilen, skelpen en stikken âld seil. Dat is myn wrâld.

 

De bosk fan myn wenplak De Sweach docht my tinken oan Gaasterlân. Yn dy bosken kaam ik as bern mei myn freondinne en har sus. De Iselmar is de foartún, de bosk de eftertún van Gaasterlân. Prachtich fyn ik dat. Ik gean regelmjittich nei de Iselmar of it Waad. As ik dan jûns werom kom yn De Sweach fielt dat as in waarme tekken, hiel smûk. Ik sjoch der altyd nei út om in dei fuort te gean. Lykas in bern dat op skoallereiske giet. De rit derhinne, ik gean altyd binnentroch, is alle kearen in nije ûnderfining. Myn suske seit: ‘Mar wy ha dat allegear al, omdat we hjir wenje’. Foar my fielt dat oars. As ik dêr wenje soe, koe ik der net mear hinne. Ik bin in echte Noarderling. As ik al nei it bûtelân gean, dan nei Skandinavië. Dat past ek by my. In moai wurd trouwens: Noarderling. Heit seit bygelyks: ‘Ik fiskje hjoed om ‘e Noard’. Foar my is dat puere poëzy.

 

Leerproses
Ik ha it gefoel dat ik de wyn yn de rêch ha. Omdat ik yn de Sweach wenje, ha ik meidien mei de Open Atelier dagen fan Opsterlân. De galeriehâlder fan Galerie van Harinxma noege my út by him te eksposearjen. Myn wurk makke diel út fan in groepstentoanstelling. Fierder is myn wurk te sjen by de stifting Alde Tsjerken. By de iepening fan de tentoanstelling Eb en Vloed fan Thom Mercuur yn Lauwerseach kaam in meiwurkster fan de gemeente De Marne op my of en frege of ik yn it HIP paviljoen yn Lauwerseach eksposearje woe en yn it neijier fan 2016 is myn wurk te sjen yn Kunsthuis Loof. It is in drokke tiid, der komt fan alles op my ôf. Sûnt ik mei keunst dwaande bin, stean ik oars yn it libben, alles falt op syn plak. It is in oanhâldend leerproses en ik moetsje allegear nijsgirrige minsken. It wurkjen wurdt foar my hieltyd yngripender. Doe’t ik it lêste wurk foar Laaksum klear hie, moast ik gûle. Wat sit dit djip, tocht ik by mysels. In mankelyk gefoel, as wie it in ôfskie. Dat is it seker net. Laaksum, eltse dei is it der.’

 

 

 

De eksposysje Fisk en Tjits is de hiele moanne septimber te sjen op sneon en snein van 11.00 oant 17.00 oere. De keunstner is der sels ek op die dagen. Sjoch foar mear ynformaasje op: www.tjitskeboersma.nl.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels