fotografy: Carl Mydans, LIFE Magazine, 1963

In aldersmoarchste moard

ARJAN HUT – Op 22 novimber 1963 wurdt presidint John F. Kennedy deasketten yn Dallas, Texas. Syn dea soarget foar in skokweach dy’t de hiele wrâld oer giet. De skiednis komt yn ferskate lietteksten werom, bygelyks by Guns N’ Roses (And in my first memory they shot Kennedy, Civil War, 1991) en The Rolling Stones (I shouted out who killed the Kennedys?, Sympathy for the devil, 1968). Nochris tsien foarbylden fan artysten dy’t referearje oan de moard op JFK:

10. Frits Barth

Elkenien dy’t âld genôch is, skynt noch te witten wêr’t er wie by it hearren fan de dea fan Kennedy. LIFE-magazine fotograaf Mydans krijt op de redaksje yn New York de jûns nei de moard de opdracht om in sfearfoto te meitsjen. Hy giet nei it stasjon en pakt in trein. Sa’t hjoed hast elke treinreizger yn syn of har mobyltsje hinget, sa sitte de minsken dy reis allegear achter in krante mei de lêste berjochten út Dallas. De Snitser muzikant bringt begjin 2021 in album út mei ynstrumintale stikken ynspirearre op foto’s en skilderijen en ien fan dy foto’s is Mydans syn The News of Kennedy’s Assassination.

9. Connie Francis

Freed 22 novimber is noch net foarby, of it earste liet oer de dea fan JFK wurdt al skreaun. Tekstdichter Herb Kretzmer en komponist David Lee fabrisearje In the summer of his years. It is in dei letter live op de BBC te hearren, songen troch Millicent Martin yn in spesjale edysje fan it satiryske programma ‘That was the week that was’. De populêre Amerikaanske sjongeres Connie Francis nimt der in eigen ferzje fan op. Opfallend is dat Kretzmer skriuwt dat de dreamen fan in grutte groep kiezers stjerre mei harren presidint. De âldere generaasje nimt it stokje wer oer yn Washington. Broer Robert Kennedy besiket yn 1968 presidint te wurden, ek hy wurdt deasketten.

A shot rang out like a sudden shout
And Heaven held its breath
For the dreams of a multitude of man
Rode with him to his death

8. The Byrds

Roger McGuinn, sjonger en ferskeskriuwer, is de jûn nei de moard ek al mei in ferske yn it spier. Hy nimt de traditional He was a friend of mine en skriuwt, mei de ynformaasje dy’t dan foarhannen wie, in nije tekst op de âlde melody. “I wrote the song the night John F. Kennedy was assassinated. I suppose you could say it’s one of the earliest Byrds songs.” It risseltaat is te hearren op de elpee Turn! Turn! Turn! (1965) fan The Byrds.

He was in Dallas town, he was in Dallas town
From a sixth floor window a gunner shot him down

7. Saxon

From Dallas, Texas, the flash — apparently official — Presidint Kennedy died at 1 p.m. Central Standard Time, 2 o’clock Eastern Standard Time, some 38 minutes ago”, seit Walter Cronkite fan CBS news tsjin it folk dat massaal foar de telefyzje siet. Dy wurden daverje noch nei yn 1981, yn de klassiker Dallas 1 PM fan de Britske heavy metal band Saxon. De hollebatsers tinke werom oan de tiid dat se as jonkjes foar de tv sieten.

Is he dead?
No one will say
Around the world
The news was flashed
We sat and watched

6. Tori Amos

De first lady, Jacqueline Kennedy-Bouvier, sit njonken har man yn de iepen limûsine  wannear’t kûgels fan alle kanten lykje te kommen. Se draacht in opfallend, rôze mantelpak, mei in bypassende pillbox-hoed. De presidint leit stjerrend op har skoat as de wein nei it Parkland sikehûs koerst. Se ferstrûpt har net en hat, as se de jûns yn Washington út Air Force One stapt, noch altyd deselde yn bloed wosken klean oan. Tori Amos is op 22 novimber 1963 in poppe fan presys trije moanne. Jackie’s Strength ferskynt op har cd From the Choirgirl Hotel (1998).

A Bouvier till her wedding day
Shots rang out the police came
Mama laid me on the front lawn
And prayed for Jackie’s strength

5. Erikah Badu

In kommisje fan wize mannen, ûnder de namme fan opperrjochter Earl Warren, konkludearret dat Lee Harvey Oswald de presidint deasketten hat fanút ‘the sixth floor window’ fan ‘e Texas School Book Depository. Dat sit yn in kantoargebou oan it Dealey Plaza, in parkje oan de râne fan de binnenstêd fan Dallas. De meast warbere leden fan de kommisje binne Allen Dulles (spesjalist yn moard en mislieding, as CIA-direkteur ûntslein troch Kennedy) en Gerald Ford. De lettere presidint Ford makket foar syn werferkiezingskampanje yn 1976 in reklamefilmke dêr’t er yn in iepen limûsine triomfantlik troch Dealey Plaza rydt. Yn 2010 nimt Erikah Badu, ynwenner fan Dallas, in klip op yn Dealey Plaza foar har single Window Seat. Sy rint by de Texas School Book Depository del, wylst se harsels útklaait. Dan wurdt se troch in ûnsichtbere skutter ûnder fjoer nommen. 

4. Spirit of the west

De Texas School Book Depository rekket nei ‘63 yn ferfal, mar it gebou wurdt yn de jierren santich fan de ûndergong rêden en is tsjintwurdich yn gebrûk as ‘The Sixth Floor Museum’. De Kanadeeske folkrockband Spirit of the West beskriuwt in besite oan it museum yn Sixth Floor (1993) en is kritysk op wat der oerbleaun is fan it byld fan Kennedy, en de toeristyske attraksje dy’t Dealey Plaza wurden is.

Suitable for family viewing, cracked a joke about who he was screwing.

3. Misfits

(De grouwélichste bydrage yn dizze list, net foar gefoelige sielen!) Wa fermoarde Kennedy? De konklúzjes fan de Warren Kommisje binne helder, mar strike net mei it bewiismateriaal. En dan is der ek in hiel soad bewiis net beskikber. (Of kwyt, in list mei 500+ foarbylden lêze jo hjir). Hawar, troch de jierren hinne is troch allerhanne spekulanten de skuld dellein by ûnder oaren Fidel Castro, de Sovjet Unie, de maffia, Kennedy’s opfolger Lyndon Johnson, de Mossad, de CIA en it Pentagon. De punkers fan Misfits jouwe yn Bullet (1978) Texas de skuld, foardat se oergeane yn in masturbaasjefantasy oer de first lady. 

Texas is an outrage when your husband is dead
Texas is an outrage when they pick up his head
Texas is the reason that the president’s dead

2. Was (Not Was)

De hiele karavaan troch Dallas, mei Kennedy en syn selskip foarop, moat in skerpe bocht nimme om Elm Street op te riden. Se minderje faasje. Krekt even letter klinkt in salvo, de sjauffeur fan de presidinsjele wein skrikt. De limûsine stiet hast stil as der noch in salvo klinkt en in reade halo spat om de holle fan de presidint. Jackie Kennedy krûpt op de kofferbak en pakt in stik fan de harsens fan har man. Secret Service-agent Clint Hill sprint fan de folchwein nei foarren en hellet de limûsine yn. Dan pas reagearret de sjauffeur sa’t it moat, de wein sjit ûnder de Triple Underpass troch, folge troch de rest fan it sirkus, wylst de minsken oan de kant fan de wei begjinne te snokken en gillen. Guon miene dat de auto hielendal stil stie ûnder de sjitterij. De FBI siket it út, oan de hân fan amateurfilmbylden en berekkenet foar de Warren Kommisje dat de limûsine mei ûngefear ’11 miles per hour’ oer Elm Street ride, en nea hielendal stoppe. Sa komt Was (Not Was) oan de titel 11 MPH. It ferske stiet op it album What’s Up, Dog? (1988).

At the time and place agreed
They pulled their limousine
Down Elm Street slow and clean
Lead fell like a shower
At eleven miles an hour

1. Bob Dylan

Bob Dylan, Nobelpriis foar de Literatuer-winner, pakt op syn lêste album Rough en Rowdy Ways (2020) út mei in ballade fan leafst 17 minuten oer de moard. Hy draait der net omhinne, as er ferhellet fan ‘they blew of his head’, oftewol, ‘they’, net ‘he’. As in bern fan Walt Whitman dichtet de âlde bard derop los. Hy sjongt oer Dallas, de politike omstannichheden, it teater fan de Kâlde Oarloch. Hy beneamt ek de postume moard op JFK, it ôfbrekken fan syn reputaasje yn kranten, tv-programma’s en dokumintêres. Op de single en op de achterkant fan de elpee stiet in portretfoto fan Kennedy. De earste Billboard nr. 1 (Digital Song Sales chart) foar Dylan, dy’t dochs al wat jierren meidraait. Sawol kollega-artysten (Springsteen, Neil Young, Nick Cave) as rocksjoernalisten priizgje Murder most foul as ien fan Dylan syn meast yndrukwekkende stikken. 

Then they blew off his head while he was still in the car
Shot down like a dog in broad daylight
Was a matter of timing and the timing was right
You got unpaid debts, we’ve come to collect
We’re gonna kill you with hatred, without any respect
We’ll mock you and shock you and we’ll put it in your face
We’ve already got someone here to take your place

Bonus:

Muse

Presidint Kennedy hâldt in speech foar de American Newspapers Publishers Associaton op 27 april, 1961. De Ingelske band Muse set in diel fan dy taspraak ûnder de titel JFK op it album Drones (2015) en lit Kennedy syn stim oergean yn Defektor. Sjonger Matthew Bellamy set him ôf tsjin in systeem dêr’t de media yn tsjinst steane fan in oerheid dy’t yn it tsjuster fan geheimhâlding operearret. 

Its preparations are concealed
Not published.
Its mistakes are buried
Not headlined.
Its dissenters are silenced, not praised.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.