Arjan Hut
fotografy: Arjan Hut

Kursus Poëzy lêze mei Arjan Hut

Soms liket it as binne minsken benaud fan gedichten. Net alle gedichten, mar de lestige. Der stiet net wat der stiet, of wol? En as der net stiet wat der stiet, wat stiet der dan? Wêrom kin in dichter net gewoan opskriuwe wat er bedoelt?
Dichter Arjan Hut jout in searje jûnen ‘poëzijlêzen foar nijsgjirrigen’. Oan de hân fan âlde en nije gedichten, dûke we de wrâld fan de poëzij yn, helpe mekoar paadwiis te wurden, en fine faaks ien of mear dichters dy’t sa oansprekke, dat it liket as skriuwe se spesjaal foar ús.

Arjan Hut debutearre yn 2004 mei syn bondel Nachtswimmers. Dizze simmer brocht er syn sechsde titel Ien tel de ierde stil út. Hy skriuwt oer poëzij foar De Moanne en it Friesch Dagblad. Yn 2005 wie er stedsdichter fan Ljouwert en letter Wâlddichter fan de gemeente Achtkarspelen. Hy jout workshops op skoallen en oan folwoeksenen en is dosint oan de Skriuwersfakskoalle.

Ynformaasje
Data tiisdei 3 oktober, 17 oktober, 31 oktober en 14 novimber yn kafee De Gouden Leeuw fan Tresoar yn Ljouwert.
Foar wa? Elkenien dy’t mar Fryske poëzy lêze wol.
Kosten € 90,00 te beteljen nei opjefte.
Opjefte foar 25 septimber 2023 fia Eventbrite
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.