• Eddy van der Noord met Ritsko van Vliet

    24 juli 2024

    Eddy van der Noord werd eind maart de uitgever van Ritsko van Vliet zijn boek. Hij vertelt in deze podcast over zijn uitgeverij Louise, waar die naam vandaan komt en hoe een boek tot stand komt. Eddy had het eigenlijk te druk om er nog een boekproductie bij te hebben, maar hij legt uit waarom hij toch dit boek wil uitgeven. Op Ritsko zijn verzoek [...]

  • 20 juli 2024

    Wolkom by ús nije podcastôflevering! Yn dizze ôflevering begjinne wy mei in gedicht fan Sipke de Schiffart en beprate wy syn nijste bondel Oan wjerskanten fan de Styx. Dêrnei freegje wy ús ôf: wat binne eins ús hobbys? Moatte hobbys leuk wêze?  Byld út The Human Centipede. Net geskikt foar gefoelige Friezen. Wy ferkenne ek de wrâld fan Asgaard, Arjan fertelt oer syn [...]

  • Rely Jorritsma

    11 juli 2024

    LJOUWERT – Trije ferhalen en fiif gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Boat’ fan Jilt Jorritsma (Eindhoven), ‘Wollekje’ fan Geert Nauta (Ljouwert) en ‘De skroei fan ’e loop’ fan Koos Tiemersma (Drachten).De winnende gedichten binne ‘Waskersfersen’ fan Erik Betten (Dronryp), ‘servus’ fan Fedde Douwes Dijkstra (Ljouwert), ‘Yn elke hertslach’ fan Wietze Numan (Drachten), ‘mummy’ fan Gerrit de [...]

  • 6 juli 2024

      Foto: Marc Knip, Lex Paleaux en hûn. By de Fryske slam gie it der ferline wike hurd oan ta, de emoasjes rûnen heech op. It wie sa drok, beskikers moasten sels yn de gong sitte. Martsje de Jong en Sigrid Kingma yn de finale! Eartiids waard ek al 'slamt'. Yn in boekje út 1946 wurde de foardrachten fan dy tiid beskreaun as [...]

  • eksamen Frysk

    28 juni 2024

    Hast elk jier sit der wol in tekst fan 'de Moanne' yn it lanlik eineksamen Frysk. Ek dit jier. In artikel fan Ate de Jong wie te lêzen yn it vmbû-eksamen. Sa'n eksamen wurdt fansels yn it grutste geheim makke. Wy ûntfange dan ek pas de meidieling dat der in tekst fan ús brûkt west hat, neidat it eksamen ôfnamen is. 'de Moanne' is tige [...]

  • Geart van der Mear

    28 juni 2024

    Assosjearret it brein positive dingen mei de Fryske taal, of dochs earder mei de Nederlânske taal? En hoe sit dat dan mei negative dingen? Dr. Hielke Vriesendorp fan de Fryske Akademy en de Universiteit Utert freget de help fan 400 Frysktaligen, binnen en bûten de provinsje Fryslân, en fan 400 net-Frysktaligen om dit te ûndersykjen. Vriesendorp ûntwikkele in online eksperimint, dat de ûnderbewuste hâldingen mjit [...]

  • 17 juni 2024

    Dat it Libbensfersekeringskantoar rund wurdt troch bijen is opmerklik. De bij dy 't it sa dreech hat troch ús tadwaan. Want wat as de bestowers útstjerre? It kantoar kin wol slute. Sûnder bijen is it libben net langer fersekere. Yn it Libbensfersekeringskantoar út 1904 libje mieren, bijen, pelikanen, flinters en liuwen en de lêste tiid ek miggen yn harmony mei-inoar. Folle mear soarten nimme no [...]

  • 8 juni 2024

    Arjan en oaren by Geert Mak yn de achtertún, Jorwert. Foto: Teake Oppewal. Gabrielle makket har soargen oft se har fakânsje yn Litouwen wol oerlibje sil en Arjan syn eilândream komt út.Yn dizze ôflevering steane wy stil by it ferstjerren fan Hindirk Hannema, en by syn libben.Wy lêze ús kollums foar, prate oer de skriuwersarke, coole nije filmklassikers en oer God dy't út [...]

  • 5 juni 2024

    Freed 31 maaie wie de premjêre fan de Tryater-foarstelling Fanfare. Dit lêste part fan in trijelûk fan Tryater oer de fanfarekultuer dat earder yn ferskate foarmen troch hiel Fryslân luts, is opset as in lokaasjefoarstelling yn Easterlittens mei in grutte cast mei allerhanne figuranten en in tritichkoppich gelegenheidskorps, wêrby’t huzen, dakken, feart en loften fan it doarp tsjinje as dekôr. Under in skiere loft dêr’t [...]