• 27 februari 2015

    ARJAN HUT -  “Do dochst alles op entûsjasme en sa giest troch en troch oant it net mear kin”, sei Grytsje Klijnstra op in gegeven stuit. It petear, dat net al te flot losbrekke woe, gie oer Kulturele Haadsted 2018 en de (ûntbrekkende) kulturele fyzje en it (noch ûndúdlike) belied foar nei 2018. Klijnstra wie de jongste oan tafel, dêr't ek Academie voor Popcultuur-directeur Albert van der [...]

  • 17 februari 2015

    No tongersdei 26 febrewaris om 16.30 oere is it wer tiid foar in ynspirearjend tafelpetear. Diskear te gast binne: foarmjouwer en keunstkritika Grytsje Klijnstra, direkteur Academie voor Popcultuur Albert van der Kooij en kollumnist en programmamakker Bart Kingma. In oerke frij lusterje nei entûsjaste sprekkers oer boeken en kultuer! Een trein later is in ynisjatyf fan algemien-kultureel opinyblêd de Moanne en De Culturele Onderneming en [...]

  • 4 februari 2015

    No freed 6 febrewaris om 20.00 oere hâldt de Gerben Rypma Stifting yn oparbeidzjen mei de Moanne in Russysk-Fryske jûn yn kultureel sintrum De Klameare yn Warkum. Gast is film- en dokumintêremakker Aliona van der Horst, dochter fan in Russyske mem en in Nederlânske heit. Se studearre Russyske taal en letterkunde, die dêrnei de Nederlandse Filmacademie en wurket foar de VPRO en de NPS. Van [...]

  • 20 januari 2015

    Freed 6 febrewaris om 20.00 oere (ynrin 19.30 oere) hâldt de Gerben Rypma stichting yn gearwurking mei de Moanne in Russysk-Fryske jûn yn kultureel sintrum De Klameare yn Warkum. Gast is film- en dokumintêremakker Aliona van der Horst, dochter fan in Russyske mem en in Nederlânske heit. Se studearre Russyske taal en letterkunde, die dêrnei de Nederlandse Filmacademie en wurket foar de VPRO en NPS. Aliona [...]

  • 14 januari 2015

    Op de earste dei fan de Poëzijwike, tongersdei 29 jannewaris, fynt de twadde edysje fan Een trein later plak. In ynspirearjend tafelpetear mei diskear: dichter Pieter Boskma, teaterfoarmjouwer Kees Botman en saksofoaniste Tineke Postma. De presintaasje is diskear yn hannen fan Ate Grijpstra. In oerke frij lústerje nei entûsjaste sprekkers oer boeken en kultuer. - Pieter Boskma, Kees Botman en Tineke Postma - Tongersdei 29 [...]

  • 27 oktober 2014

    Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma ôfrûne sneon yn it programma 'Op en út' fan Douwe Heeringa, by Omrop Fryslan, fanút kafee De Bak yn Ljouwert:   - De tsien fan Martens Afke troch Dick Matena. Nei it boek fan Nynke fan Hichtum. Utjouwerij Personalia, Leens 2014. - Arjen Mulder, Wat is leven? Queeste van een bioloog. De Arbeiderspers, Utrecht-Amsterdam-Antwerpen, 2014. - Ian McEwan, De kinderwet. [...]

  • 21 oktober 2014

    Een trein later hat fertraging oprûn. Spitigernôch kin de earste edysje fan dizze gearwurking tusken de Moanne en De Culturele Onderneming op tongersdei 23 oktober net trochgean. Der lizze te folle blêden op it spoar. Wy ferpleatse Een trein later nei de moanne novimber. Hâld ús Facebookside - www.facebook.com/treinlater - goed yn de gaten foar de nije datum, of folgje ús op Twitter op @eentreinlater.   [...]

  • 1 september 2014

    Yn de muzykkoepel tsjinoer De Koperen Tuin yn de Prinsetún fan Ljouwert presintearren de Moanne en Tresoar tidens it UITfestival Ljouwert Fryslâns meast bysûndere dichters: Sannemaj Betten, Elmar Kuiper, Jan Ketelaar, Elske Kampen, Marrit Jellema en Tim Honnef. Meindert Talma en Djûke foarmen it muzikale programma dizze middei. Fotografy troch Coen Waltmans (Onstage.Photography)

  • 8 mei 2014

    Folle bak justerjûn op de twadde Moanne Live fan 2014 yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince mei as boeiende gast prof. dr. Hans Renner dy't in lêzing joech oer de fraach 'Waarom Nederlanders niet van geschiedenis houden'. In tige slagge jûn! Sjoch hjir foar in fotoferslach fan de jûn. Heel graach oant de kommende Moanne Live op tiisdei 30 septimber!