fotografy: Niels Westra

‘Ik besykje de gerdinen op ’e nij te iepenjen’

MARITA DE JONG – 

Byldzjend keunstner Sjoerd de Vries hat oant en mei 11 maaie in tentoanstelling yn it Haags Gemeentemuseum. Yn de (twatalige) katalogus set keunstkritikus Rudy Hodel him del as in persoan dy’t op ’e siik is nei de wierheid yn himsels en dêrby oant grutte djipte daald is. Al syn portretten binne yntinse lânskippen fan de siel, dêr’t tearens en agresje in ynlik ferbûn yn sluten hawwe. “De oarsprong fan Sjoerd de Vries is ek de oarsprong fan syn wurk.” In petear mei de keunstner, dy’t no lanlik trochbrekke kin: “Ik moat mei it wetter foar de dokter en ha in soad lêst fan plankekoarts.”

De Vries is yn 1941 berne yn Aldehaske. Hy wennet mei syn frou Dalinda en dochter Sjorsje, dy’t yn maaie twa jier wurdt, yn Ljouwert en hat syn atelier yn it Hearrenfean.

Dat is myn slimste nachtmerje. Dat al myn wurk fan de muorren skuord en fuortdondere wurdt.

 

Sjoerd hat mar inkelde lessen folge oan de keunstakademy Minerva yn Grins. Hy wie in dreech yn te passen studint. In 1963 ferhuze er nei Ljouwert en ferhierde himsels as lânarbeider. Yn syn frije tiid skildere er op in eigensinnige wize. Gers en reid waarden net tekene mar yn it papier skrast. As materiaal brûkte Sjoerd it ‘gelaagde karton’ fan boekbânen. Hy bewurke it mei strykizer, mes en lym. Dy technyk brûkt er no noch.

De Vries: “Myn earste konfrontaasje mei it lânskip wie troch it grutte rút boppe it oanrjocht yn myn âlderlik hûs. We wennen oan de Haskerdyk. Ut it rút koene je oan Terherne ta sjen, de moeder en kind (2002) sjoch ek it achteromslach hiele Haskerveenpolder oer. It lânskip yn in passe-partout. De driging kaam fan de loft dêrboppe. It waar, dêr bin ik noch altyd mei dwaande. Myn heit wie in soarte fan ‘waarprofeet’. Hy hie astma. It waar spile in wichtige rol yn syn libben, fanwege syn sykte. Hy hie eangst foar hege wyn, dan krige hy it benaud. Boppedat wie hy de soan fan in fisker, in beropsgroep dy’t ek in soad mei it waar te krijen hat.

“Yn myn legere skoalletiid, libbe ik my artistyk út mei in stik dakpanne. Ik tekene op de Haskerdyk, in tardyk. Jûns, nei it bôle-iten, mocht ik noch efkes nei bûten. Dan tekene ik foar publyk. Diken fol hynders mar ek wol ‘naakten’. Ik seach wolris ôfbyldingen fan froulju op sjippemerken of moaie blondines op sjampoo. Fanôf de jierren dat ik mysels ûnderskiede koe, tekene ik. Op myn santjinde is dat delbêde. Je krigen krityk, dan lieten je it wol. Myn ûnbefongenheid krige in knau.

“As jonkje seach ik it selsportret fan Velasquez op it sigarebantsje fan de sigaar dy’t ús heit smookte. Ik seurde der altiten oer tsjin minsken dy’t op besite kamen. Ik fûn it in ‘magic’ portret. Se ha my doe nei de lêsseal yn it Hearrenfean stjoerd. Yn de bibleteek ûntwikkele ik my op it yntellektuele mêd. Ik hie wol troch hokker kwaliteiten in skilder hawwe moast.

“Hiele reeksen plateboeken ha ’k besjoen. Doe’t ik it selsportret fan Herman Kruyder seach, wist ik genôch. Dat wie sa allessizzend. Ik ha altyd yn ’e betsjoening west fan midsieuske portretten. Se dogge sa modern oan. Dy skilders wiene net bewust mei keunst dwaande, mar besochten saken oanskôglik te meitsjen. Ik fiel my ferbûn mei dy skilders. Mar ek mei Van Gogh. Hy wie myn grutte foarbyld. Syn manier fan skilderjen, yn folsleine helderens. Dat is ek ien fan myn doelstellings.

“Van Gogh hat altyd libbe mei in ferskuorrende twifel oft hy syn doelstelling helje koe. Dat is swier. Hy hat in hiel soad yn gong set. Van Gogh hie in hiele nije fisy op de skilderkeunst. Ik besykje dy gerdinen op ’e nijte iepenjen. Mar ik ha deselde twifels. Ik dream wolris dat myn wurk fan a oant z fout is. Dat is myn slimste nachtmerje. Dat al myn wurk fan de muorren skuord en fuortdondere wurdt.

“As jongeman wie ik sa frij as in fûgel. Mei myn bruorren en susters hie ik neat. Se wiene allinnich mei materiële saken dwaande. Dêr koe ik net mei út de fuotten. As ik myn freonen út dy tiid neigean, krige ik de measte frijheid fan myn âlden. Sa wiene se gewoan. Heit wie sels ek frij grutbrocht. Op syn tolfde wie hy in folwoeksen ynkommensfersoarger. Hy gie mei de hûnekar mei iel by de doarren lâns. Blykber woe der dat evangeelje trochjaan. Hy wie in man dy’t min wat ferbiede koe. Myn âlden ha doetiids in djippe yndruk makke op Thom [Mercuur]. Se hiene in brede belangstelling en wiene polityk bewust. Ik mocht altyd graach thúskomme. Dan gie ik mei heit in ein te rinnen. Ik ha noch wolris spyt dat ik de lêste jierren fan syn libben net twa kear yn ’e wike nei Aldehaske reizge bin om mei him te rinnen.

“Ik ha in jier of acht fanatyk sporten. Doe rekke ik sosjaal út myn evenwicht omdat ik gjin wurk socht. Fan myn sânde jier ôf wist ik dat ik skilderje woe. Mar dy ferskuorrende twifel oft ik dat technysk wol koe. It hat oant myn tritichste duorre foar’t ik der oerhinne wie. Ik kaam yn Florence en seach wurk fan myn favorite master Pierro della Franscesca en ik ûntduts dat it minskewurk wie.

“Ik wie stomferbaasd dat wat ik makke, akseptearre waard troch in figuer as Boele Bregman. Thom hat my ek daalks yn syn hert sluten by it sjen fan myn earste wurk. Mei dy wurdearring koe ik myn wankele libben folhâlde. Keunstners ha altyd sjoen dat ik it wol koe. Hoe slim ik der yn myn minne tiid ek oan ta wie, ik koe altyd by se oanklopje. Ik bin altyd achte troch de keunstwrâld. Dat hat my oerein holden.

“Achttjin jier lang bin ik oan de drank west. Ik hie eangst foar de takomst. Dy eangst hie my yn ’e greep. Mei drank op dogge jo rare dingen. Ik stean no tolve jier droech. Dy kranksinnige buien binne der net mear. Doetiids wie ik te hautain om it oan minsken út te lizzen. It wie in perioade fan totaal trochdraaide emoasje. Dochs ha ik altyd, ek yn de tiid dat ik dronk, in strak skema hân. Jier yn, jier út, gie ik op deselde oere en tiid de kroech yn. Ik freegje my no wolris ôf hoe ik dat doe die. Ik wurke gewoan troch. No libje ik ek yn in fêst patroan. Yn dy dissipline belibje ik myn frijheid.

Mar ik moat de juste motivaasje hawwe om te skilderjen. Troch hûnderttûzen dingen kin dy fersteurd wurde.

“Moarns om fiif oere kom ik fan ’t bêd ôf. Dan kuierje ik fan myn wenning yn Ljouwert nei it stasjon. As ik oanrin, trije kertier, op myn gemak doch ik der in oere oer. Dan nim ik de trein nei it Hearrenfean. Eltse dei skoot it lânskip oan my foarby. As ik de foarige dei wat wiets achterlitten ha, gean ik earst nei myn atelier. Oars nei it biljert yn The Poolbrothers oan de Gedempte Molenwijk. Der ha ik in kaai fan. Dan train ik fan sân oant acht oere. As ik ûnder it biljerten kreatyf bin, bin ik it op it atelier ek.

“It biljerten lost it probleem fan myn sportjeugd op. It is in jeugdfrustraasje dat ik myn sportkarriêre opjaan moast foar it keunstnerskip. Sport hat my nea loslitten. Ik wie Frysk kampioen hurdrinnen en koe goed reedride. Mar ik hie ek grutte bewûndering foar biljerters. As lyts jonkje snakte ik dernei om sa’n fint yn sa’n festje te wêzen. Tusken de middei train ik wer oardel oere, no yn it Snookersintrum oan it Kuperusplein. Ik bin al tolve jier yn training.

“Ik ha in ûnferwoastber ritme en planology. Mar ik moat de juste motivaasje hawwe om te skilderjen. Troch hûnderttûzen dingen kin dy fersteurd wurde. Alle betingsten moatte optimaal wêze, krekt as foar in sportprestaasje. It komt der op del, dat ik de hiele dei op myn iepenst wêze moat. As it ien kear sa fier is, wurkje ik op rûtine. As it net wol, bliuw ik net langer as in oere yn myn atelier. Wol it wol, dan wurkje ik net langer troch as in oere. Salang kin in minske syn konsintraasje fêsthâlde. Yn in oere deis moat it barre, dêr is myn hiele dei op ynrjochte. Ik bin der sa stadichoan oan wend, besjoen te wurden as ien dy’t mei de hannen yn ’e bûse rint. Ik bin ûnderweis nei myn atelier of nei it biljert. Sa lis ik twahûndert kilometer yn ’e wike ôf.

“Ik meitsje myn wurk foar de mienskip. It doel fan it meitsjen fan keunst, is de treastende wurking dy’t der foar minsken fan út gean kin. Myn lânskippen binne in eareteken oan de natoer. It reid kaam altyd boppe myn lytste stal út. Dat type lânskip makke in artistike ‘woeling’ yn my los. Mar hoe moast ik dat oppakke? Ik moast der in abstrakte fertaling foar fine. Op in middei foel it my ynienen yn hannen. Dy manier fan skilderjen fan in reidkraach, dat is in mazzel dy’tst ien kear yn dyn libben hast.

“Ik kin net sûnder it lânskip. Binnen wêze is problematysk foar my. Ik moat fierten sjen, oars wurd ik klaustrofobysk. De lânskippen dy’t ik eltse dei sjoch, re konstruear ik wer. Ik meitsje út al dy mooglikheden, al dy ympresjes, myn eigen lânskip. Miskien is it noch altyd dat stikje Sânlân út myn jeugd dat ik skilderje.

Ik libje yn in fêst patroan. Yn dy dissipline belibje ik myn frijheid.

 

“Ik ha de tentoanstelling yn Den Haach fan my ôfskood. Ik ha tsjin Thom sein: ‘It is dyn eksposysje.’ Ik bin it ûnderwerp. Ik moat mei it wetter foar de dokter en ha in soad lêst fan plankekoarts. Yn 1992 in oersjochstentoanstelling yn Ljouwert, dêrnei Laren en no nei Den Haach. It rollet mar troch. Ik bin tsien jier lang op wei nei de Olympyske Spelen. No bin ik selekteard en moat ik it wiermeitsje. Sa ûndergean ik it.

“Neat wurdt better as je âlder wurde. Dat jout stof ta tinken. Rinnende wei kom ik oer dy somberens hinne. Myn sportive libbenswize helpt my ek. Ik bin genêzen fan myn depresjes. As de angst wer op my ôfkomt, slach ik earder werom. De drank hat fan dy depressiviteit syn eigen ferhaal makke. De alkohol hat my meinaam op in woaste stream. En dy stream wie woest, dat kin ik dy fersekerje. Net in dei koe ik sûnder fjirtich glêzen bier of in liter sterke drank. Mei in pakje shag koe ik net ta. Dat hat achttjin jier duorre. It lêste jier wie ik deasiik.

“In pear kear ha ik in wûnder belibbe. Ik ha twa kear de drank stean litten. Fan de iene dei op de oare. Dat barde as it libben myn folle oandacht hie. It hie mei de ‘healing’ fan it hert te meitsjen. De tredde kear hie it brutsen hert gjin fet mear op my. Doe sette de genêzing yn. Der is neat op ierde dat my wer oan de flesse bringe kin. Ik bin net mei de drank ophâlden, de drank is mei my ophâlden.

“Ik wol wurk meitsje dat de wrâld ferbaasd. Ik bin siik fan ambysje. As ik in pear dagen neat kin, ferûntrêst my dat net mear. Dat wie froeger oars. Ik fielde it as in bedriging. As yn de natoer needwaar op komst is, rekket de natoer yn de war. Sa ha ik myn libben lang trochbrocht, mei dy eangst. No begryp ik wêr’t dat gefoel weikomt en kin ik der better mei omgean.

“It fak fan keunstner is te serieus om lullich oer te praten. Ik ha it idee, dat it sicht op de skilderkeunst fuort is. Der moatte dúdlike easken út de keunst sels steld wurde. Njoggenennjoggentich persint fan wat der makke wurdt, is âlderwetsk gedoch. It ferfal is om-en-de-by 1950 ynset, doe’t Amearika Europa binnen kaam. Keunst hie foar de oarloch gjin sukses nedich. Mar de Amerikaanske ‘view of life’ is in twangmjittige hâlding. Je moatte sukses ha, oars telle je net mei.

“Ik bin noch altyd oant op de bonken motivearre. Oer skilderkeunst reitsje ik net útpraat. Soms kin ik rekke wurde troch myn eigen skilderijen. As ik de goeie dingen werom sjoch, fyn ik it ‘shockerend’ om te merken dat het nivo gâns heger leit, as yn myn ûnthâld. De lof dy’t de lêste tsien jier oer my útstruid is, hat my in djippe gerêststelling jûn. Ik kin stelle dat ik fjirtich jier lang, elts jier, in hânfol skilderijen makke ha, dy’t boppe de middelmaat útkomme. Dêr bin ik grutsk op, it jout my in goed gefoel.”

 

Earder publiseard yn de Moanne, 2 (2003),  2 (maart) s. 3-6.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.