Interstellar

NIELS LAHUIS –

Kin Christopher Nolan eins noch wol wat ferkeard dwaan? Sûnt it debút fan de Britske filmmakker ein jierren ’90, hat hy allinne mar klassike films fan de moderne tiid makke. De lêste dêr’t minder posityf oer skreaun waard, wie ‘Insomnia’, út 2002.

Tolve jier letter giet Nolan fierder mei syn triomftocht; de nijste klassiker ‘Interstellar’. De regisseur weaget him oan in grut opsetten sciencefiction film dy’t him ôfspilet yn de iere takomst. It minskdom wurdt ûngenedich bedrige troch in earnstich tekoart oan iten en in team fan spesjalisten moat op syk nei in nije planeet dêr’t it minsklik bestean fuortset wurde kin. ‘Mankind was born on Earth, it was never meant to die here’, is de boadskip fan de film.

Mar hoe moai ’t de komposysjes fan Zimmer ek binne, de stille mominten yn ‘Interstellar’ binne suvernôch noch ymposanter.

De man dy’t der foar soargje moat dat it minskdom net fergiet, is âld-astronaut en ûnderwilens boer Cooper, yn in rol fan Matthew McConaughey. Allinnich Cooper kin de syktocht nei in nije, wenbere planeet liede.

Sûnt syn Oscar winnende rol yn ‘Dallas Buyers Club’ en de searje ‘True Detective’ kin McConaughey eins net in soad mear ferkeard dwaan. It imago fan in neatsizzende akteur yn bygelyks ‘Real American’ liket de 45-jierige Texaan fan him ôfskodde te hawwen. Ek yn ‘Interstellar’ set hy wer in sterke prestaasje del. Benammen yn de sênes wêryn’t Cooper de fideo’s besjocht fan syn bern en frou dy’t hy achterlitten hawwe moat, binne yndrukwekkend.

Fan regisseur Nolan is bekend dat hy graach gebrûk makket fan deselde akteurs yn syn films. ‘Interstellar’ telt der twa: Michael Caine en Anne Hathaway. Mar beide moatte it ôflizze tsjin de treflike prestaasje fan McConaughey. In oare topprestaasje is dy fan komponist Hans Zimmer. Hy krige fan Nolan de opdracht om in folslein unike soundtrack te komponearjen. Allinnich dêrom al is it in oanrieder om it folume op heech te setten.

Mar hoe moai ’t de komposysjes fan Zimmer ek binne, de stille mominten yn ‘Interstellar’ binne suvernôch noch ymposanter. Dêr’t oare films yn it selfde sjenre faak kieze foar spektakulêre lûdseffekten – ja, wy sjogge mei in oplutsen wynbrau nei dy, Armageddon – kiest Nolan foar de absolute en realistyske stilte fan de romte. Mei troch sokke sênes skoart ‘Interstellar’ pas echt wurdearring.

Ademleas stoarje nei it grutte skerm wylst de karakters ûnderwilens fjochtsje foar harren libben. Allegear prachtich fêstlein troch Hoyte van Hoytema, de Sweedsk-Nederlânske sinematograaf dy’t nei ‘The Fighter’ en ‘Tinker Tailor Soldier Spy’ wer in prachtfilm oan syn CV tafoegje kin. En dat wylst er ynkoarten ek de nijste Bondfilm oan syn CV tafoegje mei.

It realistyske aspekt is en bliuwt in sterk hannelsmerk fan de 44-jierige Nolan. Elke film dy’t de regisseur makket wurdt op tige sekuere wize realistysk makke foar ús as sjogger. Of’t it no giet om in groep minsken dy’t himsels yn in dream transportearje kin (‘Inception’), in yllusjonist dy’t himsels duplisearret (‘The Prestige’) of in miljonêr dy’t ferklaaid as flearmûs misdiedigers oanpakt (‘Batman’), Nolan soarget derfoar dat it gjin momint ûnrealistysk oerkomt.

Al wurde jo as sjogger net oerladen mei wittenskiplike ynformaasje, soe in ‘Trough the Wormhole-eftige’ útlis fan Morgan Freeman miskien net ferkeard wêze. Hoe dan ek, mei ‘Interstellar’ is de karriêre fan Nolan noch yndrukwekkender wurden.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.