In Fries yn India
Fan ’t maitiid ferskynt de mânske blomlêzing Earthskin by Copper Coin Publishing yn New Dehli. David Colmer sette tachtich gedichten út acht bondels oer fan Elmar Kuiper yn it Ingelsk. Der is in neiwurd fan Geart Tigchelaar. It lúks útjûn boek krijt syn fjoerdoop ûnder de New Dehli World Bookfair, dy ’t tusken 25 febrewaris en 5 maart hâlden wurdt. Yn maaie sil yn Tresoar in feestlike presintaasje hâlden wurde.
Copper Coin is in ûnôfhinklike meartalige útjouwer en is tawijd oan it fieren, koesterjen en behâlden fan de bêste stimmen yn Yndiaaske en wrâldpoëzy, non-fiksje en fiksje. Copper Coin publisearret yn it Ingelsk, Punjabi, Marathi en Hindi. It bedriuw waard yn desimber 2013 oprjochte troch de dichter en oersetter Sarabjeet Garcha.