In ‘kultuerskiednis’ fan it Bildt

GERBEN DE VRIES – 

Oer it algemien binne der twa soarten promovendi. In jonge krekt ôfstudearre doktorandus wurket fjouwer jier as mear oan syn proefskrift, dat hooplik de springplanke foar syn wittenskiplike karriêre wurdt. Yn it twadde gefal giet it faak om in al wat âldere man of frou, dy’t stommegraach nochris de kroan op it wurk sette wol. Kees Kuiken heart ta de lêste groep. Hy promovearre al yn 2002 oer in Sjineekse Zenhillige ut de 8ste ieu. Dêrnei bleau er tichter by hûs en publisearre er oer in grut ferskaat fan ûnderwerpen út Fryslân en Grinslân. Tsjin de ein fan syn wurksume libben woed er sa’t it liket werom nei syn woartels, werom nei it Bildt. Hy hie al in grut ferskaat oan artikels oer dit aparte stikje Fryslân skreaun, doe’t er op de gedachte kaam nochris te promovearjen oer krekt dit gebiet. Foar in fierdere wittenskiplike karriêre hoecht er it net mear te dwaan, want Kuiken wie al hast 57 jier doe’t er op 3 oktober lêstlyn yn de tsjerke fan Frjentsjer nochris foar de corona of promoasjekommisje stie.

Het Bildt is geen eiland. Capita cultuurgeschiedenis van een vroegmoderne polder in Friesland is de titel fan de dissertaasje wurden. It wurd ‘capita’ is hjirby krusiaal, want de haadstikken binne feitlik bewurkingen fan boeken en benammen earder publisearre artikelen fan Kuiken. Foar alle wissichheid ha’k se mar even neiteld yn de literatuerlist achteryn: it binne der yn totaal 37 stiks, skreaun foar ûnder oaren De Vrije Fries, Vitrus en It Beaken. Yn dy sin is it proefskrift hast in samle wurk, want Kuiken is net benaud om ek stikken oer de wettersteat fan syn wenplak Haren of de earste Sjineeske kongsi yn de stêd Grins mei te nimmen. Hy koe de ferlieding om al syn wurk op te nimmen net wjerstean, tink ik.

It samle wurk is lykwols yn ’t foarste plak in ôfrekken mei syn bruorren en susters fan it ‘Bildts aigene’. Kuiken is in ‘debunker’, of, om mei Frank Westerman yn dy syn lêste boek Stikvallei te sprekken, in ‘mythedoder’. Ik ha der in stik as fiif teld, mar sil der mar ien behannelje. Dat is dy fan de Bildtdyk sels. Dy soe yn 1506 troch in stel Hollanners oanlein weze, wernei’t dy as Bildtboeren it nije lân bewurken. Dat wie net sa, makket Kuiken dúdlik. Hij waard lein troch professionele polderjongens út Hollân, dy’t dêrnei wer werom giene. De earste boeren kamen út sawol Hollân as ek de omkriten fan Fryslân. De earste fyftich jier fan de polder wie der sprake fan ‘kettingmigratie’ út Hollân dy’t der foar soarge dat der in soartemint ‘ontfriezing’ plak fûn. Kuiken hat dat bestudearre troch te sjen nei de achternammen fan de pachtboeren. Der hat er fêst gelyk yn, mar dy Hollânske migranten binne grif foar in grut part troud mei lokale Fryske froulju, want it foel my op dat de Bildtse foarnammen al hiel ier Frysk wurde.

Migraasje en benammen translokaliteit (sosjale netwurken mei oare streken) foarmje de kaaiwurden fan dizze nije skiednis fan it Bildt, mar de kearn is dochs benammen in brede kultuerskiednis. Kultuer is by Kuiken lykwols elitekultuer, want hy ûndersocht eins allinne mar it boerepatrisiaat, de aristokratyske kultuer en letter yn de 19de ieu de notabelenkultuer. Ek de middenklasse en de arbeiders hawwe in eigen kultuer, mar dy behannelet de auteur net. Yn dy sin is Kuiken noch ien fan de âlde stimpel en is goed te sjen yn hokker tiidrek hysels studint wie. Want de measte ûndersikers hâlde faak fêst oan de paradigma’s fan har opliedingstiid, ek tritich jier letter. Sa is goed te fernimmen dat Kuiken’s histoaryske begripenapparaat yn de jierren santich en tachtich fan de foarige ieu foarme is, flak nei de ‘marksistyske’ tiid, mei in soad oandacht foar arbeidersskiednis. En dus lêze wy hjir oer de skiednis fan de ‘long durée’, ‘organising concept’, ‘invention of tradition’, ‘imagined community’, begripen dy’t in jonge promovendus hjoeddedei net mear sa maklik brûke sil.

Kultuer yn it Bildt oer in langere termyn? Fansels is dizze dissertaasje in kreaze oanfolling op, en faak ek in korreskje fan, de brede ‘geakunde’ fan Herman Sannes fan it Bildt. Benammen de minsken mei niget oan genealogy sille wille belibje mei dit boek. Feit bliuwt lykwols dat dizze streek mar fjouwer doarpen telde en dan is de ‘kultuer’ dy’t  Kuiken op it each hat tin siedde, om net te sizzen meager. Fan lês- en grêf- nei memorykultuer, it Bildt hat op al dizze mêdden folle minder boarnemateriaal as in middelgrutte stêd. En is der ris in nijsgjirrige boarne, as bygelyks it argyf fan it lêsselskip Ledige Uren Nuttig Besteed, dan brûkt Kuiken dy amperoan. It jout ek te tinken dat – sjoen it tal oanhellingen – syn grutte foarbyld Boer en heer. ‘De Groninger boer’ 1760-1960 fan Ynte Botke is, en dy hie de beskikking oer boarnen fan in hiele provinsje. Hawar, Kuiken makket dat mear as goed mei syn slotbeskôging, dêr’t er aardich wat moderne mythefoarming oer it Bildt nei de dongbult fan de skiednis ferwiist. Ik sil net ferklappe welke mythen, want ik hoopje dat dit boek in protte lêzers krijt. Dat de Biltkers wol wat krityk hawwe kinne, bewiist oars it feit dat Kuiken yn novimber 2013 de Biltse kultuerpriis ûntfange mocht. Hja fûnen tink ik de lege oeren goed bestege!

O ja, by in proefskrift heart absolút in register.

 

Comments
Ien reaksje oan “In ‘kultuerskiednis’ fan it Bildt”
  1. Bilkerts kinne wol tsjin krityk, sa’t Gerben de Vries skriuwt, dat ik haw my mei syn historiografyske boutades poerbêst fermakke. Dat de oanpak fan Het Bildt is geen eiland ferâldere is, ûntstriid ik lykwols: sjoch it oersjochsartikel fan Daniel Curtis oer resinte trends yn’e regionale skiednis yn Low Countries Historical Review 128 (2013). De bewearing fan De Vries dat ik foar de ûntfrysking fan it Bildt allinnich ‘êfternammen’ fan pachters teld hawwe soe, is ûnkrekt. Dat soe ek healwiis wêze, want fierwei de measte pachters steane yn’e sechstjinde ieuw net mei in skaainamme te boek. Dêrom haw ik neffens skaainammen (‘toenamen’) ek foarnammen en patronymen teld (sjoch side 59 fan it boek). It argyf fan it lêsselskip ‘Ledige uren’ is útplúze yn it tinkskrift fan Norder (1992). Ik haw dat ûndersyk net oppenij útfierd, mar de gegevens brúkt om it plak fan it selskip yn’e Bildtske maatskippij dúdlik te meitsjen. De Vries mist noch in register yn it proefskrift. Ynsté dêrfan is lykwols in CD-ROM mei de hiele tekst byslúten. Dat siket makliker as in register ‘fan’e âlde stimpel’. En o ja: de skriuwer fan Geschiedenis van het Bildt wie Hartman (net: Herman) Sannes.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.