Hûndert pelikanen

Publisearre op 19 juni 2015

WENDY KENNEDY – 

In pelikane-sparpot. Dat stie heech op it ferlanglistje fan Jan Dirk van Ravesteijn. De teatermakker hat trije jier lyn it lytste Jugenstil-teater fan Europa De Vier Pelikanen oan de Twabaksmerk yn Ljouwert oprjochte. Foar dit teater wie Ravesteijn op syk nei in pelikane-sparpot.

“We krijgen geen subsidie, maar moeten het hebben van bijdragen van onder meer bezoekers. Hiervoor zocht ik een pelikanenspaarpot die we in het theater neer kunnen zetten.” Mar wêr fine je sa gau in pelikane-sparpot?

 

“Ze waren helemaal los gegaan: groot, klein en kleurrijk werk in allerlei vormen. En niet alleen keramiekwerk van pelikanen, maar ook tekeningen. Er werd met ontzettend veel passie aan gewerkt.”

 

Sparbarchjes
Van Ravesteijn komt fia fia by Daeldersplak yn Droegeham terjochte, in keunstwurkplak foar minsken mei in beheining. Daeldersplak is tsien jier lyn opset troch keunstner Betty Vogels en Karel Eringa. Op it stuit wurkje by Daeldersplak sechtsjin keunstners. Se meitsje benammen keramykwurk: fan ûnder oaren potten, fazen, kopkes oant sparbarchjes. “Ik zag de spaarpotten die ze gemaakt hadden, prachtig, en dacht hier zit ik aan het juiste adres!”

 

Eksposysje
“It plan wie dat al ús keunstners hjirmei oan’e slach soenen”, fertelt Karel Eringa. “En dat Jan Dirk dan ien útsykje koe. Sa hawwe it wolris earder dien mei in opdracht foar in dûnsferiening.” Mar al gau kaam it idee foar in eksposysje mei hûndert pelikanen. “Ze zijn hier in januari alle zestien geweest en hadden er ontzettend veel zin. Ze hadden er al allemaal ideeën bij”, aldus Van Ravesteijn.

“We binne der wol trije moanne mei dwaande west. Eltsenien wie hiel entûsiast, want wurkest ergens nei ta,” seit Eringa. “Ik ben een paar keer langs geweest toen ze aan het werk waren. Ik erg verbaasd over hoe gevarieerd alles was. Ze waren helemaal los gegaan: groot, klein en kleurrijk werk in allerlei vormen. En niet alleen keramiekwerk van pelikanen, maar ook tekeningen. Er werd met ontzettend veel passie aan gewerkt.”

 

Echte keunstners
“Krekt lyn wie de offisjele iepening fan de eksposysje en hjir binne we fansels mei syn allen hinne west. Dat wie in hiele happening”, aldus Eringa. “Ze waren ontzettend trots”, folt Van Ravesteijn oan. “Wat ik wel wil benadrukken is dat ik dit allemaal niet heb gedaan uit medelijden omdat het gaat om mensen met een beperking. Je ziet in dit werk zeker een artistieke factor. Je kunt zien dat ze hun ziel erin hebben gelegd en dat er een verhaal in zit.”

Bij Daeldersplak besykje se de keunstners in artistike ûntwikkeling troch meitsje te litten, lit Eringa witte. “Fansels komt it kreative fanút harren sels. Mar we probeare se bygelyks bepaalde techniken by te bringen en te stimulearjen ta perfeksje. Of se te ynspirearjen mei keunstboeken en regelmjittich nei musea te gean. Dan hawwe se in foarbyld dêr’t se dan harren eigen draai oan jaan kinne.”

En hoe sit it no mei de pelikane-sparpot, dêr’t it allegearre mei begûn? “Er staan verschillende in de expositie. Ik vind ze allemaal leuk, dus dat wordt nog lastig kiezen. Maar hier ben ik ook nog niet zo mee bezig. Ik concentreer me nu eerst op de expositie.”

 

De ekposysje ‘100 pelikanen’ is de hiele simmer eltse middei fergees te besjen fan 13.00 oere oant 17.00 oere yn teater ‘De Vier Pelikanen’ oan de Twabaksmerk 48 yn Ljouwert.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels