In Fryske God of God yn it Frysk

GERBEN DE VRIES – 

Sprekt of ferstiet God eins wol Frysk? Yn myn jeugd kaam der by ús thús wolris in âlderling del. De petearen giene altyd yn it Frysk, mar at der bidden wurde moast, barde dat yn in Nederlânsk mei in swier aksint. Dat fûn ik as jonkje altyd wat apart. Krekt as koe God him mei it Frysk net sa goed rêde. Dat skeat my yn it sin doe’t ik in pear wiken lyn wat yn de dissertaasje fan Ab Flipse omsneupte, ‘Christelijke wetenschap: Nederlandse rooms-katholieken en gereformeerden over de natuurwetenschap, 1880-1940’. It foel my nochal ôf. Benammen troch de ûnkrityske hâlding fan de auteur. Mar sa kaam ik der wol op dat noch in boek oer Kristlike organisaasjes yn hús hie: ‘De Kristlik-Fryske Beweging yn de tweintichste ieu’ fan Jan Popkema.

Sprekt of ferstiet God Frysk? It klinkt yn earste ynstânsje faaks wat flau, mar it rekket wol de essinsje fan it fraachtstik. It giet nammentlik om de taal fan de kollektive en yndividuele kommunikaasje mei God. Sûnder dat Popkema dat as sadanich beneamd, is it ek in typysk Protestansk probleem. By de Katoliken, Joaden en Islamiten wie en is der altyd in offisjele religieuze taal, respektievelik it Latyn, it Hebreeuwsk en it Arabysk. Pas nei it Twadde Fatikaanske Konsily fan 1962-1965 waard ek by de Katoliken de klam lein op ferkûndiging yn de folkstaal.

 

God kin by eintsjebeslút Nederlânsk en Frysk ferstean en nei alle gedachten ek wol Stedsfrysk en Bildts.

 

Yn it Protestantske Nederlân wie der yn de praktyk lykwols mar ien tsjerketaal, it Nederlânsk. It wie dan ek net sa frjemd dat prediking en gebed by alle Protestantske denominaasjes yn it Nederlânsk plakfûn. Fan de 17-de en 18-de iuw ôf waard it Frysk troch taalkundigen dan miskien wol sjoen as in aparte taal, it hie yn it earstoan gjin inkeld gefolch foar it Frysk yn tsjerken. Troch it grutske part waard it Frysk no ienris beskôge as in boeredialekt. Ek yn de 21-ste iuw fielt it grutste part fan de Nederlanners dat noch hieltyd sa, al is der ergens wol in faach besef dat it Frysk in ‘echte’ taal is.

Sûnder dit histoaryske kader is it net sa maklik it stribjen fan de troch Popkema ûndersochte selskippen te begripen. It Kristlik Frysk Selskip (KFS), it Rooms Frysk Bûn (RFB), it Griformeard Frysk Selskip (GFK) en de Kristlik Fryske Mienskip op Frijsinnige Grûnslach (KFM) gienen út fan in eins folslein Frysktalich Fryslân dat spitigernôch dominearre waard troch it Nederlânsk by oerheid, ûnderwiis en tsjerke. De grimmitige reaksjes op de opmerkingen fan biskop Gerard de Korte, makke by it ferskinen fan dit boek, binne dêr noch in lette echo fan. Doe waard de klam lein op it rjocht fan it brûken fan de eigen taal binnen eigen domyn.

Frisist en neerlandikus Jan Popkema publisearre yn 2008 al de blomlêzing ‘Mei it wiffe skip: nei hûndert jier Kristlik Frysk Selskip’. De lêste fan de fjouwer selskippen en dy rûn ek al nei de ein. Yn dat opsicht is dit boek in soart fan rekwiëm, ta de neitins oan elk dy´t yn it ferline war dien hat it Frysk yn it religieuze en ek oare dominen te sterkjen. It begûn yn 1908 mei it KFS. Dit wie yn namme in gearwurkingsferbân tusken Grifformearden en Ortodoks-Herfoarmen, mar wie feitlik in Grifformearde mantelorganisaasje mei de Herfoarme dûmny Wumkes derby, dy’t yn 1915 de earste offisjele preek yn it Frysk hold.

Feitlik wiene it benammen de Grifformearden dy’t prinsipiële beswieren hienen tsjin it Frysk yn it tsjerke. Foar har wie de ‘Tale Kanaäns’ de hillige taal en dy koe net samar ynwiksele wurde foar de folkstaal. It GFK waard dan ek yn 1930 spesjaal oprjochte om de ‘nationalistyske’ KFS fan Eeltsje Boates Folkertsma de wyn út de seilen te heljen. Dat slagge net. De Rooms-Katoliken sieten der net sa mei: foar har wie it Latyn ommers de taal fan it hillige en sa besjoen wiene it Nederlânsk en it Frysk yn prinsipe lykweardich.

Yn de praktyk wiene krekneamde organisaasjes yn it foarste plak in teken fan de ferpyldering dy’t yn de 20ste iuw oeral yn Nederlan plakfûn. Grifformearden, Katoliken, liberalen en sosjalisten krigen har partijen, organisaasjes en ferienigingen. It bliuwt lykwols in nijsgjirrige fraach wêrom’t de Ortodoks-Herfoarmen gjin eigen organisaasje stiften, lykas hja wol diene yn it leger en middelber ûnderwiis. Spitigernôch wurdt dy fraach yn it boek net beantwurde. In oar punt yn dit kreas fersoarge boek, mei in wat frjemd omslach (want wêrom krekt in ôfbylding út de easters-ortodokse religy?), is dat der hast gjin oandacht skonken wurdt oan de diskusjes binnen de selskippen. Soe der nea ien west hawwe dy’t de posysje fan it Stedsfrysk of de twataligens behannelje woe? En moast der bidden wurde yn geef Frysk of wie dat gjin punt fan oarder?

Mei troch it wurk fan benammen it KFS waarden al foar de Twadde Wrâldkriich grutte suksessen behelle. Der kaam romte foar it Frysk yn it ûnderwiis, de Bibel en de psalmen waarden yn it Frysk oersetten en de Kristlike Fryske Folksbibleteek waard in klapper. Lykwols, nei de besetting naam it animo foar de selskippen hurd ôf. De drive wie der wat út. Geandewei moasten de measten it demokratysk tekoart fan har stribjen wol erkenne ek al waard dat noait lûdop sein. It Frysk hie grif romte yn de tsjerke krigen, mar út enkêtes die dúdlik bliken dat it de minderheid wie dy’t mear oandacht foar de folkstaal woe. Yn it leger, en letter it basisûnderwiis, wie deselde ôfhâldendheid te sjen. De lêste jierren wurdt dan wat mear de fokus lein op twataligens. God kin by eintsjebeslút Nederlânsk en Frysk ferstean en nei alle gedachten ek wol Stedsfrysk en Bildts.

 

De Kristlik-Fryske Beweging yn de tweintichste ieu, Jan Popkema. Bornmeer, 2014. 448 siden, €25,00.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.