Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Fean, Hoop & Mankelikens

Publisearre op 8 juni 2024

Arjan en oaren by Geert Mak yn de achtertún, Jorwert. Foto: Teake Oppewal.

Gabrielle makket har soargen oft se har fakânsje yn Litouwen wol oerlibje sil en Arjan syn eilândream komt út.

Yn dizze ôflevering steane wy stil by it ferstjerren fan Hindirk Hannema, en by syn libben.

Wy lêze ús kollums foar, prate oer de skriuwersarke, coole nije filmklassikers en oer God dy’t út Jorwert ferdwûn, en by de ferkate optredens dy’t we de ôfrûne wike meimakken.

Arjan fertelt oer it ferbliuw fan writer-in-residence Rasha Khayat út Dútslân yn Ljouwert en Gabrielle oer de Schrijfclub. Wy lêze noch in koart ferhaal fan Nicole van den Berg en beprate har wurk, dêr’t wy fan binne.

Ek steane we stil by de nijste hits fan Fryske artysten, der is wer hiel wat sicks útkaam! En alles watst witte wolst oer it bestellen fan oesterswammen mei koarting!

Fierder: Mankelykens, Slachrjemme mei pyk, Poadium Explore, Goeie.frl, kanoë wylst Bûtenpost oerstreamt, Rink van der Velde priis en Typmasines.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels