Indignez-vous. Nim it net.

PIER BERGSMA – 

“93 ans. C’est un peu la toute dernière étape. La fin n‘est plus bien loin. Quelle chance de pouvoir en profiter pour rappeler ce qui a servi de socle à mon engagement politique.” Oerset: “93 jier. Dat is sa’n bytsje de alderlêste etappe. It ein is net fier mear. Wat in gelok dat ik de kâns haw om yn oantinken te bringen wa’t it fûnemint wie fan myn politike belutsenens”. Sa begjint ‘Indignez-vous’ fan Stéphane Hessel dat yn jannewaris 2011 útkaam yn Frankryk. Hessel doelt hjirmei op Jean Moulin dy’t wichtich wie foar it Frânske ferset yn de Twadde Wrâldkriich. It gie benammen om de wearden yn it programma dat op 15 maart 1944 oannommen waard troch de Nasjonale Ried foar Ferset. Moulin wie doe al oppakt troch de Gestapo en dearekke op transport nei Dútslân. Want neffens Hessel “De ces principes et de ces valeurs, nous avons plus que jamais besoin.” Yn oersetting: “Dizze prinsipes en wearden hawwe wy nedich, hjoed, mear as ea.”

 

It is in tige nijsgjirrich pamflet.

 

Indignez-vous komt fan ‘s’indigner’ en betsjut ‘josels lilk meitsje oer ûnrjocht’ en der is genôch reden foar, neffens Hessel. Fan it lytse boekje fan mar 30 siden waarden yn de earste oanset 6.000 printe. Yn datselde jier kochten yn Frankryk mear as twa miljoen minsken it. Al yn maaie kaam der in Nederlânsktalige oersetting ‘Neem het niet’ en ûndertusken is it oerset yn tsientallen oare talen lyk as ‘Time for outrage’ yn it Ingelsk of yn it Dútsk as ‘Empört Euch’.

Sa is Hessel tige kritysk oer it grutte ferskil tusken earm en ryk. Dat ferskil wurdt wat langer wat grutter. Hy besteget omtinken oan de rjochten fan de minsk en de tastân op ierde. Dat betsjut bygelyks dat der in frije parse wêze moat. Yn dat ferbân is it aardich om te ferwizen nei de tastân yn Poalen dêr’t it hjoeddeiske regear besiket om de media oan bannen te lizzen. It betooch fan Hessel is sadwaande tige aktueel. Ien fan de dingen dy’t de measte diskusje en wjerstân oprôp, wie it pleit dat Hessel yn ‘Indignez-vous’ hâldt foar de posysje fan de Palestijnen dy’t troch Israël yn de nederklits hâlden wurde. De skriuwer ropt op ta in geweldleaze opstân tsjin it minachtsjen fan de swakken, tsjin de massakonsumpsje en konkurrinsje fan allen tsjin allen. It is in tige nijsgjirrich pamflet.

Stéphane Hessel waard berne yn 1917 yn Berlin en flechtte op de leeftyd fan 17 jier mei syn âlden nei Frankryk. Hy studearre dêr filosofy. Yn de oarloch wie er aktyf yn it ferset, flechtte yn 1941 nei London, mar kaam yn maart 1944 wer nei Frankryk om yn it geheim mei te wurkjen oan de tariedingen foar de ynfaasje. Hy waard op 10 july oppakt troch de Gestapo en kaam yn Buchenwald telâne. Hy oerlibbe dy ferskrikkingen troch moedich te wêzen – sa ûntkaam hy ûnder in transport – en mei troch gelok. Nei de oarloch wurke hy as diplomaat yn New York mei oan it opstellen fan de ‘Déclaration universelle des droits de l’ homme’. Letter waard er ambassadeur fan Frankryk by de VN. Hessel is stoarn op 27 febrewaris 2013. In man dy’t in foarbyld is foar de politisy fan ús tiid.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.