fotografy: Linus Harms

Hommaazje oan de lânarbeider

TSJOMME DIJKSTRA – 

Fiskers, lânarbeiders, boerefeinten, turfstekkers: yn de skiednis en ûntwikkeling fan Fryslân is in net út te flakken rol ferfolle troch withoefolle groepen arbeiders. It skynt sels dat de measte minsken dy’t hjoed-de-dei yn de provinsje wenje foarâlden hawwe dy’t arbeider wienen. Mar wat witte wy fan de neilittenskip en it libben fan ús foarâlders? Yn it projekt ‘Wat foarôf gie’ bringe keunstner Sjoukje Iedema, fotograaf Linus Harms en skriuwer/dichter Elmar Kuiper in earbetoan oan de gewoane arbeiders yn Fryslân; generaasjes nei elkoar dy’t it paad sljochten foar syn hjoeddeistige bewenners.

 

“Oandacht foar de terpen, en foar rike minsken. Mar wêr is de gewoane arbeider?”

 

It wie ûndersyk nei har eigen foarâlden dat Iedema op it ûnderwerp brocht. “Yn 2013 wie ik dwaande mei stambeamûndersyk nei de famylje fan ús pake, fan memmekant, in doarpstimmerman út Wânswert”, sa fertelt Iedema, dy’t dêrfoar ûnder mear berte-akten beseach fan ferskillende generaasjes fan har stambeam. “It foel my op dat de bern hast allegear op in oar plak berne wienen, plakken dy’t fier by elkoar wei leinen.” Iedema ûntduts dat har foarâlden seizoenarbeiders wienen. Ut nijsgjirrichheid begûn se har fierder te ferdjipjen yn it libben fan de generaasjes dy’t ús foarôf gienen. Iedema: “Doe hearde ik fan in meiwurker fan Tresoar ek noch dat de measte minsken yn Fryslân foarâlden hawwe dy’t lânarbeider wienen.” Sa ûntstie by har yn de jierren dêrnei it idee foar in keunstsearje. En op gegeven momint betocht se dat der yn dit jier ek wol in hiel moai poadium wêze foar it ûnderwerp. Want it giet yn wêzen om in ûndersyk nei wa’t minsken dy’t hjir wenje binne en wêr’t se weikomme.

Je hoege mar in pear generaasjes werom om yn it tiid te belânen dat in trochsnee famylje yn Fryslân yn ienfâldige omstannichheden en faak sels earmoed libbe. Bern yn dy húshâldings krigen noch gjin ûnderwiis. En op it lân en op it wetter waard manmachtich arbeide om genôch iten en ynkomsten te generearjen om yn it libbensûnderhâld fan alle Fryske famyljes foarsjen te kinnen. Iedema konkludearre dat dat bestean yn musea dy’t it Fryske ferline tentoanstelle net folle omtinken krijt. En dat fielt ûnrjochtfeardich, fynt se. “Oandacht foar de terpen, en foar rike minsken. Mar wêr is de gewoane arbeider?”, seit se oer wat se by it Fries Museum oanskôge. “De balâns kloppet net. It is yts dat ik mis. En as de balâns net kloppet wol ik der wat oan dwaan.”

Se die yngeand ûndersyk om it libben fan de generaasjes yn kaart te bringen en de tiid en omstannichheden dêr’t de minsken yn libben. Se besocht it libben fia ferskillende keunstfoarmen wêrby’t se mei in soad materialen wurken te ferbyldzjen. Dêrnêst behelle se fotograaf Linus Harms by it projekt. “Ik koe syn wurk en syn foto’s sprutsen my oan troch de waarme sfear.” Harms krige de opdracht om de Fryske grûn te fotografearjen en te spegeljen yn it hjoeddeistige libben. Under mear fia moderne gebouwen en it ferkear helle hy it ûnderwerp nei dizze tiid ta en lei hy de ûntwikkeling yn it libben fan de minsken fêst.

Ek dichter Elmar Kuiper wurke mei oan it projekt, yn de foarm fan byldzjend proaza mei it Fryske lân as tema. “It is in dokumint. Dat fertelt oer de measte Friezen”, seit Iedema oer it projekt. “En as je it ek noch psychologysk besjen wolle, dan lit it ek sjen dat minsken wiis wêze meie mei wa’t wy binne.” Yn tekenings, skilderijen, mixed media, grafysk wurk, fotografy en yn byldzjend proaza wurde de generaasjes foar ús eare. Earst yn de foarm fan in eksposysje en letter yn it jier in multimediapresentaasje.

It projekt sil op mear plakken as tentoanstelling te sjen wêze. Iedema: “Allegear plakken dêr’t de arbeid plak hie.” No binne alle fysike wurden te sjen yn Galerie Loof yn Jubbega. Dêrnei is in part fan it wurk te sjen yn Feanwâlden en yn it Hannemahûs yn Harns, oan see. Dêr is letter yn it jier de grutte eksposysje de Lage Landen te sjen. “Dêr slút it goed by oan”, stelt Iedema. Letter yn it jier wurdt it projekt as in multimediaal barren presintearre yn Tresoar, dêr is ek noch plak foar oare wurken dy’t net yn Loof te sjen binne. Iedema: “Wat ik fral hoopje is dat minsken deroer begjinne te praten.”

 

It projekt is oant en mei snein 4 febrewaris te sjen yn Galerie LOOF, iepen fan tongersdei oant en mei sjen tusken 13.00 en 17.00 oere. Adres: Gorredijksterweg 73, 8411KC Jubbega. Mear ynformaasje: https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad/agenda/3411106/wat-foarof-gie.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.